[go: up one dir, main page]

Ljochtfaasje

(Trochferwiisd fan Ljochtsnelheid)

De ljochtfaasje, yn natuerkundige formules ornaris werjûn as , en mei in hollanistyske ynterferinsje ek wol ljochtsnelheid neamd, is de faasje wêrmei't it ljocht him fuortbeweecht troch in fakuum hinne (lykas de romte). De eksakte wearde fan 'e ljochtfaasje is 299.792.458 meter per sekonde, wat delkomt op likernôch 1.080.000.000 km/h. Neffens de spesjale relativiteitsteory fan Albert Einstein is dat de maksimale faasje wêrmei't konvinsjonele matearje, enerzjy of lykfol hokker sinjaal dat ynformaasje meidraacht him troch in fakuum bewege kin.

Ljocht docht der 8 minuten en 17 sekonden oer om fan 'e Sinne de Ierde te berikken.

Yn praktyske termen betsjut boppesteande dat ljocht der 119 milisekonden oer docht om it ierdoerflak te berikken út in baan om 'e Ierde wei, dus bgl. fan it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS nei it Mission Control Center fan 'e NASA yn Houston. Fan 'e Moanne ôf docht ljocht der 1,3 sekonden oer om 'e Ierde te berikken, en fan 'e Sinne ôf is ljocht 8 minuten en 17 sekonden ûnderweis nei de Ierde. It ljocht fan 'e neiste stjer is 4 jier en krapoan 21/2 moanne ûnderweis foar't it de Ierde berikt. Fan it neiste stjerrestelsel docht it ljocht der 25.000 jier oer om 'e Ierde te berikken, fan 'e oare kant fan ús eigen Molkewei 100.000 jier en fan it Andromedastjerrestelsel 21/2 miljoen jier.

Net allinne sichtber ljocht, mar alle foarmen fan elektromagnetyske strieling bewege har troch de romte mei de ljochtfaasje fuort. Foar in protte praktyske doeleinen sille ljocht en oare elektromagnetyske weagen sûnder tiidsferrin lykje te ferskinen, om't de de ljochtfaasje sa heech is en de ôfstannen sa lyts. Mar foar langere, astronomyske ôfstannen en tige gefoelige mjittings hawwe de einige faasje fan ljocht en oare elektromagnetyske strieling merkbere effekten. Trochdat it ljocht fan 'e stjerren yn elts gefal jierren, en yn protte gefallen miljoenen jierren, ûnderweis west hat foar't it de Ierde berikt, sjocht men djipper yn it ferline fan it hielal wat fierder oft de in stjer fan 'e Ierde ôfstiet. En kommunikaasje mei romtesondes kin in fertraging fan minuten of sels oeren hawwe fanwegen de ôfstân fan 'e sonde ta de Ierde.

De earste dy't tocht dat de ljochtfaasje einich wêze (in maksimum hawwe) moast, wie de filosoof Empedokles út 'e Grykske Aldheid, dy't tusken 490 en 430 f.Kr. libbe. Itselde idee waard yn 1021 troch de Arabyske gelearde Alhazen (965-1040) op 't aljemint brocht. Yn West-Jeropa mienden de Dútske astronoom Johannes Kepler (1561-1630) en de Frânske filosoof René Descartes (1596-1650) noch dat de ljochtfaasje ûneinige grut wêze moast. De Italjaanske astronoom Galileo Galilei (1564-1642) die war om 'e ljochtfaasje te mjitten, mar dat slagge him net. Dat de ljochtfaasje einich is (in maksimum hat), waard foar it earst yn 1676 fêststeld troch de Deenske astronoom Ole Rømer (1645-1710), hoewol't dyselde mei 225.000 km/s fierstente leech siet. Hy berekkene dy faasje troch de tiden te ferlykjen dêr't Io, in moanne fan Jupiter, by eltse omrin fan efter Jupiter foar it ljocht kaam, oft de planeet no tichter by of fierder fan 'e Ierde ôfstie. Dejinge dy't de korrekte ljochtfaasje bepaalde, wie de Amerikaanske natuerkundige Albert A. Michelson yn 1903.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.