[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kelpie

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 jun 2020 om 02.04 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It skilderij The Kelpie, fan Herbert James Draper, út 1913.

In kelpie (útspr.: ['kɛlpi], likernôch: "kel-py") is in mytysk wêzen út 'e folkloare fan Skotlân yn 'e foarm fan in fan stal ferwikseljende wettergeast dy't rivieren, marren en puollen bewennet. Oer suver elts grutter oerflaktewetter yn Skotlân bestiet wol in ferhaal oer in kelpie, mar de measte fan dy teltsjes geane oer Loch Ness. De etymology fan it Skotske wurd kelpie is ûndúdlik, mar it hat perfoarst neat te krijen mei kelp, in soarte fan fluch groeiend seewier. Saakkundigen achtsje it mooglik dat it besibbe is oan 'e Skotsk-Gaelyske wurden calpa en/of cailpeach, dy't "rier", resp. "hynstefôle" betsjutte. It wurd waard, ynsafier bekend, foar it earst yn skreaune foarm brûkt (stavere as kaelpie) yn in manuskript fan 'e dichter William Collins, dat datearret fan koart foàr 1759.

Yn 'e ferhalen oer harren hawwe kelpies ornaris it foarkommen fan in hynder, mar binne se ek by steat om in minsklik stal oan te nimmen. Faak hat dat stal de foarm fan in tsjeppe jonge frou. Neffens guon teltsjes soene kelpies lykwols harren hoeven behâlde as se in minsklik stal oannimme, wat laat hat ta in assosjaasje fan harren mei de duvel, dy't ommers ek hoeven hawwe soe. De grutte Skotske dichter Robert Burns lei dy bân bygelyks yn syn gedicht Address to the Deil, út 1786. Kelpies ferskynden yn hynstefoarm faak mei in helter om en in seal op, wat minsken útnûge om harren te beriden. As immen lykwols yn it seal klom, kaam er dêr fêst te sitten, wêrnei't de kelpie ûnder wetter doek en syn of har berider ferdronk.

As in kelpie mei in eigen helter ferskynde, koed er soms deade of alteast fan syn macht ûntdien wurde troch dat helter los te snijen. As in kelpie sûnder helter ferskynde, wie it neffens de ferhalen foar in minske mooglik om it wêzen te fangen troch it sels in helter om te dwaan mei dêrop in kristlik krústeken. Dêrnei moast it wêzen dwaan wat de minske sei. Neffens ien folksferhaal soe de laird fan Morphie sa ris in kelpie fongen hawwe en twongen hawwe om stiennen te dragen foar de bou fan syn kastiel. Nei't er frijlitten wie, lei de kelpie, dy't dúdlik min te sprekken wie oer dy behanneling, lykwols in flok op it Hûs fan Morphie, dat it dêrmei nea goed gean soe salang't hy [de kelpie] yn libben wie. Neffens it folksleauwe wie dat de reden foar it útstjerren fan 'e aadlike famylje Morphie.

Kelpies lykje sterk op 'e bûzehappert út 'e Fryske folkloare, de niks út 'e folkloare fan Dútslân, it bäckahäst (letterlik "beekhynder") út dy fan Skandinaavje en it Welske wetterhynder of ceffyl dŵr. Ek bûten Jeropa komme yn folksferhalen en mytologyen soksoarte wêzens foar, lykas de wihwin fan 'e Yndiaanske folken fan Midden-Amearika en de bunyip fan 'e Australyske Aborizjinals. Folkloristen binne fan tinken dat de orizjine fan it leauwen yn boasaardige wettergeasten weromgiet op 'e minske-offers, dy't yn 'e prehistoarje brocht waarden om goaden tefreden te stellen dy't assosjearre waarden mei wetter. De ferhalen oer kelpies tsjinnen foarhinne yn Skotlân lykwols ek as berneskrik, om lytse bern bang te meitsjen foar iepen wetters sadat se derby wei bliuwe net ferdrinke soene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.