Christi Paul
Christi Paul | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Christi Paul | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 jannewaris 1969 | |
berteplak | Hongkong (Grut-Brittanje) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | nijslêzeresse, ferslachjouster, presintatrise | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | HLN, CNN | |
bekend fan | New Day | |
jierren aktyf | ±1990 – no | |
offisjele webside | ||
Christi Paul op Twitter |
Christi Paul (Hongkong, 1 jannewaris 1969), is in Amerikaansk sjoernaliste, ferslachjouster, nijslêzeresse, presintatrise, publisiste en sjongster. Hja is ien fan 'e bekendste gesichten fan 'e nijsstjoerders CNN USA en HLN, dêr't hja sûnt 2003 wurksum is. Njonken in karriêre yn 'e sjoernalistyk hat se ek in pear singles útbrocht, en fierders skreau hja it spraakmeitsjende autobiografyske boek Love Isn't Supposed to Hurt.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paul waard op nijjiersdei 1969 út Amerikaanske âlden berne yn Britsk Hongkong. Se groeide op yn it plak Bellevue, yn 'e steat Ohio, en die in stúdzje tillefyzjesjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Toledo, yn Toledo, dy't se ôfrûne troch in bachelorstitel te beheljen. Paul die mei oan ferskate skientmewedstriden, en wie Miss Mansfield, Miss Greater Cleveland (1991-1992) en behelle it trêde plak yn 'e Miss Ohio-ferkiezing fan 1993.
Sjoernalistike karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paul sette útein mei har sjoernalistike karriêre by de pleatslike stjoerder WDTV, yn Clarksburg, yn West-Firginia. Letter wurke se as ferslachjouster en presintatrise/nijslêzeresse by KTVB yn Boise, yn Idaho, dêr't se in ûnderskieding krige fan 'e Idaho Press Club foar har reportaazje oer Julianne Prudhomme, in fjouwerjierrich famke dat fiif orgaantransplantaasje-operaasjes ûndergien hie. Yn 1998 ferfear Paul nei Arizona, dêr't se yn Scottsdale wenne en yn Phoenix wurke, earste by de lokale stjoerder KNXV, en letter by de stjoerder KTVK, dy't by CNN oansletten wie. Yn har tiid dêre makke Paul û.o. in stik oer de Arizona Humane Society, de regionale bistebeskerming, dat hûnderten hûsdieren yn 'e asyls oan nije baaskes holp.
Yn 'e maityd fan 2003 stapte Paul oer nei HLN (Headline News), in lanlike nijsstjoerder dy't ta it CNN-konglomeraat heart. Dêr waard se fêst ferslachjouster en nijslêzeresse. Paul die û.m. live ferslach fan 'e sjitpartijen op Virginia Tech, yn 2007, en op in skoalle yn Newtown, yn Konnetikut, yn 2012, en fierders fan 'e ferwoastging dy't de orkaan Sandy datselde jiers oan 'e Amerikaanske eastkust oanrjochte en fan Barack Obama syn twadde ynauguraasje as presidint, begjin 2013. Teffens berjochte se oer ferskate opsjenjaande rjochtsaken, lykas dy tsjin Conrad Murray, de dokter fan Michael Jackson. Yn 2014 die se in eksklusyf fraachpetear mei fise-presidint Joe Biden, wêrby't se û.m. yngie op syn motivaasje om fanwegen te kommen tsjin húslik geweld en op 'e swierrichheden mei ynfiering fan it nije syktekostefersekeringsstelsel yn 'e Feriene Steaten. Sûnt jannewaris 2014 presintearret Paul, tegearre mei har kollega Victor Blackwell, njonken har wurk foar HLN, yn 'e wykeinen en fakânsjes ek it moarnstillefyzjeprogramma New Day, op susterkanaal CNN USA, dat troch syngroanútstjoerings ek faak yn Nederlân te folgjen is op CNN International.
Oare aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paul is de auteur fan it boek Love Isn't Supposed to Hurt ("Leafde Heart Gjin Sear te Dwaan"), in autobiografysk tsjûgenis wêryn't se fertelt hoe't sy omgien is mei ferbale en emosjonele mishanneling. Dêrnjonken hat se yn Nashville twa lieten opnommen, Wake Up in It en Free, dy't te finen binne op iTunes. Paul hat as sjongster optreden mei û.m. Grammy Award-winners Richard Marx en David Foster en hat ek ferskate kearen foarôfgeande oan basketbal- en iishokkywedstriden it Amerikaansk folksliet songen.
Paul sit ek yn it bestjoer fan 'e One Love Foundation, in goeddiedichheidsorganisaasje ta eare fan Yeardley Love, in studinte en lacrossespylster dy't yn 2010 deaslein waard troch har freon. Fierders is hja belutsen by de organisaasje Girl Talk Inc., dy't midelbere-skoalfamkes ynset as mentors fan famkes út 'e heechste klassen fan 'e legere skoalle (yn Amearika de middelskoalle neamd), mei as doel om selsfertrouwen yn jonge famkes fuort te sterkjen en narjen tsjin te gean. Op HLN waard troch Paul har tadwaan in segmint yn it nijsprogramma opnommen dat Find Our Children hjit. Dat wurdt gearstald yn 'e mande mei it National Center for Missing and Exploited Children (NCMEC) en freget de sjoggers om te helpen by it finen fan eltse kear in oar fermist bern. Yn 2012 kende it NCMEC Paul foar har ynset op dat mêd de prestizjeuze Hope Award ta.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Christi Paul is foar de twadde kear troud en hat trije bern. Foarhinne wie se troud mei korrespondint en nijslêzer Rob Koebel, mei wa't se yn 'e kunde kaam yn 'e tiid dat syn West-Firginia wurke. Letter ferhuze se mei him nei Idaho en Arizona. Paul stiet derom bekend dat se in koart ûnderdoarke is; yn 2014 publisearre se op Facebook in foto fan in presintaasjeklip foar CNN. Yn 'e klip binne sy en har kollega Victor Blackwell fan ridlik ferlykbere lingte, mar op 'e foto is te sjen dat Paul eins op hege hakken op in kiste foar kamera-apparatuer balansearret dy't wol 30 oant 35 sm heech is. It ûnderskrift by de foto is: "Ja, ik bin echt SA koart."
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Profyl fan Christi Paul op cnn.com
- (in) Folsleine filmografy fan Christi Paul yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |