[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Triskel

Ut Wikipedy
Foarbyld fan in Triskel

In Triskel (Gryksk: τρισκελης - trijeskonkich) is in symboal opboud út trije minsklike skonken, bûge yn de knibbels, dy't yn it midden gearkomme. By útwreiding wurdt it wurd ek brûkt foar trije earms, en foar in trijedûbelde spiraal.

De triskel is it symboal foar de eilannen Man en Sisylje. Oft der wier in ferbân is mei de trijedûbele spiraal is net dúdlik. De spiraalferzje is nei alle gedachten in Keltysk sinnesymboal. It is besibbe mei de swastika, mar mei de bysûndere betsjuttings fan it getal trije. De trije skonken like mear in ierdse of faaks minsklike betsjutting te hawwen.

Sawol yn de flagge fan Sisylje as fan Man is it symboal fan de triskel werom te finen.

flagge fan Sisylje
flagge fan Man