[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Winnetou 2. Teil

Ut Wikipedy
Winnetou 2. Teil
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Harald Reinl
produsint Horst Wendlandt
Ivo Vrhoveć
Erwin Gitt
Wolfgang Kühnlenz
senario Harald G. Petersson
basearre op de Winnetou-rige fan Karl May
kamerarezjy Ernst W. Kalinke
muzyk Martin Böttcher
filmstudio Rialto Film
Jadran Film
S.N.C.
Atlantis Film
distribúsje Constantin Film
spilers
haadrollen Pierre Brice
Lex Barker
byrollen Anthony Steel
Karin Dor
Klaus Kinski
Renato Baldini
Terence Hill
Eddi Arent
skaaimerken
lân/lannen West-Dútslân
Joegoslaavje
Frankryk
Itaalje
premiêre 17 septimber 1964
foarm langspylfilm
sjenre westernfilm
taal Dútsk
spyltiid 94 minuten
filmsearje
filmsearje Winnetou
● foarich diel Winnetou 1. Teil
● folgjend diel Winnetou 3. Teil

Winnetou 2. Teil (de punt jout in rangtelwurd oan, dus útsprutsen as Winnetou zweiten Teil) is in Westdútsk-Joegoslavysk-Frânsk-Italjaanske westernfilm út 1964. De Servo-Kroätyske titel wie Vinetu II, yn it Frânsk hiet de film Le Trésor des Montagnes Bleues, yn it Italjaansk Giorni di Fuoco, en yn it Ingelsk stied er bekend as Last of the Renegades. It wie de twadde yn in trilogy ferfilmings fan 'e ferneamde Winnetou-romans fan 'e Dútske skriuwer Karl May. Winnetou 2. Teil waard regissearre troch Harald Reinl, wylst Pierre Brice en Lex Barker de haadrollen spilen fan Winnetou en Old Shatterhand. De plot folget Winnetou wylst er yn it noarden fan 'e Grutte Flakten frede besiket te stiftsjen tusken de Yndianen en de blanken. Winnetou 2. Teil waard troch de Westdútske filmkritisy mei mingde resinsjes ûnthelle, mar ûntjoech him nettsjinsteande dat yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses.

Winnetou, it opperhaad fan 'e Apachen, bejout him nei de noardlike Grutte Flakten, dêr't oarloch driget tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de almar fierder harren lân ynkringende blanke kolonisten. Underweis nei it kamp fan 'e ynfloedrike Ta-Sha-Tunga, it opperhaad fan 'e Assiniboin, rêdt er in tsjeppe squaw dy't oanfallen wurdt troch in grizzlybear. It fanke blykt Ribanna te wêzen, de dochter fan Ta-Sha-Tunga. As Winnetou mei har it Assiniboin-kamp berikt, beriede de âldsten fan it folk harren dêr krekt oer it lot fan trije finzennommen Amerikaanske kavaleristen, ûnder wa luitenant Robert Merrill. Ta-Sha-Tunga is Winnetou tige tankber dat er syn ienlingsdochter fan in wisse dea rêden hat, dat hy freget him om mar te neamen wat er dêr as beleanning foar hawwe wol, en as it yn syn macht is, sil er it krije. Dêrop freget Winnetou om 'e frijlitting fan 'e trije Amerikanen. Dat falt der by de Assiniboin net bot yn, mar Ta-Sha-Tunga hâldt wurd, en lit Merrill-en-dy gean.

Luitenant Merrill, dy't de soan is fan kolonel J.F. Merrill, de kommandant fan Fort Niobrara, is ûnder syn ferbliuw by de Assiniboin ûnder de tsjoen rekke fan 'e tsjeppe Ribanna, en hy nimt him foar om alles te dwaan dat er kin om oarloch tusken de blanken en de Yndianen foar te kommen. Hy is dan ek skokt as hy en syn beide mannen, ûnderweis werom nei it fort der tsjûge fan binne hoe't in Ponka-doarp útmoarde wurdt troch in binde blanke banditen. Om't de Assiniboin harren wol har hynders, mar net harren wapens weromjûn hawwe, kinne Merrill-en-dy neat dwaan om 'e banditen tsjin te hâlden, mar Merrill riidt ûnferstannigernôch nei de lieder fan 'e banditen ta, in man dy't Luke Lucas hjit, en seit him oan dat er derfoar soargje sil dat er foar syn dieden boetsje sil. Luke stjoert dêrop in stikmannich fan syn mannen efter Merrill-en-dy oan om der wis fan te wêzen dat Merrill nea syn fort wer berikke sil. As dat espel banditen de warleaze militêren oanfalt, wurde se lykwols mei swiere ferliezen op 'e flecht dreaun troch Old Shatterhand.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Merrill en syn mannen keare neitiid werom nei Fort Niobrara, dêr't Merrill syn heit bepraat om Winnetou syn bedoelings te fertrouwen. Underwilens folgje Old Shatterhand en syn eksintrike Britske selskipsman Lord Castlepool it spoar fan 'e oerlibbenen fan it groepke banditen dat efter Merrill-en-dy oan stjoerd wie, nei in plak ta dêr't blanken mei man en macht oan it wurk binne om oalje út 'e grûn op te pompen. Luke en syn mannen blike te wurkjen foar de eigner fan it oaljestasjon, Bud Forrester. Dyselde is ûnrjochtlik op it lân fan 'e Ponka nei oalje oan it boarjen en hat besletten de Ponka út te rûgjen, sadat nimmen him dat belette kin. Old Shatterhand en Castlepool wurde finzennommen, mar it docht bliken dat Forrester ek it meastepart fan 'e arbeiders fan it oaljestasjon tsjin harren wil dêr oan it wurk hâldt. Nachts organisearret Old Shatterhand in útbraak fan 'e arbeiders, dy't útrint op in grut fjoergefjocht. In Ponka-kriger makket fan 'e gaos gebrûk troch in oaljebassên yn 'e brân te stekken, wêrnei't it hiele oaljestasjon yn flammen opgiet. Forrester-en-dy moatte tebekwike, de arbeiders flechtsje alle kanten út en Old Shatterhand en Castlepool witte te ûntkommen.

Underwilens binne Winnetou en Ribanna fereale opinoar wurden, en as Old Shatterhand him by syn bloedbroer yn it Assiniboin-kamp jout, bringt dy him mei syn nije leafde yn 'e kunde. Castlepool, dy't efterbleaun is om Forrester syn meneuvels by it útbaarnde oaljestasjon yn 'e rekken te hâlden, wurdt al rillegau troch de mannen fan Luke finzennommen en oan in grutte peal fêstbûn. Old Shatterhand reizget mei Winnetou en Ta-Sha-Tunga nei Fort Niobrara, dêr't Winnetou in fredeskonferinsje belein hat. Der binne fertsjintwurdigers fan alle stammen útnûge. It opperhaad fan 'e Ponka, dat begryplikerwize wrokket oer it útmoardzjen fan ien fan 'e doarpen fan syn folk, sjocht gjin oare mooglikheid om gerjochtichheid te krijen as troch oarloch. De oare opperhaden, útsein Ta-Sha-Tunga, binne it mei him iens. Luitenant Merrill rêdt lykwols de konferinsje troch te ferklearjen dat er ree is om Ribanna ta frou te nimmen om dêrmei de frede tusken Yndianen en blanken te besegeljen. Mei syn wolsprekkendheid kriget er alle Yndiaanske foaroanlju, útsein it opperhaad fan 'e Ponka, safier dat se de frede noch in kâns jaan wolle. Winnetou wurdt dan foar de bittere kar steld tusken frede op 'e noardlike Grutte Flakten en it folgjen fan hert. Hy kiest mei syn ferstân foar de frede, en wit neitiid ek de slim oerstjoere Ribanna te bepraten om datselde te dwaan.

Luitenant Merrill en Ribanna trouwe yn Fort Niobrara, mar Winnetou kin it net oansjen en ferlit healwei de plechtichheid it fort. Old Shatterhand giet mei syn freon en tegearre ride se nei it oaljestasjon, dêr't se ûntdekke dat Castlepool finzennommen is. Se wachtsje oant de nacht fallen is, wêrnei't Winnetou de Britske ealman befrijt. Dy fertelt harren dan dat Forrester en it meastepart fan syn mannen earder dy deis útriden binne om in konfoai mei kapweinen fan blanke kolonisten te oerfallen en út te moardzjen. It is harren doel om it lykje te litten as is de oerfal útfierd troch de Assiniboin, sadat de kavalery fanwegen komme sil tsjin dat folk en de frede daliks wer brutsen wurdt. Winnetou, Old Shatterhand en Castlepool driuwe harren hynders ta it uterste, mar arrivearje pas as de mannen fan Forrester harren bloedige wurk al dien hawwe en it konfoai útmoarde is. Se reitsje yn in fjoergefjocht ferwikkele mei Forrester-en-dy en wurde besingele.

Underwilens is Luke nei Fort Niobrara riden, dêr't er beart de iennichste oerlibbene fan it konfoai te wêzen. Hy fertelt freeslike ferhalen oer de dieden fan 'e Yndianen, dy't kolonel Merrill foar sûkerswiet oannimt. Robert Merrill, lykwols, is skeptysk as er de ferhalen út 'e twadde hân heart, en as er sels op ûndersyk útgiet, ken er Luke werom as de lieder fan 'e banditen dy't it Ponka-doarp útmoarden. Hy komt Luke oer it mad en oermasteret him, wêrnei't er him mei help fan Ribanna nei it Assiniboin-kamp ta bringt. Ta-Sha-Tunga ropt fuortendaliks al syn krigers gear en riidt nei it oaljestasjon fan Forrester, wylst Luitenant Merrill en Ribanna yn it Assiniboin-kamp efterbliuwe mei de froulju, bern en âlderein. Op it oaljestasjon binne lykwols inkeld de pear mannen dy't dêr efterbleaun wiene om Castlepool te bewekjen.

Winnetou, Old Shatterhand en Castlepool witte op slûchslimme wize oan 'e besingeling troch Forrester-en-dy te ûntkommen. Se ride in kavalery-ôfdieling ûnder kaptein Bruce yn 'e earms, dy't troch kolonel Merrill útstjoerd is om 'e spoaren fan 'e Assiniboin by it plak fan 'e oanfal op it konfoai wei werom te folgjen nei harren kamp. Old Shatterhand wit Bruce der lykwols fan it oertsjûgjen dat Forrester efter it bloedbad sit. Dyselde hat ûnderwilens ûntdutsen dat Winnetou-en-dy him troch de fingers glûpt binne. Hy begrypt dat dat betsjut dat syn spul hast út is, en beslút him te ferskânzjen op it oaljestasjon. Underweis komt er lykwols Luke tsjin, dy't oan 'e krigers fan Ta-Sha-Tunga ûntkommen is en him warskôget dat it oaljestasjon no yn 'e hannen fan 'e Assiniboin is. Hy fertelt lykwols ek dat luitenant Merrill en Ribanna ûnbewekke yn it Assiniboin-kamp efterbleaun binne. As se dy beiden finzen nimme, kinne se easken stelle oan net inkeld Ta-Sha-Tunga, mar ek oan kolonel Merrill.

Sadwaande ride Forrester en syn mannen nei it Assiniboin-kamp ta, dêr't luitenant Merrill en Ribanna harren mei de froulju, bern en âlderein yn in grot ferskûle hawwe. Forrester-en-dy nimme harren finzen, en as net folle letter Winnetou en Old Shatterhand mei de kavalery arrivearje, folget der in besingeling fan 'e grot. Ta-Sha-Tunga en syn krigers jouwe har by de kavalery. Forrester easket farske hynders, foarrieden en in frije trochtocht nei de Meksikaanske grins, of oars sil er Merrill en Ribanna begjinne te folterjen. Old Shatterhand besiket safolle mooglik tiid te rekken, wylst Winnetou mei in stikmannich Assiniboin-krigers de grot binnenkringt út in oare grot wei, dy't ûnder wetter mei-inoar yn ferbining steane. Dan is it gau dien mei Forrester syn binde. Inkeld hysels wit út 'e grot te ûntkommen, mar de Assiniboin-krigers sjitte him sa fol mei pylken dat er úteinlik wol in stikelbaarch liket.

De frede op 'e noardlike Grutte Flakten is no bewissige, en Winnetou en Old Shatterhand ride fuort, dêrby útwiuwd troch Ribanna en luitenant Merrill.

Pierre Brice yn 2006.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise Dútsktalige
neisyngronisaasje
Winnetou Pierre Brice Thomas Eckelmann
Old Shatterhand Lex Barker Gert Günther Hoffmann


byrollen
personaazje akteur/aktrise Dútsktalige
neisyngronisaasje
Bud Forrester Anthony Steel Rainder Brandt
Ribanna Karin Dor n.f.t.
David "Luke" Lucas Klaus Kinski n.f.t.
kolonel J.F. Merrill Renato Baldini Siegfried Schürenberg
luitenant Robert Merrill Terence Hill (neamd as Mario Girotti) Claus Jurichs
Lord Castlepool Eddi Arent n.f.t.
Susan Merrill Marie-Noëlle Barre
Red Ilija Ivezić
Carter Velemir Chytil Gerd Duwner
Caesar Stojan Aranđelović (neamd as Stole Aranđelović)
kaptein Bruce Đorđe Nenadović (neamd as George Heston) Hans Wocke
Gunstick Uncle Mirko Broman Gerd Martienzen
Ta-Sha-Tunga Bogdan Buljan Helmuth Grube
Wite Raven (Weißer Rabe) Gojko Mitić Hans Walter Clasen
luitenant Wagner Antun Nalis
Ponka-opperhaad Jozo Kovacević Heinz Lausch

Winnetou 2. Teil waard regissearre troch Harald Reinl nei in senario fan Harald G. Petersson dat skreaun wie op basis fan 'e Winnetou-boeken fan 'e Dútske skriuwer Karl May (1842-1912). As produsinten wiene by de film belutsen: Horst Wendlandt, Ivo Vrhoveć, Erwin Gitt en Wolfgang Kühnlenz. Winnetou 2. Teil wie in ko-produksje fan it Westdútske Rialto Film, it Joegoslavyske Jadran Film, de Frânske Societé Nouvelle de Cinématographie (S.N.C.) en it Italjaanske Atlantis Film. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ernst W. Kalinke, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Martin Böttcher.

De opnamen fûnen plak yn 'e Spandau Studio's yn West-Berlyn en op lokaasje yn Joegoslaavje (mear spesifyk: de Dalmatyske kustregio fan Kroaasje). De filmsets waarden ûntwurpen troch art director Vladimir Tadej. Mei't Winnetou 2. Teil in ynternasjonale cast hie, wêrfan't de leden net allegear Dútsk sprieken, waarden de teksten fan in protte akteurs yn 'e postproduksje fan 'e film yn it Dútsk neisyngronisearre (in proses dat yn 'e 1960-er jierren foar Jeropeeske ko-produksjes hiel gebrûklik wie). Sa krige bgl. de Frânske akteur Pierre Brice (Winnetou) de stim fan Thomas Eckelmann, wylst de teksten fan 'e Amerikaan Lex Barker (Old Shatterhand) ynsprutsen waarden troch Gert Günther Hoffmann.

Filmstudio Constantin Film wie ferantwurdlik foar de distribúsje fan Winnetou 2. Teil. De film gie op 17 septimber 1964 yn 'e Westdútske bioskopen yn premiêre.

Winnetou 2. Teil krige mingde resinsjes fan 'e Westdútske filmkritisy. Sa skreau de Mannheimer Morgen dat de film lang net Winnetou 1. Teil belykje koe. De Evangelischer Filmbeobachter fûn dat it wol liek as wie it de filmmakkers wat rûtine wurden en diene se net sa bot har bêst mear: "Oer rezjy, cast, kamerarezjy en filmmuzyk is sadwaande neat fan betsjutting te fermelden. Dat it romantyske lânskip fan Joegoslaavje yn 'e film kreas meispilet, komt net folslein op it konto fan 'e filmstêf."

Yn 'e Allgemeine Zeitung Mainz waard lykwols de aktearprestaasje fan Lex Barker as Old Shatterhand priizge, en ek dy fan Klaus Kinski as de bandyt Luke Lucas. De resinsje omskreau Winnetou 2. Teil mei trije wurden: "ienfâld, soberens en spanning," en fûn it fral foar de jongerein in tige gaadlike film.

Yn it Karl-May-Filmbuch, út 1998, omskreaun Michael Petzel de film as "de meast romantyske Karl May-film," dy't neffens him "net sunich wie mei moaie lânskippen, prachtige kleuren en tragyske leafde." Yn it Lexikon des internationalen Films waard Winnetou 2. Teil dan wer omskreaun as "al dúdlik oerflakkiger en stereotypysker as syn foargonger" en as "triviaal fermaak mei in soad gefjochten, in bytsje humor, in soad sentimint en inkele moaie lânskipsbylden."

Yn oktober 1965 waard oan Winnetou 2. Teil de Goldene Leinwand takend, in Westdútske priis foar films dy't binnen in jier tiid troch mear as trije miljoen minsken yn 'e bioskoop sjoen wiene.

Winnetou 2. Teil wie it ferfolch op 'e tige súksesfolle film Winnetou 1. Teil, út 1963. Yn 1965 waard de filmtrilogy kompleet makke mei Winnetou 3. Teil.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.