[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Skelmeroman

Ut Wikipedy

De Skelmroman is in sjenre dat yn Spanje ûntstie yn de 16e en 17e iuw. Skelmromans wurde ek ’pikareske romans neamd (nei it Spaanske picaro, wat skelm betsjut). De skelmroman is in subtype fan de roman.

In skelmroman bringt it ferhaal fan in sosjale ferskoppeling fan syn berte en bernetiid oant syn jongfolwoeksene tiid. [1] De skelm, dy’t meast as ik-ferteller optreedt, is inkeld in wees en altyd immen dy’t sûnder de beskerming fan in gewoane húshâlding opgroeit. Hy ferhuzet tal fan kearen en komt fan de iene yn de oare situaasje telâne, wat it ferhaal in episoadysk karakter jout. De skerm is gewykst; syn opienfolgjende wurkjouwers ferrifelt er faak. Nettsjinsteande syn hosselstreken hat er in goed hert. Yn dit sjenre krije jo in skerper sicht op it libben, de seden en de gewoanten út in beskaat tiidrek.

De skelmroman ûntstie yn Spanje yn de sechstjinde iuw. It earste foarbyld wie it anonime Lazarillo de Tormes út 1554. Dêrnei folgen Guzmán de Alfarache fan Mateo Alemán (1599)[2] en El buscón fan Francisco de Quevedo (1604).

Yn de santjinde en achttjinde iuw fersprate it sjenre him oer West-Jeropa. Yn Dútslân ferskynde Der abenteuerliche Simplicissimus fan Hans Jakob Christoffel von Grimmelshausen (1668). Yn Frankryk wie der Gil Blas fan Alain-René Lesage (1715-1735). Foarbylden út Ingelân binne Moll Flanders fan Daniel Defoe (1722) en The History of Tom Jones, a Foundling fan Henry Fielding (1749).

In skelmroman út de Nederlânsktalige literatuer is Den Vermakelyken Avanturier troch Nicolaes Heinsius út 1695. Gerbrand Adriaensz. Bredero skreau in toanielstik mei de namme Den Spaenschen Brabander, dat basearre is op Lazarillo de Tormes.

Nei 1800 wie it sjenre yn syn suvere foarm oer syn hichtepunt. Romans waarden realistysker, personaazjes krigen mear psychologyske djipgong en de yntriizje krige in minder episoadysk karakter. Guon romans fan Charles Dickens, lykas Oliver Twist, wiene beynfloede troch de skelmroman. The Luck of Barry Lyndon fan William Makepeace Thackeray is noch in echte skelmroman. De Frânsktalige roman fan Charles de Coster oer de 16e-iuwske figuer Tyl Ulespegel is in oar foarbyld. Ek de boeken fan Mark Twain oer Tom Sawyer en Huckleberry Finn binne der troch beynfloede, krekt as de boeken oer Dik Trom fan Cornelis Johannes Kieviet. It klassike foarbyld fan in skelmeroman út 'e Fryske literatuer is Feroaring fan Lucht, fan Rink van der Velde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Paardenkoper, J.F. Inleiding tot de taalkunst, 9e pr, 1975.
  1. H. van Gorp, R. Ghesquiere, D. Delabastita, Lexicon van literaire termen, Grins, 1998.
  2. http://universalium.academic.ru/248288/picaresque_novel