Goaium
Goaium is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Goaium leit yn de Goaiumer en Surger Polder besuden Penjum, besúdeasten Surch en benoardwesten Wûns foar in part yn 'e himrik fan Surch en yn 'e himrik fan Wûns.
Goaium | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Himrik | Surch Wûns | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 25 | |
Oar | ||
Postkoade | 8751 / 8747 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 6' N 5° 24' E | |
Kaart | ||
Namme
bewurkje seksjeDe namme komt ek foar as Goyum, Goyem, Gooyem en Gooijum. Nei alle gedachten betsjut de namme "hiem fan Goaije of Goye".
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe buorskip ûntstie op in âlde terp. Dy is noch hieltyd te sjen yn it midden fan de buorskip dêr't trije pleatsen en in hûs omhinne lizze, en de Goaiumer Feart trochhinne rint. De buorskip leit oan de Goayumerleane, dy't ûnder Wûns falt en de Goayumerdyk, dy't ûnder Surch falt. Nijsgjirrich is dat de dyk/leane mei in "y" skreaun wurdt en de buorskip mei in "i". De fierderôf lizzende hûzen en pleatsen oan de Goayumerdyk/leane wurde ûnder Goaium rekkene. Ek de eardere buorskip Ottebuorren by Surch wurdt wol ta Goaium rekkene.
Súdwestlik fan de buorskip komme yn 2022 trije wynmûnen fan Wynpark Nij Hiddum-Hou te stean.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|