[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Beamotter: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 77: Rigel 77:
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Masedoanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Monako]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Monako]]

De ferzje fan 13 feb 2019 om 15.51

Berjocht:Soarte útwreide De beamotter (alternative stavering: beamatter; Latynske namme: Martes foina), ek wol bekend de "beammarter" (wat in hollanistyske ynterferinsje is), is in sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Martes), dat yn it grutste part fan Jeropa foarkomt, wêrûnder ek Fryslân. Dizze soarte moat net betize wurde mei de nau besibbe stienmurd, dêr't er in protte op liket. Yn Nederlân genietet de beamotter de status fan beskerme bistesoart.

Fersprieding

De beamotter komt foar yn hast hiele Jeropa, útsein Yslân, súdlik en sintraal Ingelân, súdlik Wales, it uterste noarden fan Skandinaavje en Ruslân, súdlik Ruslân en de Koeban, de súdlike helte fan 'e Oekraïne en Moldaavje en it grutste part fan Grikelân en it Ibearysk Skiereilân. Bûten Jeropa is er ek lânseigen yn in diel fan westlik Sibearje, hast hiele Lyts-Aazje en parten fan Irak, Syrje en Iraan. As eksoat hat er him ek ferspraat nei de Baleären, dêr't er earst net foarkaam.

Uterlike skaaimerken

Fersprieding fan 'e beamotter.

De beamotter hat trochinoar in kop-romplingte fan 45-53 sm, mei in sturtlingte fan 23-28 sm en in gewicht fan 0,9-1,9 kg. Wyfkes binne dúdlik lytser en lichter as mantsjes. De pels fan 'e beamotter is dûnker- oant readbrún, mei griis ûnderhier. Hy hat in asymmetryske bef oer de strôt dy't gielich oant oranje is. Dat is ien fan 'e dingen dêr't er mei ûnderskaat wurde kin fan 'e nau besibbe stienmurd, dy't in wite oant krêmkleurige bef hat. Ek is de beamotter wat minder swier fan lichemsbou as de stienmurd, en hat er justjes langere poaten.

Biotoop

De beamotter hat in dúdlike foarkar far bosklân, wêrby't er it leafst yn nuddelwâlden of mingde bosken ferkeart. Somtiden is er ek yn iepener lânskipstypes te finen, salang't der mar genôch beskûl is yn 'e foarm fan beamte, strewelleguod, beamwâlen en hagen. Oars as de stienmurd bejout de beamotter him ornaris net yn 'e neite fan 'e minske.

Hâlden en dragen

Beamotters binne betûfte klimmers. As der winterdeis snie leit, libje se fral yn 'e beammen en ferlitte se mar komselden de bosk; yn snieleaze winters en oare jiertiden komme se ek in soad op 'e grûn. De beamotter hat in territoaria dat by mantsjes oprinne kin oant 1.000 ha, en dan ferskate territoaria fan wyfkes oerlapet. Sawol mantsjes as wyfkes meitsje lange ferkenningstochten en lizze de nacht yn trochsneed 2-7 km ôf.

Beamotterprinten yn 'e snie.

De beamotter is in nachtdier, dat pas aktyf wurdt as it begjin te skimerjen, al moat dêrby oantekene wurde dat er simmerdeis faker by ljochtskyndei op 'en paad is as de stienmurd. Hy liedt in solitêr bestean, behalve yn 'e peartiid, dy't fan juny oant augustus rint. Nei in ferlinge draachtiid fan 9 of 10 moannen, in ferskynsel dat by mear martereftigen foarkomt en bedoeld is om derfoar te soargjen dat de jongen yn 'e geunstichste tiid fan it jier te wrâld komme, folget in eigentlike draachtiid fan likernôch in moanne. Tusken heal maart en ein april wurde der dan 2-6 jongen smiten, dy't nei 6-7 wiken ûntwûn wurde en nei 8 wiken der foar it earst opút tsjogge. Oan 'e ein fan 'e simmer binne se dan folslein selsstannich. Aldere beamotters duldzje jonge bisten yn harren territoarium. Mantsjes binne fan 2 jier ôf geslachtsryp; wyfkes ornaris fan 3 jier ôf. In beamotter kin mei in protte lok yn it wyld 14 jier âld wurde. Yn finzenskip kinne se teminsten de 18 jier wol helje.

Fretten

Beamotters binne gjin tiere bisten en frette suver alle soarten proaien en fruchten dy't yn 'e bosk foarkomme. Winterdeis giet it dêrby fral om boskmûzen, wrotmûzen, iikhoarntsjes, mollen en pipermûzen. Fierders fret er ek wol hazzen, kninen, flearmûzen, ynsekten, wjirms en inkeldris ies. By 't maityd pakt er dêrnjonken ek fûgels en aaien. Mar simmerdeis en hjerstmis skeakelet er alhielendal oer op boskfruchten en hunich.

Status

De beamotter hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der wrâldwiid gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân, Belgje en Grut-Brittanje is er wetlik beskerme, mar yn in protte oare lannen mei er noch wol bejage wurde. Sûnt er syn beskerme status krigen hat, is de populaasje beamotters yn Nederlân wat oanwoeksen, wat foar in grut part te tankjen is oan 'e fergrutting fan syn areaal troch ekologyske ferbiningssônes. Dêrtroch komt er bgl. tsjintwurdich ek yn Flevolân foar.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.