Rubber
Rubber is in polymear dat foarkomt as in emulsje yn it sap fan in oantal plantesoarten (dit sap is bekend as lateks), lykas Brazyljaanske rubberbeam, Yndyske rubberbeam (Ficus elastica), Euphorbia's (Manihot glaziovii), hynsteblom ûnder oare Taraxacum kok-saghyz, Parthenium argentatum, Funtumia elastica, Landolphia spp. en Cryptostegia spp.. De namme komt fan it Ingelsktalige tiidwurd foar wriuwe (to rub).
Natuerlik rubber wurdt trochgeans produsearre út lateks, wûn út de Brazyljaanske rubberbeam. Sa'n 33% fan dit sop bestiet út rubber. De lateks wurdt dêrnei filtere en fertinne mei wetter. It resultaat hjirfan wurdt mei soer behannele om de rubberdieltsjes stjurje te litten. It resultaat hjirfan, ek rubber neamd, wurdt ta tinne plakken rôle en drûge.
Foar it syntetysk produsearjen fan rubber is polymerisaasje fereaske, in proses dat ek brûkt wurdt yn de produksje fan plastics. Foarbylden fan syntetyske rubbers binne gloaropreen rubbers, butadieen rubbers en butyl rubbers.
Rubbersoartes
bewurkje seksjeOmdat rubber fan rubberbeammen in natuerprodukt is, is der mar in beperkte hoemannichte fan oanwêzich. De fraach nei rubber is grutter as rubberbeamplantaazjes leverje kinne, sadat der sûnt de Yndustriële Revolúsje socht waard nei alternativen. Hjoeddeisk wurde polymearen makke út ierdoalje dy't fergelykbere karakteristiken hawwe yn fergeliking mei natuerrubber. Dizze materialen wurde syntetysk rubber neamd. Troch it oanpassen fan de molekulêre struktuer fan dizze polymearen kinne rubbersoarten mei ferbettere eigenskippen makke wurde. Foarbylden fan syntetyske rubbersoartes binne:
- Styreen-butadieenrubber (SBR)
- Polybutadieenrubber (BR)
- Isopreenrubber (IR)
- Gloropreenrubber (CR) = neopreen
- Nitrilrubber (NBR)
- Eteenpropeendieenrubber (EPM, EPDM)
- Butylrubber (IIR)
- Silikonerubber (VMQ)
- Fluorrubber (FKM)
- Etylfinylasetaatrubber (EVA)
- Gegloarsulfoneard Polyeteenrubber (CMS)
- Akrylaatrubber (ACM)
- Polyuretaanrubber (AU of EU)
- Fulkaanrubber (fulkanisearre rubber wurdt faak foar pucks by iishokky brûkt).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rubber fan Wikimedia Commons. |