[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Spannum

Ut Wikipedy
Spannum
Remigiustsjerke
Remigiustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 260 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,33 km², wêrfan:
- lân: 3,30 km²
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 74 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 8' N 5° 36' E
Offisjele webside
Side fan Spannum<
Kaart
Spannum (Waadhoeke)
Spannum

Spannum is in doarp noard fan Wommels yn de gemeente De Waadhoeke. By Spannum heart ek de buorskip Bonkwert.

It doarp hat 260 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Nei 1332 hie it grutte kleaster Lidlum oan de Swachlumerleane by Easterbierrum in Monik Huys, in úthôf. Yn 1487 wie der sprake fan in stins by Bonkwert. By de Huuckensera State wie ek in stinswier.[3]

Sint-Remigiustsjerke fanút it noardeasten.

De oarspronklik oan Sint-Remigius wijde tsjerke waard oan it ein fan de 15e iuw boud. De tsjerke waard yn 1586 troch de Spanjerts ferneatige, mar werboud. It letgoatyske gebou eaget jonger om't de súdlike muorre en it koer yn de twadde helte ommitsele binne. Allinne oan de noardmuorre is it âlde bakstienmateriaal út de goatyske tiid noch te sjen. Oan dy kant steane ek twa mânske trijehoekige bearen en yn 1910 is dêr in paviljoentsje foar de sintrale ferwaarming oanboud. De foarse trijelidde letgoatyske toer is fersierd mei djippe nissen fan wikseljende foarm en wurdt bekroand troch in sealtek. De toer falt ûnder de moaiste Fryske sealtektuorren.

Yn de tiid fan de Tachtichjierrige Oarloch waard yn 'e winter fan 1586 Fryslân oerfallen troch it Spaanske leger. It beferzen wetter hie de Fryske ferdigening kwetsber makke en 3000 Spaanske soldaten teagen mei 700 ruters ûnder lieding fan Jehan Baptist fan Taxis plonderjend troch de provinsje. Yn Spannum brocht it leger ek in soad lijen en it doarp waard mei de Remigiustsjerke yn 'e brân stutsen. Nei Spannum teach it leger fierder nei it noarden, dêr't it op 17 jannewaris by Boksum opwachte waard troch in yn alle hasten foarme Frysk leger. By de Slach by Boksum waarden de Friezen ynmakke troch de Spanjerds.[4]

Oant fier yn de 19e iuw wie de Lange Daam de iennige ûntsluting fan it doarp. De feart rint hast rjocht fan noard nei súd mei healwei oan de feart it doarp. Oan de súdkant rint er út yn de Boalserter Feart en oan de noardkant komt er oer in lyts stikje Aldmear út yn de Frjentsjerter Feart. Spannum hie dus in ferbining mei de drokste farwetters fan noardwest Fryslân. Mei de oanlis fan de dyk nei Wommels feroare it en krige it doarp ek in ûntsluting oer lân. Oan de nije dyk kaam nijbou fan grutte en lytse karakteristike doarpswenningen wêroan it doarp syn lange karakter te tankjen hat.

Wente fan it eardere fammeynternaat.

Tusken 1878 en 1905 stie yn it doarp in kristlik ynternaat foar fammen út de boppelaach. Dat wie in inisjatyf fan de doetiidske herfoarme dûmny Johannes Krull, dy't syn eigen dochters ek nei sa'n soarte skoalle stjoerd hie. Hy wist de tsjerkerie oer te heljen om de stifting mooglik te meitsjen. De famkes hiene gjin omgong mei Spannumers en de betûfte famkes mochten troch de wike allinne Frânsk prate, Nederlânsk wie allinne op snein tastien. De belangstelling rûn op 't lêst efterút en de skoalle waard nei it sluten ôfbrutsen, mar de wente oan de Tsjerkebuorren 31 bleau stean en die letter tsjinst as boargemasterswente.[5]

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Spannum diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Dêrnei kaam it yn de nij foarme gemeente Littenseradiel te lizzen. Op 1 jannewaris 2018 waard de gemeente Littenseradiel opdield en kaam Spannum yn gemeente De Waadhoeke te lizzen.

De ynwenners fan Spannum en Iens wurkje in soad tegearre en oant 2017 hiene de doarpen ek in mienskiplike feriening foar Doarpsbelang. Mei't de gemeentlike weryndieling de twa doarpen elk yn in oare gemeente yndielde, stelden de doarpen elk in eigen doarsbelang yn. It doarpshûs hjit 'Us Gebou' en in kommisje organisearret ienris yn 'e twa jier mei Iens in doarpsfeest. De tradisjonele skelnamme foar Spannumers is eartepûlen of smoarpotten.

Monumintale pleats Tsjerkebuorren 16.

De tsjerklike gemeente fan Spannum foarmet noch altiten in ienheid mei Iens.

De iepenbiere skoalle waard yn 1879 in kristlike skoalle. Letter krige de kristlike skoalle de namme 'De Tarissing'. Yn 2022 ferlear Spannum de skoalle fanwegen it sakjende learlingetal.[6] De pjutteopfang 'De Pikestjelp' wie al yn 2019 sletten.

Pastorij.

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside.)

Tsjerkebuorren 1.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013
Ynwenners 177 390 352 341 275 275 240 281
Jier 2015 2020
Ynwenners 270 270

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Bonkwerterreed, Felsumerleane, Laekwerterwei, Lytse Buorren, Pôle, Swachlumerleane, Sybrand Roordastrjitte, Tsjerkebuorren, Waling Dykstrastrjitte, Wyniastrjitte.

It hûs op it plak dêr't de eardere bakkerij fan Waling Dykstra stie.
  • Tusken 1840 en 1856 wenne de skriuwer Waling Dykstra yn Spannum. Hy wurke ynearsten op de bakkerij fan syn heit en mem, mar nei it ferstjerren fan syn mem ferkocht er de saak om him mear op it skriuwen ta te lizzen. Yn syn tiid yn Spannum skreau Dykstra it bekende liet 'Simmermoarn'. Op inisjatyf fan 'e Kristlike Muzykferiniening Oranje en de Stifting Mei-inoar waard yn 2023 yn Spannum it iepenloftspul Wat bisto leaflik!? organisearre.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: