[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

The American (film út 2010)

Ut Wikipedy
The American
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Anton Corbijn
produsint Anne Carey
Jill Green
Ann Wingate
Grant Heslov
George Clooney
senario Rowan Joffé
basearre op A Very Private Gentleman
   fan Martin Booth
kamerarezjy Martin Ruhe
muzyk Herbert Grönemeyer
filmstudio This is that Corporation
Smokehouse Pictures
Greenlit
distribúsje Focus Features
spilers
haadrollen George Clooney
byrollen Violante Placido
Thekla Reuten
Johan Leysen
Paolo Bonacelli
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 1 septimber 2010
foarm langspylfilm
sjenre misdieskriller
taal Ingelsk en Italjaansk
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget $20 miljoen
opbringst $67,9 miljoen

The American is in Amerikaanske misdieskriller út 2010 ûnder rezjy fan 'e Nederlanner Anton Corbijn, mei yn 'e haadrol George Clooney. De titel betsjut "De Amerikaan". De film is basearre op 'e roman A Very Private Gentleman fan Martin Booth. It ferhaal giet oer in Amerikaanske wapensmid en hiermoardner, dy't ûnderdûkt yn in stil plakje yn sintraal Itaalje, dêr't er himsels tastiet fereale te wurden op in pleatslike prostituee. The American krige oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.

Jack, in oarspronklik út 'e Feriene Steaten ôfkomstige wapensmid en hiermoardner mei in foarleafde foar flinters, en syn minneresse Ingrid genietsje derfan dat se eefkes lins hawwe yn 'e wyldernis fan Sweden. As Jack by in stikje te kuierjen lykwols yn 'e snie bûten harren wente fuotspoaren sjocht dy't net fan him of fan Ingrid binne, wurdt er kjel en siket er mei Ingrid dekking. Hja wurde besketten troch in slûpskutter, en Ingrid sjocht mei grutte eagen ta hoe't Jack in pistoal út 'e bûse hellet en de man deasjit. Om't er foar it ferstân hat dat syn identiteit yn gefaar is, nimt Jack rimpen in beslissing en sjit Ingrid dea, foar't er de maat fan 'e slûpskutter ek noch fermoardet.

Neitiid nimt Jack halje-trawalje de wyk nei Rome, dêr't er kontakt opnimt mei Pavel, dy't as tuskenpersoan tusken him en syn 'kliïnten' fungearret. Dyselde hâldt út dat Jack net yn Rome bliuwe kin, en stjoert him om ûnder te dûken nei Castelvecchio, in lyts stedsje yn 'e Apeninen yn 'e Italjaanske regio Abrúzzen. Jack, by wa't de skrik der no goed yn sit, ûntdocht him fan 'e mobile tillefoan dy't er fan Pavel krigen hat en giet net nei Castelvecchio, mar ynstee nei it dêr deunby leine Castel del Monte, dêr't er de namme 'Edward' brûkt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As er dêr wenromte hierd en himsels mei it plak bekendmakke hat, nimt er kontakt op mei Pavel, dy't him in nij putsje besoarget. Yn it ramt dêrfan hat Jack in moeting mei de hiermoarneresse Mathilde, dy't wol dat er in nei har eigen spesifikaasjes gearstald skerpskuttersgewear foar har makket. Yn Castel del Monte hat Jack gedoente mei de pleatslike pastoar, in Benedetto, dy't him yn kontakt bringt mei in freon fan sines waans ark en reau Jack liene kin. (Hy fertelt der fansels net by dat er it brûke moat om in gewear foar in hiermoardneresse te meitsjen.) Ek begjint er in pleatslike prostituee te besykjen, dy't Clara hjit. Mei har kriget er nei ferrin fan tiid in hieltyd fêster wurdende relaasje.

Underwilens wurdt Jack tramtearre troch nachtmerjes oer de foarfallen yn Sweden en berou oer syn ûntrochtochte moard op Ingrid. De gedoente mei pastoar Benedetto groeit meitiid út ta in soarte fan freonskip. De petearen dy't Jack mei de man fiert, meitsje dat er begjint te twifeljen oan 'e karren dy't er yn syn libben makke hat. As Benedetto him fertelt dat er it gefoel hat dat Jack yn in spesjaal soarte fan hel libbet, te witten: in plak sûnder leafde, begjint Jack himsels lang om let ta te stean om leafde foar Clara te fielen en him in libben mei har foar te stellen.

Jack merkt op dat er oanhâldend folge wurdt troch in ûnbekende man. Hy hat in twadde moeting mei Mathilde, sadat hja it gewear teste kin dat er foar har makke hat. Sy is ûnder de yndruk fan syn fakmanskip, mar freget him om noch ferskate dingen oan te passen. As de kâns him dêrta foardocht, komt Jack de man dy't him folget oer it mad en fermoardet him; it blykt in hiermoardner út Sweden te wêzen. Jack skillet Pavel wer op en freget hoe't it kin dat de Sweden him fûn hawwe. Yn syn oanboazjende eangst wurdt er erchtinkend en begjint er sels Clara te wantrouwen as er in lyts model pistoal yn har hântaske ûntdekt. Hy befreget har dêroer, mar fynt har útlis, dat se it fjoerwapen oanskaft hat ta selsferdigening om't der berjochten oer fermoarde prostituees yn 'e kranten steane, befredigjend.

As syn lêste putsje foar Pavel stimt Jack deryn ta om it skerpskuttersgewear dat er foar Mathilde makke hat, by har ôf te leverjen. Op it lêste momint foar't er fuort sil, makket er de koffer dêr't it wapen yn sit, lykwols wer iepen. Hy moetet Mathilde yn in suterich weirestaurant en begjint by de oerhandiging fan it wapen te fermoedzjen dat Mathilde fan doel is him te fermoardzjen. Ear't der wat barre kin, arrivearret der in touringcarlading skoalbern. Mathilde langet Jack syn lean oer – in tsjûk kefert fol papierjild – en se geane beiden har eigen wegen wer. Wylst Mathilde fuortriidt, skillet Pavel har op en freget oft se Jack omlein hat. Se antwurdet fan net, mar seit dat se him folgje sil en de opdracht dochs noch útfiere.

Werom yn Castel del Monte moetet Jack Clara by in religieuze prosesje. Hy freget har om mei him út te naaien, en sy stimt ta. Mathilde, dy't Jack yndie folge is nei Castel del Monte, besiket him fan it dak fan in gebou ôf mei har nije skerpskuttersgewear dea te sjitten, mar it gewear ûntploft yn har gesicht. It docht bliken dat de erchtinkende Jack, krekt ear't er har it gewear bringe soe, in lytse 'libbensfersekering' ôfsletten hat troch it wapen te sabotearjen. As er Mathilde fan it dak fallen sjocht, triuwt er Clara it kefert mei jild yn 'e hannen en jout har opdracht om nei it plak by de beek te gean dêr't se earder tegearre picknickt hawwe om dêr op him te wachtsjen.

Jack draaft dêrnei op Mathilde ta, dy't ûnderwilens yn it stjerren leit op it trottoir. Fan har komt er oan 'e weet dat sy ek foar Pavel wurket en dat Pavel dejinge is dy't him út 'e wei romje wol. As Jack by Mathilde wei giet, heart er Pavel efter him. De beide mannen wikselje skotten út en Pavel sakket dea yninoar. Jack set gau nei syn auto ta, mar as er ûnderweis is nei it moetingsplak dêr't er mei Clara ôfsprutsen hat, beseft er dat er sels ek rekke is, yn syn ûnderliif, en dat er stadichoan deabliedt. Troch alle adrenaline dy't troch syn liif raast, hied er dat earder net fernommen. Hy is lulk dat it sa ôfrinne moat, mar wisberet om Clara noch ienris te sjen. Om dat te berikken, riidt er mei ûnferantwurdlike faasje. Krekt as er it picknickplak berikt en Clara op him ta komt, sakket er yninoar. Clara jout in gjalp en draaft op him ta. In wite flinter fladderet omheech de loft yn by Jack syn auto wei.

George Clooney.
Violante Placido.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise        
de Amerikaan, alias Jack of Edward George Clooney


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Clara Violante Placido
Mathilde Thekla Reuten
Pavel Johan Leysen
pastoar Benedetto Paolo Bonacelli
Ingrid Irina Björklund
Fabio Filippo Timi
Anna Anna Foglietta
de Sweedske hiermoardner Björn Granath

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The American waard makke troch de Nederlânske regisseur Anton Corbijn nei in senario fan Rowan Joffé. Dat wie basearre op 'e roman A Very Private Gentleman, fan Martin Booth, út 1990. (Nei de publikaasje fan 'e film, yn 2010, ferskynde dy roman tenei ek ûnder de titel The American.) Corbijn liet him foar syn film ynspirearje, sa seid er letter yn syn kommentaar by de dvd-útjefte fan The American, troch de spagettywesterns fan û.o. Sergio Leone (spesifyk The Good, the Bad and the Ugly en Once Upon a Time in the West) en de byhearrende filmmuzyk fan Ennio Morricone.

Utsjoch op Castel del Monte, yn Abrúzzen.

As produsinten wiene Anne Carey, Jill Green, Ann Wingate, Grant Heslov en haadrolspiler George Clooney by it projekt belutsen foar de filmstudio's This is that Corporation, Smokehouse Pictures en Greenlit. Foar de film wie in budget beskikber fan $20 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Martin Ruhe, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Dútske sjonger en lietsjeskriuwer Herbert Grönemeyer, in âlde freon fan Corbijn.

De opnamen setten foar The American yn septimber 2009 útein en fûnen plak op lokaasje yn ferskate lytse stedsjes yn 'e Italjaanske regio Abrúzzen, te witten: Castel del Monte, Sulmona, Castelvecchio Calvisio, Calascio, Campo Imperatore en Pacentro. De sênes yn Rome waarden dêre ek opnommen, en de sênes yn Sweden waarden filme yn Östersund, yn Jämtland.

De distribúsje fan The American waard fersoarge troch Focus Features. De film gie op 1 septimber 2010 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. The American waard op 28 desimber 2010 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige The American oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie tige ûnder de yndruk fan 'e film, dy't er 4 fan 4 stjerren taparte. Hy skreau: "Hjir ha je in oangripende film mei de fokus fan in Japansk drama, en in ûntrochlittich personaazje dat dat fan Alain Delon yn Le Samouraï fan Jean-Pierre Melville belykje kin." Yn it tydskrift Rolling Stone joech Peter Travers oan The American mar 21/2 fan 4 stjerren. Neffens him "beheint [Corbijn] syn film ta in stadich, gauris slakeftich tempo"; it resultaat wie, sa skreau Travers, "ferrassende soberheid". Leonard Maltin neamde de film op 'e webside IndieWire "in stadich fuortbewegend stimmingsstik yn 'e Jeropeeske styl, mei te min dialooch en aksje en tefolle sfear."

It doarpsplein fan Sulmona, yn Abrúzzen.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The American in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 224 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Like prachtich filme as emosjoneel behearske, is The American in ûngewoan ferdielde spionaazjeskriller – en ien dy't droegen wurdt troch in ûngebrûklik dimmen optreden fan George Clooney." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The American in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 36 resinsjes.

The American brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $35,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $32,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $67,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $20 miljoen betsjut dat in winst fan $47,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.