[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Antyheld

Ut Wikipedy
Don Quichot, in opmerklik foarbyld fan in antyheld yn klassike literatuer.

In antyheld is in (haad)personaazje yn in ferhaal, toanielstik of film dy't gjin bewûndering mar begrutsjen of sels ôfkarring fertsjinnet, oars as de klassike held út de literatuer. It Ingelske wurd antihero dûkt foar it earst op yn 1714[1], mar de skelmeroman hie ek al antyhelden [2]

Antyhelden kinne pechfûgels wêze of minsken dy't oanderoan de maatskiplike leider steane. Mar in antyheld kin ek ien wêze mei dúdlike negative eigenskippen, sa as dommichheid (Lambik, Homer Simpson) of kwea gedrach (Eric Cartman, Tony Soprano).

In antyheld is, mei oare wurden, in personaazje dat net beskikt oer typyske 'heroyske' eigenskippen. Hy is net heldhaftich, knap, tûk, flink of sterk. It personaazje ropt dêrtroch gjin bewûndering op en it kin foar in lêzer of sjenner dreger wêze om him mei it personaazje te ydentifisearjen.

In antyheld kin ek swakke eigenskippen ha. Hy is bygelyks út op oerflakkich geniet, is maklik, lef of egoïstysk. Soms is hy populêrder as in echte held, om't er troch syn minsklike swakheden werkenber is foar in lêzer. Faak is in antyheld om dy reden realistysker as in held. Boppedat is in tradisjonele held foarsisber en foar in antyheld jildt dat net.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Etymonline
  2. Cees van der Zalm (gearstalling), Prisma van de letterkunde, 1990: Antiheld