[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tsjaad

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
République du Tchad
جمهورية تشاد
Gumhürïyya Tashäd
Flagge fan Tsjaad
Flagge
Lokaasje fan Tsjaad
Offisjele taal Frânsk, Arabysk
Haadstêd N'Djamena
Steatsfoarm presidintsjele republyk
Gebiet
% wetter
1.284.000 km²
-­%
Ynwenners (2004) 9.932.400
Munt CFA-frank (XAF)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 13 april
Lânkoade TCD
Ynternet .td
Tillefoan 235

De Tsjaad is in lân yn Afrika. De haadstêd is N'Djamena.

Geografy

Lizzing

It lân wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Tsjaad kin fan noard nei súd yn trije sônes yndield wurde:

  • De Sahara yn it noarden mei it Tibestyberchte mei as heechste punt de berch Emi Koussi (3415 m).
  • De Sahel yn it westen is in oergong fan de Sahara nei de Savanne. Sintraal yn dit diel fan Tsjaad leit de Tsjaadmar.
  • De Savanne yn it suden mei har rivieren by de grins fan Nigearia en Kameroen lâns, dy't nei de Tsjaadmar streame.

It suden hat in suver tropysk, bytiden wiettich klimaat, mei sa'n 1.100 mm rein yn it jier. It woastynklimaat yn it noarden hat oerdeis hege temperaturen en in lyts bytsje rein, sa'n 20–40 mm yn it jier. De berchgebieten yn it noarden hawwe sa'n 1.000 mm rein yn it jier.

Skiednis

Tsjaad waard yn 1902 in koloanje fan Frankryk. Nei't it yn 1960 ûnôhinklik woarn wie, begûn yn 1965 in boargerkriich. De moslimbefolking yn it noarden kaam yn opstân tsjin de belestings fan it regear en krige dêrby stipe fan Lybje, dat hawwe woe dat it rjocht op gebiet fan Tsjaad hie. Wilens wienen der ek strideraasjes tusken etnyske groepen yn it suden. Oan dy boargerkriich kaam yn 1996 in ein, mar troch de problemen yn Sûdan begûn yn 2003 in nije boargerkriich yn it easten fan it lân.