[go: up one dir, main page]

In hollanisme is in taalkundige term foar in barbarisme (in ynslûpsel út in frjemde taal) út it Nederlânsk. De Fryske sprektaal tilt op fan 'e hollanismen, al wurde dy faak net as sadanich werkend troch de Frysksprekkers. Sa sil foar in hiel soad Friezen bygelyks in sin as hy giet trouwen (moat wêze: "hy sil trouwe") of it falt mei (moat wêze: "it falt ta") de gewoanste saak fan 'e wrâld wêze. Ek op grammatikaal mêd komme hollanismen foar, bygelyks yn 'e sinsbou fan: Hy gong fuort doe't ik soe komme (moat wêze: "Hy gong fuort doe't ik komme soe"). It tsjinstelde fan in hollanisme is in frisisme, dat ynfloed fan it Frysk op it Nederlânsk oantsjut.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K.; Feitsma, A.; Pietersen, L.; Pietersen, P.W.; Straatsma, R.; Vledder, G.H.; Zondag, K., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan 'e Twataligens, Ljouwert, 1981 (Afûk/Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.