Poel
In poel (meartal: puollen), is in omsletten, stilsteand en ûndjip wetter, yn 'e foarm fan in lyts marke. It kin sawol in natuerlike oarsprong hawwe as troch de minske oanlein wêze as boarnplak foar fee, foar de opslach fan drinkwetter of bluswetter, of as fiskfiver.
Puollen yn it lânskip binne faak in oerbliuwsel fan in groeven boarnplak (dobbe) of mooglik wie it foarhinne in helpmiddel foar de regeling fan 'e wetterhúshâlding fan 'e omlizzende lânbougrûnen. By tefolle rein waard it wetter deryn opfongen, sadat it lân minder lêst fan grûneroazje hie. Tagelyk waard der dan in reserve opboud foar drûgere tiden.
Yn feangebieten binne puollen (petgatten) faak restanten fan 'e feanterij (it ôfgraven fan 'e feanlaach), en yn 'e sângrûnen fan 'e Belgyske Kempen hat de izerûntginning hjir en dêr puollen neilitten. Puollen oan 'e seedyk binne faak ûntstien as wielen, dy't by dyktrochbrekken útgroeven waarden troch it kolkjende seewetter.
Tsjintwurdich wurde puollen wurdearre om har' lânskiplike wearde foar floara en fauna. Der wurde sels nije puollen oanlein, om as briedplak foar wetterfûgels en biotoop foar amfibyen te tsjinjen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |