[go: up one dir, main page]

Tsjerkebuorren (Easterwierrum)

Tsjerkebuorren is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Tsjerkebuorren leit tusken Mantgum en Easterwierrum, yn 'e himrik fan dat lêste plak.

Tsjerkebuorren is de oarspronklike doarpskearn fan Easterwierrum. De buorskip bestiet út in pear pleatsen en in tsjerketoer op it tsjerkhôf. De postkoade fan de buorskip is 9021 CH. De tsjerketoer is in oerbliuwsel fan de herfoarme tsjerke dy't wijd wie oan Sint-Nikolaas en sloopt waard yn 1905. De toer is in ryksmonumint.

Eardere tsjerke yn 1902