[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Flok (ûnheilsbeswarring)

Ut Wikipedy
In Aldgrykske flok út 'e 4e iuw f.Kr., gravearre yn lead.

In flok of ferflokking is in winsk dêr't op ritualisearre wize troch wurden of gebearten utering oan jûn wurdt, mei de bedoeling om in persoan, plak of foarwerp kwea te berokkenjen of tsjinrampen ta te bringen. It is fan oarsprong in soarte fan betsjoening dy't, om 'e bedoelde útwurking te hawwen, gebrûk meitsje moatte soe fan magy, hekserij of oare boppenatuerlike krêften, lykas de macht fan in god of geast. It tsjinstelde fan in flok is in seine. Motiven foar it oplizzen fan in flok kinne lulkens, ferjilding of wraak wêze. It leauwen yn 'e wurksumens fan flokken makket ûnderdiel út fan folkloare, byleauwe, sjamanisme en hindoeïsme. Om in flok op te heffen of te ferbrekken wurde faak wiidweidige rituëlen en gebedens nedich achte.

Der besteane ferskate spesifike foarmen fan flokken. Yn 'e hoodoo fan 'e Afro-Amerikanen út it Amerikaanske Suden komt de jinx foar, en teffens in foarm fan fuotpaadmagy wêrby't ferflokte objekten op it paad fan 'e bedoelde slachtoffers lein wurde en de flok aktivearre wurdt as dy deroerhinne stappe. De Mediterrane kultuer en de beskavings fan it Heine Easten binne de boarne fan it leauwen yn it saneamde boaze each (ek bekend ûnder de Italjaanske term malocchio). Dat wurdt gauris ornearre it resultaat te wêzen fan oergeunstigens, mar soms ek fan in opsetlike ferflokking. Om jin foar it boaze each te hoedzjen, is men in beskermjend foarwerp nedich dat makke wurdt fan in glêzen knikkert dy't dûnkerblau fan kleur is, mei in swarte stip yn 'e midden en in sirkel fan wyt dêromhinne, sadat it gehiel liket op in minsklik each.

In spesifyk gefal fan in flok (dat as sadanich popularisearre is troch de media), is de saneamde Flok fan de Farao's, dy't de argeologen troffen hawwe soe dy't de grêftombe fan farao Tûtanchamon iepenbrutsen hiene. In oar spesifyk gefal is de Flok fan Tecumseh (fan it njoggentjinde-iuwske Sjâny-opperhaad Tecumseh) dy't resultearre yn it ferstjerren foar't se harren termyn úttsjinne hiene fan 'e presidinten fan 'e Feriene Steaten dy't keazen wiene yn jiertallen dy't dielber wiene troch 20, begjinnend yn 1840. Mei't Ronald Reagan en George W. Bush net foar de ein fan harren termyn stoaren, is dy flok tsjintwurdich dúdlik net mear fan krêft.

Ek yn 'e Bibel komme ferskate flokken foar. Sa ferflokt God yn Genesis 3:14 de slange ("Op dyn liif silste gean," ensfh.), yn 3:16 Eva en mei har alle froulju ("Mei lêst silste bern krije," ensfh.), en yn 3:17-19 Adam en mei him alle manlju ("Mei it swit op 'e foarholle silste brea-ite," ensfh.). Yn Genesis 9:25 ferflokt Noäch syn jongste soan, Cham. Ek de Tsien Pleagen fan Egypte, dy't Moazes en Aäron yn Genesis 7 oant en mei Genesis 12 yn opdracht fan God oer Egypte komme litte, kinne beskôge wurde as flokken. Yn Jozua 6:26 ferflokt Jozua de man dy't Jericho wer opbouwe sil. Yn it Nije Testamint sprekt Jezus Kristus ferskate flokken út, û.m. tsjin 'e figebeam (Mattéus 21:19 en Markus 11:14) en tsjin 'e ûnleauwige stêden (Mattéus 11:20-24).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, en Further reading op dizze side.