[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Roasfinster

Ut Wikipedy
Roasfinster fan de katedraal fan Straasburch

In roasfinster is in sirkelfoarmich finster, dat troch maaswurk segmintearre is en opfold wurdt mei al as net brânskildere glês.

Roasfinsters komme benammen foar yn goatyske katedralen en gruttere tsjerken. De oarsprong fan it roasfinster is lykwols âlder en se waarden yn ferskate foarmen yn it hiele midsiuwske tiidrek yn de bou tapast. Mei it opkommen fan de neogotyk waard it roasfinster op 'e nij populêr, sadat roasfinsters hjoed-de-dei oer de hiele wrâld yn tsjerken foarkomme.