[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ynternasjonaal Systeem fan Ienheden

Ut Wikipedy

It SI-stelsel is it op 11 oktober 1960 ynfierde Internationale Stelsel fan Ienheden[1][2] (Frânsk: Système international d’Unités (SI)). De standert wurdt beheard troch it Bureau international des poids et mesures yn Sèvres, Frankryk. Frankryk wie ek it earste lân dat dit systeem (doe noch nasjonaal) ynfierde op 10 desimber 1799.

Eltse natuerkundige of gemyske grutheid kin útdrukt wurde yn ienheden (bygelyks: ôfstân yn in meter en tiid yn sekonden).

It SI is bedoeld om ynternasjonaal maklik gegevens útwikselje te kinnen. Oarspronklik hiene in protte lannen ferskillende maatstelsels. De Britten en de Amerikanen brûke noch faak net-SI-ienheden, lykas pûn (foar massa), inch, foot, yard en mile (foar lingte of ôfstân). Ek yn Libearia en Myanmar (it eardere Birma) wurde dizze ienheden nog algemien brûkt. Dy sahjitten ymperiale ienheden binne ek wenstich by it mjitten fan de diameter of diagonaal fan in oantal dingen as fytstsjillen (ferâldere), trommels, kompjûtermonitors, de ôfmjittings fan oare kompjûterûnderdieleen, it raster fan printplaten of de resolúsje fan bygelyks printers.[3]

Neist it ymperiale stelsel binne der ek net-SI-ienheden dy't wol goedkard binne foar gebrûk yn de mande mei SI-ienheden. Foarbylden hjirfan binne de liter (foar ynhâld), oere en minút foar tiid en graden Celsius foar temperatuer (de SI-ienheden foar dizze grutheden binne respektivelik kubike meter foar ynhâld, sekonde foar tiid, kelvin foar temperatuer en joule foar enerzjy). Ek hjirfan ôflate ienheden (as de kilowattoere dy't in soad brûkt wurdt as ienheid fan enerzjy by elektrisiteitsleverânsje) binne gjin SI-ienheden, mar wol tastien.

SI-basisienheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sân, ûnderling ûnôfhinklike basisienheden binne:

grutheid SI-basisienheid
namme symboal
lingte meter m
massa kilogram kg
tiid sekonde s
elektryske stroom ampêre A
absolute temperatuer kelvin K
hoemannichte stof mol mol
ljochtsterkte candela cd

Alle oare SI-ienheden kinne útdrukt wurde yn termen fan dizze basisienheden.

Werdefinysje basisienheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 besleat de 23e gearkomst fan de Conférence Générale des Poids et Mesures om te kommen ta nije definysjes fan de basisienheden, sadanich dat dizze allinnich noch fan fûnemintele natuerkonstanten ôfhingje. Dit betreft foaral de kilogram, de ampêre, de kelvin en de mol, wêrfan de hjoeddeiske definysjes direkt of yndirekt keppele binne oan bygelyks spektraallinen of artefakten.[4]

Oflate SI-ienheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan dizze basisienheden binne ôflate ienheden makke, lykas m² (kante meter) foar oerflakkte, of hertz, definearre as s-1.

SI-prefiksen (fermannichfâldigingsfaktoaren)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist de SI-ienheden binne ek de SI-foarheaksels of -prefiksen definearre:

10n foarheaksel symboal naam desimaal ekwifalint
1024 yotta Y kwadriljoen 1 000 000 000 000 000 000 000 000
1021 setta Z triljard 1 000 000 000 000 000 000 000
1018 eksa E triljoen 1 000 000 000 000 000 000
1015 peta P biljard 1 000 000 000 000 000
1012 teara T biljoen 1 000 000 000 000
109 giga G miljard 1 000 000 000
106 mega M miljoen 1 000 000
103 kilo k tûzen 1 000
102 hekto h hûndert 100 (ûnoffisjeel net mear tastien)
101 deka da tsien 10 (ûnoffisjeel net mear tastien)
10−1 desi d tsiende 0,1 (ûnoffisjeel net mear tastien)
10−2 sinti c hûndertste 0,01 (ûnoffisjeel net mear tastien)
10−3 milly m tûzenste 0,001
10−6 micro µ miljoenste 0,000 001
10−9 nano n miljardste 0,000 000 001
10−12 pico p biljoenste 0,000 000 000 001
10−15 femto f biljardste 0,000 000 000 000 001
10−18 atto a triljoenste 0,000 000 000 000 000 001
10−21 septo z triljardste 0,000 000 000 000 000 000 001
10−24 yocto y kwadriljoenste 0,000 000 000 000 000 000 000 001

Yn de lannen fan de Europeeske Uny is it brûken fan it SI as ienich tastiene stelsel wetlik ferplicht. Yn it Feriene Keninkryk bliuwt it gebrûk fan de ymperiale ienheden foar massa en lingte lykwols tastien, hoewol't de Britske oerheid al yn 1976 grutte kampanjes fierde om it metryske stelsel yn te fieren.

Merk op dat de foarheaksels mega en grutter allegear op in -a einigje, en dat mikro en lytser allegear op in -o einigje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. (fr) Résolution 12 de la 11e réunion de la CGPM (1960) of (in) Resolution 12 of the 11th meeting of the CGPM (1960)
  2. Encarta-encyclopedie Winkler Prins (1993-2002) s.v. Eenheden, Internationaal Stelsel van. Microsoft Corporation/Het Spectrum.
  3. Soms is dit brûken fan ymperiale ienheden kommersjeel te ferklearjen. As in ienheid yn de neamer fan in breuk stiet, wurdt de getalwearde grutter neigeraden de omfang fan de ienheid grutter is. Sa is in resolúsje fan 300 punten per inch noch gjin 12 punten de millimeter. It gruttere getal liket kommersjeel better.
  4. {fr} Résolution 12 de la 23e réunion de la CGPM (2007) (offisjele ferzje) of {en} Resolution 12 of the 23rd meeting of the CGPM (2007)