[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

The Lions of Al-Rassan

Ut Wikipedy
The Lions of Al-Rassan
algemiene gegevens
auteur Guy Gavriel Kay
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 1995, Toronto
oarspr. útjwr. HarperCollins
prizen Geffen Award 2005
kodearring
ISBN 0 06 10 52 175

The Lions of Al-Rassan is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "De Liuwen fan Al-Rassan"; dat ferwiist nei de hearskers fan it fiktive lân Al-Rassan, foar wa't it wizânsje wurden is om harsels 'de Liuw fan Al-Rassan' te neamen. Yn 'e bredere sin kin dy beneaming ek fan tapassing wêze op alle haadrolspilers fan 'e roman. The Lions of Al-Rassan heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet tsjin 'e eftergrûn fan in fiktyf lân dat dúdlik op it Midsiuwske Spanje fan 'e Reconquista basearre is. It boek waard yn 1995 publisearre troch de útjouwerij HarperCollins. Yn 2005 wûn de The Lions of Al-Rassan de Geffen Award foar de bêste oersetting nei it Hebriuwsk.

Kay lit syn The Lions of Al-Rassan spylje yn deselde wrâld dêr't ek ferskaten fan syn oare wurken spylje, lykas de duology The Sarantine Mosaic en de romans The Last Light of the Sun, Under Heaven, River of Stars en Children of Earth and Sky. Hoewol't The Lions of Al-Rassan folslein op himsels stiet, suggerearret Kay dat ien fan 'e haadpersoanen, Rodrigo Belmonte, ôfstammet fan Rustem fan Kerakek, in personaazje út The Sarantine Mosaic, dy't oan 'e ein fan Lord of Emperors, it twadde diel fan dy iuwen earder spyljende duology, ôfsette nei Esperaña om him dêr te fêstigjen.

The Lions of Al-Rassan spilet op in grut skiereilân dat basearre is op it Ibearysk Skiereilân fan 'e Midsiuwen. It noarden, Esperaña (basearre op Spanje), wurdt behearske troch de jaddisten (basearre op 'e kristenen), dy't de Sinnegod Jad ferearje. Harren lân is útinoar fallen yn trije lytsere keninkriken: Jaloña, Valledo en Ruenda. Jaloña liket basearre te wêzen op it Keninkryk Aragon, Valledo is in ôfspegeling fan it Keninkryk Kastylje en Ruenda soe dan it Keninkryk Leön foarstelle moatte (hoewol't it geografysk mear wei hat fan it Keninkryk Galysje of mooglik it Keninkryk Portegal).

De súdlike helte fan it skiereilân wurdt beslein troch Al-Rassan, wêrmei't Kay in treffend byld skilderet fan it Moarske Andalúsje. Dêr libje de ashariten (basearre op 'e moslims), dy't de stjerren en de profeet Ashar ibn Ashar (basearre op Mohammed) ferearje. It Kalifaat Al-Rassan is útinoar fallen, en no wurdt it lân regearre troch in stik as fyftjin keninkjes, fan wa't de measten mar ien stêd behearskje. Yn Al-Rassan libje ek de Kindath (basearre op 'e joaden), dy't de beide moannen ferearje. Hoewol't strange ashariten harren ferspije, wurdt harren oanwêzigens yn Al-Rassan dulde; yn it jaddistyske Esperaña binne se lang lyn al it lân útdreaun.

Hoewol't de trije religyen, sa't Kay dy beskriuwt, mar kwealk oerienkomsten fertoane mei kristendom, joadendom en islaam, makket de skriuwer troch de kultueren dy't er oan 'e godstsjinsten ferbynt, ûntsjinsisber dúdlik wat er dermei bedoelt. De trije wichtichste haadpersoanen fan The Lions of Al-Rassan komme elts út in oare religy en kultuer. Jehane bet Ishak is in froulike Kindath-dokter út Fezana yn Al-Rassan, dy't Kay loskes basearre hat op it personaazje Rebecca fan York, út sir Walter Scott syn Ivanhoe. Rodrigo Belmonte is in jaddistyske kaptein fan in rezjimint kavalery, dy't basearre is op 'e histoaryske Spaanske ridder El Cid. En Ammar ibn Khairan is in asharityske dichter en soldaat dy't basearre is op Moarske dichter en steatsman Muhammad ibn Ammar.

It wichtichste tema fan The Lions of Al-Rassan is de wikselwurking tusken rasisme en ferdraachsumens. De haadpersoanen binne alle trije fan goede wil, mar de measte jaddisten en ashariten binne fan miening dat sawol de tsjinpartij as de Kindath mei ierde en oer útrûge wurde moatte. De Kindath komme dêrtroch tusken twa fjurren te sitten, mar itselde is wier foar Al-Rassan sels, mei syn tunen, fonteinen en poëzij, as yn reäksje op 'e ferovering troch de jaddisten út it noarden de asharityske bedoeïnen út 'e ûnherberchsume woastinen fan 'e Majriti (basearre op 'e Magreb) nei Al-Rassan oerstekke, dy't neat jouwe om 'e ferfynde kultuer dêre en harren pleatslike leauwensgenoaten beskôgje as in soadsje dekadinte sloppelingen. The Lions of Al-Rassan azemet sadwaande in selde soarte sfear fan fergonklikens as nei foarren komt út 'e beskriuwing fan 'e elven yn it wurk fan J.R.R. Tolkien, wat gjin tafal liket, mei't Guy Gavriel Kay nei Tolkien syn ferstjerren as redakteur meiwurke hat oan 'e útjefte fan The Silmarillion.

yn Al-Rassan
  • Almalik I, kening fan Cartada ("de Liuw fan Cartada")
    • Almalik II, syn âldste soan en erfgenamt
    • Hazem, syn twadde soan, in from asharyt
    • Zabira, syn favorite mêtresse
    • Ammar ibn Khairan fan Aljaïs, syn riedsman en de learaar fan 'e kroanprins
  • Badir, kening fan Ragosa
  • Tarif ibn Hassan fan Arbastro, in rôverhaadman mei in priis op syn holle
    • Idar en Abir, syn soannen
  • Husari ibn Musa fan Fezana, in keapman yn side
  • Jehane bet Ishak, in Kindath-dokter yn Fezana
    • Ishak ben Yonannon, har heit, foarhinne ek dokter, mar no in ynfalide
    • Eliane bet Danel, har mem
    • Velaz ben Ishak, harren âldere tsjinstfeint
yn de trije keninkriken fan Esperaña
  • Sancho de Fette, kening fan Esperaña, no ferstoarn
    • Raimundo, kening fan Valledo, syn âldste soan, ek ferstoarn
    • Ramiro, kening fan Valledo, syn twadde soan
      • keninginne Ines, dochter fan 'e kening fan Ferrieres, syn frou
      • greve Gonzalez de Rada, de seneskalk fan Valledo
        • Garcia de Rada, syn arrogante, dwerskoppige jongere broer
      • Rodrigo Belmonte ("de Kaptein"), in kavaleryofsier en hynstefokker, foarhinne, ûnder it regear fan kening Raimundo, seneskalk fan Valledo
        • Miranda Belmonte d'Alveda, syn frou
        • Fernan en Diego, syn twillingsoannen
        • Ibero, in geastlike en de learaar fan Fernan en Diego
        • Laín Nunez, de ûnderbefelhawwer fan syn rutertroep
        • Alvar de Pellino, Martín en Ludus, guon fan 'e leden fan syn rutertroep
    • Sanchez, kening fan Ruenda, syn trêde soan
      • keniginne Bearte, syn frou
    • Bermudo, kening fan Jaloña, syn jongere broer
      • keninginne Fruela, syn frou
      • greve Nino di Carrera, syn favorite hôveling (en de minner fan 'e keninginne)
yn 'e woastinen fan 'e Majriti
  • Yazir ibn Q'arif fan 'e Zuhriten, master fan 'e stammen en hear fan 'e Majriti
    • Ghalib ibn Q'arif, syn broer, de oarlochslieder fan 'e stammen
yn eastlike lannen
  • Geraud de Chervalles, hege geastlike fan Jad yn Ferrieres
  • Rezzoni ben Corli, in Kindath-dokter en de eardere learmaster fan Jehane bet Ishak, út 'e stêd Sorenica yn Batiara

It skiereilân dêr't it ferhaal spilet, is ferdield yn in noardlik diel, Esperaña (basearre op it Midsiuwske Spanje), dat yn 'e hannen is fan 'e oanhingers fan it jaddisme (basearre op it kristendom) en in súdlik diel, Al-Rassan (basearre op it Moarske Andalúsje), dat behearske wurdt troch de oanhingers fan it asharisme (basearre op 'e islaam). Beide dielen fan it skiereilân wurde faninoar skaat troch in brede sône fan nimmenslân dy't dwers oer it skiereilân rint. Nei de dea fan kening Sancho de Fette is Esperaña ferdield rekke yn trije keninkriken: Valledo (basearre op it Keninkryk Kastylje), ûnder it regear fan syn soan Ramiro; Ruendo (basearre op it Keninkryk Leön), dêr't syn soan Sanchez regearret; en Jaloña (basearre op it Keninkryk Aragon), dat bestjoerd wurdt troch syn jongere broer Bermudo. Underwilens is yn it suden it âlde Kalifaat Al-Rassan útinoar fallen yn in stik as fyftjin lytse keninkrykjes, wêrfan't de wichtichsten Cartada (basearre op it Kalifaat Córdoba) en Ragosa (basearre op it Emiraat Granada) binne. Nei iuwenlang troch de ashariten dominearre te wêzen, waakse de keninkriken fan Esperaña no wer oan yn macht, wylst it fallen Al-Rassan krekt ferdield en dêrtroch kwetsber rekke is, en yn macht belunet.

The Lions of Al-Rassan iepenet mei in prolooch wêryn't ferteld wurdt hoe't de dichter en soldaat Ammar ibn Khairan yn opdracht fan kening Almalik I fan Cartada de lêste kalyf fan Al-Rassan fermoardet. It eigentlike ferhaal begjint fyftjin jier letter yn Fezana, in stêd dy't deunby it nimmenslân leit, as de froulike Kindath-dokter Jehane bet Ishak op ien en deselde deis de beide meast beruchte manlju fan it skiereilân moetet: Ammar ibn Khairan en Rodrigo Belmonte.

Fezana is koartby ferovere troch Cartada, en der hearsket in opstannige sfear yn 'e stêd. Kening Almalik I stjoert dêrom syn soan, de kroanprins, dy't ek fan Almalik hjit, nei Fezana ta, begelaat troch dy syn learaar Ammar ibn Khairan. Wat dy beide net witte, is dat kening Almalik in plan betocht hat om Fezana foargoed lytsman te meitsjen en tagelyk syn soan in leske te learen en de reputaasje fan Ibn Khairan, dy't te machtich driget te wurden, te besmodzgjen. De 140 meast foaroansteande manlju yn Fezana wurde útnûge om yn 'e kunde brocht te wurden mei de kroanprins. Dyselde wachtet harren op it binnenplak fan 'e boarch fan Fezana op, en dêr wurde se ien foar ien hinne brocht troch in lange dûnkere tunnel. Oan 'e ein fan 'e tunnel, as se fan it dûnker yn it felle sinneljocht komme en neat sjogge, wurdt harren ien foar ien de holle ôfhoud troch de liifwachten fan 'e kroanprins. Sa wurdt Fezana ûntdien fan alle lju dy't in opstân liede kinne soene en wurdt de prins foar iens en foar altyd dúdlik makke hoe ûnmeilydsum oft syn heit wol net is. En om't eltsenien leauwe sil dat dit grouwelstik betocht is troch Ammar ibn Khairan, sil nimmen de man ea wer fertrouwe.

Dyselde deis wurdt de dokter Jehane bet Ishak yn Fezana by in pasjint roppen, de keapman Husari ibn Musa, dy't lêst fan nierstiennen hat. Dejinge dy't har by him bringt, is Ammar ibn Khairan, dy't kunde hat oan 'e keapman. Husari is ien fan 'e 140 manlju dy't útnûge binne om by de kroanprins te kommen, mar Jehane ferbiedt him om syn bêd te ferlitten en rêdt dêrmei syn libben. As de moard op 'e 139 oaren oan it ljocht komt, ferskûlet Jehane har pasjint yn it Kindath-kertier fan Fezana oant it tsjuster wurdt en se him helpe kin om 'e stêd te ûntflechtsjen. Husari, foarhinne in fleurige fetlak dy't goed fan it libben geniete, feroaret troch syn 'benei-dea-ûnderfining' alhiel, en swart wraak op kening Almalik. Jehane hat sels hat ek noch in appeltsje mei de kening te skilen. Fjouwer jier lyn hat har heit, de briljante dokter Ishak ben Yonannon, it libben rêden fan Zabira, de mêtresse fan Almalik, en har poppe, troch foar it earst yn 'e skiednis in keizersneed út te fieren. Dêrfoar moast er fansels wol dy asharityske frou oanreitsje, eat dat de Kindath strang ferbean is. Eins hie Almalik him dêrfoar neitiid de deastraf oplizze moatten, mar de kening wie genedich, en liet de dokter inkeld de eagen útstekke en de tonge útsnije. Nei dêroer fjouwer jier omwrokke te hawwen, is Husari syn foarnimmen om wraak op Almalik te nimmen foar Jehane reden om einlings ek aksje te ûndernimmen. Hja beslút om mei him de stêd te ferlitten.

Underwilens wurdt yn it keninkryk Valledo de rutertroep fan 'e ferneamde kavaleryofsier Rodrigo Belmonte, byneamd "de Kaptein", útstjoerd om 'e jierlikse skatting op te heljen dy't Valledo fan 'e stêd Fezana ôftwongen hat. Ear't Belmonte útriidt, hat er in konfrontaasje mei greve Gonzalez de Rada, dy't him ferfongen hat as seneskalk fan Valledo. Belmonte wit dat De Rada syn jongere arrogante broer Garcia de Rada fan doel wie om mei syn mannen op plondertocht te gean yn Al-Rassan. Hy warskôget De Rada dêrom dat er de skatting dy't er ophelje sil yn Fezana as belesting beskôget, mei de betelling wêrfan't Fezana beskerming fan 'e kening fan Valledo kocht hat. As er Garcia de Rada by Fezana tsjinkomt, sil er de man dêrom sûnder pardon deadzje. Belmonte-en-dy arrivearje by Fezana op 'e jûns fan 'e dei dat de 139 manlju fermoarde binne. Se komme dêrfan te witten as Husari ibn Musa, Jehane bet Ishak en har tsjinstfeint Velaz it kamp binnenride dat se deunby de stêd opslein hawwe.

Koart nei't it trijetal it kamp berikt hat, wurdt men gewaar dat in doarpke yn 'e neite fan Fezana yn 'e brân stiet. Belmonte en syn mannen geane op ûndersyk út en Jehane riidt mei harren. It docht bliken dat Garcia de Rada alle warskôgings yn 'e wyn slein hat en dochs by Fezana oan it plonderjen slein is. Belmonte-en-dy meitsje koarte metten mei de plonderders, mar tsjin dy tiid is in grut part fan 'e asharityske doarpsbefolking al dea. De Rada en it meastepart fan syn mannen wurde finzen nommen, mar nettsjinsteande syn wurden tsjin 'e seneskalk wit Belmonte dat er gjin poat om op te stean hat as er de man deadet nei't dy him oerjûn hat. Wol jout De Rada syn grutspraak noch oanlieding ta in konfrontaasje wêrby't Belmonte him mei syn swipe yn it gesicht slacht, sadat de man foargoed skeind rekket. Neitiid beslút Husari ibn Musa mei Belmonte nei Valledo te gean, om by kening Ramiro syn beklach te dwaan oer de moardpartij yn Fezana (in stêd dy't ommers ûnder beskerming fan Valledo stiet). Jehane reizget mei har âldere tsjinstfeint Velaz en ûnder beskerming fan Alvar de Pellino, in soldaat út Belmonte syn rutertroep, nei Ragosa ta, dat in selsstannich keninkryk yn Al-Rassan is.

Garcia de Rada keart nei it jaan fan syn earewurd mei syn mannen op eigen manneboet werom nei Valledo, dêr't er nei it Keninklik Hof gean moat om 'e betelling fan 'e lospriis te regeljen, dy't er as finzene skuldich is oan Belmonte. Ynstee dêrfan giet er streekrjocht nei Belmonte syn fort ta en besiket dat yn te nimmen om wraak te nimmen op Belmonte syn frou en bern. De oanfal mislearret lykwols jammerdearlik, want Diego, ien fan Belmonte syn twillingsoannen, is bejeftige mei in foarm fan heldersjendheid, en hy en syn broer Fernan en de stâljonges en oare feinten weve handich ôf mei De Rada en syn mannen, dy't har op 'e nij oerjaan moatte. As Miranda Belmonte d'Alveda, dy't folle minder sêfsinnich is as har man, foar it ferstân kriget dat De Rada syn wurd oan har man al brutsen hat, makket se him sûnder pardon ôf. Belmonte sels, lykwols, moat him nei syn weromkear yn Valledo dêrfoar ferantwurdzje. Kening Ramiro ornearret dat men it in swakke, bange frou net kwea-ôf nimme kin dat se hannele hat sa't se dien hat, temear om't Garcia de Rada folslein mis wie en dêr hielendal net hearde te wêzen. Oan 'e oare kant kinne eallju inoar net sûnder straf mei swipen foar de kop slaan, en dêrfoar wurdt Belmonte twa jier lang út Valledo ferballe. Hy reizget dêrop nei Ragosa, yn Al-Rassan, dêr't er syn tsjinsten as hierling oan kening Badir oanbiedt en Jehane bet Ishak weromsjocht.

Hoewol't sawol Husari ibn Musa as Jehane bet Ishak harsels foarnommen hawwe om wraak te nimmen op Almalik fan Cartada, wurdt de kening úteinlik deade troch in trêde persoan dy't er mei it bloedbad fan Fezana tsjin him yn 't harnas jage hat. Ammar ibn Khairan wegeret nammentlik de ferrinnewearring fan syn reputaasje te oanfurdzjen en wit mei de help fan kroanprins Almalik it Keninklik Hof yn Cartada binnen te kringen en Almalik te fermoardzjen. Fuort dêrnei wurdt er lykwols troch de nije kening Almalik II út Cartada ferballe, om't dy himsels sa fier as mooglik is distansjearje wol fan 'e beskuldiging fan patriside. Tegearre mei Zabira, de mêtresse fan 'e âlde kening, reizget Ibn Khairan dêrop ek nei Ragosa ta, dêr't er Jehane bet Ishak weromsjocht en foar it earst yn syn libben Rodrigo Belmonte moetet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Ragosa, dat regearre wurdt troch kening Badir en syn Kindath-earste minister Mazur ben Avren, komme Belmonte en Ibn Khairan beide yn 'e tsjinst as hierlingen en Jehane as dokter. Hja wurde út trijeresom (mei de rutertroep fan Belmonte, dy't him yn ballingskip folge is) útstjoerd en brûke de rôverhaadman Tarif ibn Hassan om in grutte oerwinning op Jaloña te boeken. Stadichoan ûntjout der him in soartemint trijehoeksferhâlding, mei't de beide manlju nettsjinsteande al harren ferskillen boezemfreonen wurde en Jehane fereale rekket op harren beiden. It beskûl dat hja fûn hawwe yn it rike en wrâldske Ragosa duorret lykwols mar krapoan in jier, oant de nacht dat Jehane einlings har kar makket (dat eins gjin wiere kar is, mei't Belmonte al lokkich troud is), en sy en Ibn Khairan harren leafde oaninoar ferklearje. Dyselde nachts arrivearret kening Almalik II fan Cartada yn eigen persoan temûk nei Ragosa om Ibn Khairan te oertsjûgjen en kom werom. Yn it dan folgjende petear jout de kening oan dat er in seistal slûpmoardners op Rodrigo Belmonte ôfstjoerd hat. Sawol Ibn Khairan as Jehane, dy't it petear op it balkon ôfharke hat, hastigje harren nei de kazerne fan 'e Valledyske troepen ta, mar se komme te let om noch wat te dwaan; de oanfal is foarby en de slûpmoardners binne dea. Dejinge dy't it libben fan Belmonte rêden en dêr mei syn eigen libben foar betelle hat, is Jehane har âlde Kindath-tsjinstfeint Velaz.

Neitiid sette Ibn Khairan, Jehane, Belmonte, Husari en Alvar de Pellino mei tûzen hasten ôf nei Fezana om Jehane har âlden te rêden, mei't Almalik II yn syn petear mei Ibn Khairan ek oanjûn hie dat er dêr de ashariten tsjin 'e Kindath opstokele hie. Hja arrivearje yn Fezana op deselde dei dat de belegering fan dy stêd troch it leger fan Valledo begjint. Yn 'e widere wrâld binne nammentlik op ynstigaasje fan 'e jaddistyske geastlikheid de foarsten fan alle grutte jaddistyske lannen gearkommen om tsjin 'e ashariten yn Soriyya (Syrje) en Ammuz (Palestina) te oarlogjen (by in fjildtocht dy't dúdlik ynspirearre is troch de krústochten). Oan it hof fan Valledo is Geraud de Chervalles, de hege geastlike fan it keninkryk Ferrieres (basearre op it Keninkryk Frankryk), ferskynd, dy't kening Ramiro ûnder druk setten hat om, yn it ramt fan 'e algemiene jaddistyske oarlochsynspannings tsjin 'e ashariten, sels ek in hillige oarloch tsjin Al-Rassan te begjinnen. Kening Sanchez fan Ruenda en kening Bermudo fan Jaloña hawwe te krijen mei krekt sokke gasten, en min ofte mear ûnder twang hawwe se deryn tastimd om harren ûnderlinge skelen oan 'e kant te setten en alle trije op fjildtocht nei it suden te gean.

De deis dat Jehane en har freonen yn Fezana oankomme, is boppedat ek de deis dat dêr in pogrom tsjin 'e Kindath plakfynt, wêrby't de ashariten it Kindath-kertier binnenkringe en dêr moardzjend, ferkrêftsjend en brânstiftsjend húshâlde. Hoewol't Ibn Khairan, Husari en Alvar de Pellino de foarhoede fan 'e ashariten foar de poarte fan it Kindath-kertier witte tsjin te hâlden, kringe oare parten fan 'e breinroere kliber oer de muorren fan it kertier hinne. Yn 'e mande mei Belmonte klearje de mannen dêrnei mei it bleate swurd in paad troch de mannichte foar Jehane en har âlden, sadat dy de stêd ûntflechtsje kinne. Bûten de stêd wurde it selskip lykwols opwachte troch kening Ramiro fan Valledo, dy't wist dat Belmonte yn Fezana wie en ek krekt wêr't er ta de stêd útkomme soe, om't de heldersjende Diego Belmonte en syn broer Fernan diel útmeitsje fan syn leger. Ramiro skelt Belmonte de rest fan syn ballingskip kwyt en wol dat er wer weromkomt om syn leger oan te fieren.

Fernan Belmonte is by kening Ramiro as dy syn heit begroetet, mar Diego, mei syn weardefolle talint, is troch de kening fier fan 'e stêd holden yn it kamp dat se opslein hawwe by itselde doarpke dat in jier earder troch Garcia de Rada en syn mannen oerfallen wie. As dat ferteld wurdt, bringt Ibn Khairan daliks oan it ljocht dat kening Almalik I fan Cartada jierren lyn yn gearwurking mei himsels in kriichsplan opsteld hat foar it gefal dat Fezana ea troch Valledo belegere wurde soe. Om't it doarpke fanwegen beskikberens fan drinkwetter it foar de hân lizzende plak wie om in kamp op te slaan, is doe ornearre dat daliks in útfal út 'e stêd dien wurde moast om dêr it kamp fan 'e fijân te ferwuostgjen. Kening Ramiro set mei it hiele selskip daliks ôf nei it kamp, mar tsjin 'e tiid dat se dêr oankomme hat de oanfal al west en is de fijân fuort. Greve Gonzalez de Rada en frijwol al syn mannen, dy't yn it kamp legere wiene, binne dea, en Diego Belmonte hat mei in striidhammer sa'n huf op 'e holle hân, dat syn plasse brutsen is; de jonge leit dêrtroch op stjerren. Dy nachts ferrjochtet de bline Ishak ben Yonannon op 'e taast en mei help fan syn dochter Jehane en de Valledyske legerdokter Bernart d'Iñigo in operaasje dy't noch nea earder dien is yn 'e skiednis fan 'e minskheid, troch it tebrizele diel fan Diego syn plasse te ferwiderjen, sadat it net mear op 'e harsens drukt. De jonge oerlibbet dat en wurdt neitiid frijwol hielendal wer de âlde.

Rodrigo Belmonte nimt it oanbod fan kening Ramiro oan om werom te kommen. Hy besiket Ammar ibn Khairan te oertsjûgjen om him ek by it leger fan Valledo te jaan, krekt sa't Husari ibn Musa fan doel is (dy't letter gûverneur fan Fezana foar de kening fan Valledo wurde sil), mar Ibn Khairan wegeret. Hy bliuwt trou oan Al-Rassan, ek al wurdt de ferfynde kultuer fan lân no temoarzele tusken de optsjende jaddistyske legers út it noarden en de barbaarske fûnemintalistysk-asharityske bedoeïnen út 'e woastinen fan 'e Majriti (basearre op 'e Magreb), dy't no (om 'e jaddisten werom te slaan) massaal de smelle seestrjitte nei Al-Rassan oerstekke, ûnder lieding fan Yazir ibn Q'arif en dy syn broer, de oarlochslieder Ghalib ibn Q'arif. As Ghalib nei ferrin fan tiid komt te sneuveljen, stelt Yazir fan needs de slûchslimme Ibn Khairan oan as de nije oarlochslieder. In jier nei de pogrom yn Fezana, as de beide legers inoar einlings moetsje foar in iepen fjildslach, regelje Yazir ibn Q'arif en kening Ramiro dat der foarôfgeande oan it treffen in twagefjocht plakfine sil tusken de beide oanfierders. Sa komme de freonen Rodrigo Belmonte en Ammar ibn Khairan foarinoar oer te stean yn in duël dat beskreaun wurdt út it eachpunt fan 'e tasjende Jehane wei, dy't troch de felle sinne inkeld de silhûetten sjen kin fan twa manlju dy't folslein oaninoar weage binne, mar wêrfan't de iene de oare úteinlings dochs oermânsk wurdt.

It boek wurdt besletten mei in epilooch, dy't tweintich jier letter spilet. Alvar ben Pellino, ienris in jaddistysk soldaat út Valledo, mar no in dokter yn 'e stêd Sorenica yn Batiara (basearre op Itaalje) dy't him ta it leauwe fan 'e Kindath bekeard hat, ûntfangt in brief út it no feriene keninkryk Esperaña. Dêryn wurdt ferhelle fan 'e folsleine nederlaach fan Al-Rassan, dat opholden hat te bestean en hielendal by Esperaña kommen is te hearren. Alvar blykt troud te wêzen mei Marisa bet Rezzoni, in dochter fan 'e âlde learmaster fan Jehane, dy't ek syn eigen learmaster wurden is. Jehane sels wennet ek yn 'e stêd, tegearre mei Ammar ibn Khairan, dy't fuort nei de oerwinning fan 'e ashariten op 'e jaddisten, tweintich jier earder, doe't syn feardichheden net mear nedich wiene, troch Yazir ibn Q'arif út Al-Rassan ferballe is om't er de moardner fan 'e lêste kalyf wie. (Hjirmei komt oan it ljocht dat Rodrigo Belmonte de ferliezer fan it duël wie.) It brief is fan Miranda Belmonte d'Alveda, dy't Jehane en Ibn Khairan gjin kwea hert tadraacht. Hja fertelt fierders dat har soan Fernan de Esperañaanske generaal is dy't de lêste stêden fan Al-Rassan ynnommen hat, en dat har soan Diego de earste kânselier fan it nije feriene keninkryk Esperaña wurden is. It stoflik omskot fan har man Rodrigo is koartby oerbrocht nei de haadstêd, dêr't er ter rêste lein is yn in tombe ûnder in grut stânbyld fan syn likenis. Op it fuotstik fan dat byld is de tekst úthoud fan it treurdicht dat Ammar ibn Khairan foar Rodrigo Belmonte skreaun hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.