[go: up one dir, main page]

Kromwâl (Britswert)

Kromwâl is in delsetting en hûsnamme oan de westkant fan Britswert yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De namme komt ek foar as Cromwâl, Kromwal, Krum Wal. De namme komt fan de lizzing yn in bocht fan de Frjentsjerter Feart op it plak fan de oansluting mei de Jaanfeart. .

Fan de santjinde oant de tweintichste iuw komt it plak foar as Kromwal. De Kromwâlsbrêge oer de Frjentjerter Feart ferbynt de Kleasterdyk yn Burchwert mei de dyk nei Itens.

De delsetting wie bekend troch de skipshelling en omdat dêr de earste meniste gemeente nei dy fan Wytmarsum te finen wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: