[go: up one dir, main page]

De hoarnûle (Asio otus) is in 36 sm grutte ûle dy't allinnich nachts aktyf is. Oerdeis sit er meast yn de beammen ferskûle. By winterdei siket er dêrta grien bliuwende beammen út, lykas as spjirren. De Hoarnûle is goed werkenber oan syn grutte earplûmen. Dêrtroch soe betizing mei de Oehoe ûntstean kinne mar dy ûle is in stik grutter.

hoarnûle
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift ûle-eftigen (Strigiformes)
famylje ûlefûgels (Strigidae)
skaai earûlen (Asio)
soarte
Asio otus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     seizoenlikens ûnwis


De Hoarnûle brûkt foar it brieden meast nêsten fan de krie. Yn april oant maaie begjint it wyfke op sa'n 5-6 aaien te brieden. De aaien komme út nei sa'n 26 dagen. Lykas by de measte ûlen begjint it wyfke fuort by it earst leine aai te brieden. It gefolch dêrfan is dat de jongen yn it nêst net likegrut binne. De jongsten binne lytser en hawwe in lytsere kâns om út te fleanen as de âldsten.

Hoarnûle-aaien