[go: up one dir, main page]

Sri Lankā Prajathanthrika Samajavadi Janarajaya
Flagge fan Sry Lanka Wapen fan Sry Lanka
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sry Lanka
Offisjele taal Singaleesk en Tamyl
Haadstêd Kotte
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
65.610 km²
1,3­%
Ynwenners (2011) 21.283.913
Munt Srilankaanske rupee (LKR)
Tiidsône UTC +6
Nasjonale feestdei 4 febrewaris
Lânkoade LKA
Ynternet .lk
Tillefoan 94

Sry Lanka, sûnt 1972 offisjeel de Demokratyske Sosjalistyske Republyk Sry Lanka, is sawol in lân as in eilân yn de Aazje. De haadstêd is Kotte. It eilân waard eartiids, oant en mei 1972 Seylon neamd.

Sry Lanka leit krekt súdlik fan Yndia, yn de Yndyske Oseaan. Troch de Palk Strjitte en de Golf fan Manar wurdt it skieden fan it Yndiaaske subkontinint.

 
Berchlânskip op Sry Lanka.

Yn it noarden en easten fan it eilân lizze lâns de kust grutte leechflakten dy't betiden trochbrutsen wurde mei isolearre berchpiken. It sintrale berchlân rint fia terrassen stadich op nei in hichte fan 2524 meter, dêr't de berch Pidrutalagal de heechste pyk fan is.

De kuststripe wurdt ûnderbrutsen troch lange strannen, klippen yn it súdwesten en lagunes yn in protte oare gebieten. Sawat 40% fan it eilân bestiet út bosk mei greiden yn de eastlike heechlannen en goed 40% fan it lân is yn kultuer brocht.

It eilân hat in tropysk klimaat dat troch de moesson beynfloede wurdt. De noardeastlike moesson duorret fan desimber oant maart en de súdwestlike moesson fan juny oant oktober. It eastlike part fan Sry Lanka is drûger as it westlike diel.

Yn de prehistoarje libben op Sry Lanka de Wanniyala-Aetto, better bekend as de Fedas. Yn de 6e iuw f.Kr. arrivearren de Singalezen fanút it noarden fan Yndia. Healwei de 3e iuw f.Kr. waard it Boedisme yntrodusearre. Ferskate beskavings kamen ta ûntwikkeling rûn stêden as Anuradhapura en Polonnaruwa.

Stadichoan migrearren de Tamyls fan it suden fan Yndia út nei it noarden fan it eilân. Yn de 11e iuw stiften sy in keninkryk mei Jaffna as haadstêd. De relaasjes tusken beide befolkingskloften (Singalezen en Tamyls) wienen kompleks, betiden freedsum en oarlochssuchtich. Yn de rin fan iuwen slagge it de Tamyls lang om let de Singalezen nei it suden fan it eilân te driuwen.

Yn 1505 kamen de earste Portegezen dy't oant de kust delsettings stiften. Troch de Nederlanners waarden de Portugeeske koloanjes yn 1658 beset en oernomd. De Nederlanners festigen in kaniel monopoalje en fierden in boargerlike administraasje yn. Yn 1796 waarden de Nederlanners ferdreaun troch de Ingelsken, dy't yn 1802 Seylon ferôveren. Sy ûnderwurpen ek it Singaleeske keninkryk fan Kandy, wêrmei hiel Sry Lanka ûnder Britsk bestjoer kaam. De neisieten fan de Jeropeanen wurde Burgers neamd

Unôfhinklikens

bewurkje seksje

It eilân waard ûnôfhinklik ûnder de namme Seylon op 4 febrewaris 1948. Nei de ûnôfhinklikens makke de regearing yn de jierren '50 it Singaleesk ta de offisjele taal fan it eilân. Troch de minister-presidint waard de taal fan de Tamyls yn guon gebieten tastien. Yn 1959 waard hy troch in Singaleeske ekstremist fermoarde. Syn frou Sirimavo Bandaranaike folge him op. Sûnt dy tiid is der sprake fan hieltyd oplôgende konflikten tusken Tamyls en Singalezen.

Yn 1972 waard de namme fan it lân feroare yn Sri Lanka en waard de haadstêd ferpleatst nei Sri Jayawardhenapura Kotte. Lijen tusken de Tamyl-minderheid en de Singaleeske mearderheid eksplodearre yn it midden fan de jierren '80 fan de 20e iuw. Sûnt dy tiid binne der tsientûzenen minsken omkomd by de boargeroarloch.

Troch in yntervinsje fan it Yndiaaske leger waard yn 1987 in sjitferbod oerienkomd. Yndia stjoerde dêrnei troepen mar luts him yn 1990 wer werom omdat der net slagge wie om de Tamyltigers te ûntwapenen. Yn 1993 kaam de presidint fan it lân troch in oanslach om it libben. Nei 20 jier fan fjochtsjen binne de Tamyltigers en de regearing ta in sjitferbod kaam yn febrewaris 2002, nei ûnderhannelings wêrby't troch Noarwegen bemiddele waard.

Op 7 febrewaris 2004 waard it parlemint troch Chandrika Bandaranaike Kumaratunga ûntbûn. Har man, in ferneamde Singaleeske filmstjer, is fermoarde troch de JVP. Dizze partij siet mei har Bandaranaike-partij yn har twadde kabinet oant ein 2005. Sy wie de tredde presidint fan de Bandaranaike famylje.

De grutste befolkingskloft binne de Singalezen, mei om-ende-by 75% fan de befolking fan Sry Lanka. De twadgrutste kloft binne de Tamyls, dy't sawat 18% fan de befolking útmeitsje en benammen yn it noarden en easten fan it lân wenje. Fierders wenje der noch de Sry Lankaanske Moaren, dy't 7% fan de befolking útmeitsje, de Burgers fan mingd Jeropeeske komôf, en de Fedda (of Wanniyala-Aetto), de lêste ôfstammelingen fan âlde folken.

Neffens de folkstelling fan 2001 is 69,1% fan de befolking boedistysk (yn haadsaak teravada-boedisten, meast Singalezen), 7,1% hindoe (yn haadsaak Tamyls), 7,6% is moslim (benammen soennitysk) en 6,2% is kristlik (yn haadsaak roomsk-katoliken). Fan de oaren 10% is net bekend wat sy leauwe.

Sry Lanka hat twa offisjele talen; it Yndo-Aryske Singaleesk (sûnt 1965) en it Dravidyske Tamyl. Oare talen binne it Ingelsk, it Sry Lankaansk Maleisk, it Sry Lankaansk Yndo-Portegeesk en it sawat útstoarne Fedda.

 
Teeplantages foarmje in wichtich part fan de Sry Lankeenske ekonomy

Sry Lanka wurdt ta de ûntwikkelingslannen rekkene mei in leech trochsneeds ynkommen. Troch fiergeande yndustrialisaasje meitsje lânbouprodukten yn 1996 noch mar 20% út fan de eksport, neffens 93% yn 1970. De lânbousektor soarget noch altyd foar wurk foar sawat de helte fan befolking. Tekstyl en klaaiïng binne goed foar 63% fan de eksportprodukten. De wichtichste eksportprodukten fan it lân binne rubber, tekstyl, klaaiïng, tee, diamanten, robinen, smaragden, kokosnútprodukten, ierdoalje en in waaksend persintaazje tsjinsten.

Yn de jierren '90 fan de 20e iuw waakse it BNP alle jierren mei 5,5% oant in tiid fan drûchte en de boargeroarloch soarge foar in tebekgong nei 3,8% yn 1996. Dernei gie it wer better, oant yn 2001 doe't de ekonomy foar it earst yn de skiednis kromp. Underwillens binne de groeisifers wer tebek op it in trochsneed fan mear as 5% yn it jier (2008-2010).

Yn Sry Lanka fertsjinnet in trochsneed ynwenner jierliks sawat 5.000 US$ en stiet dêrmei op it 148e plak fan de wrâldranglist (2010). Neffens it ûntwikkelingsprogramma fan de Feriene Naasjes libbet yn Sry Lanka 22,7% fan de befolking ûnder de earmoedgrins. [1].

Yn Sry Lanke jildt in algemien smookferbod. Toeristen wurde oanrieden gjin sigaretten of shag yn de hânbagage mei te nimmen. Der jilde jildboetes fanôf €80 it ynfierd smookartikel en foar smoke yn it iepenbier kinst in finzenisstraf krije.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. UNDP: Human development indices - Table 3: Human and income poverty (Population living below national poverty line (2000-2007))