[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Easterbierrum

Ut Wikipedy
Easterbierrum
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 555 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 5,45 km², wêrfan:
- lân: 5,41
- wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 104 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 14' N 5° 30' E
Offisjele webside
Doarpsside
Kaart
Easterbierrum (Waadhoeke)
Easterbierrum

Easterbierrum (útspr.: [jɛstərˈbjɪrœm], "jes-tur-bjir-rum"; pleatslik, yn it Bjirmsk, útspr. as "es-tur-bjir-rum") is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke. Easterbierrum leit noardeastlik fan Seisbierrum, noardwestlik fan Kleaster-Lidlum en westlik fan Tsjummearum. De doarpskearn fan Easterbierrum leit om de Haerdawei en Lidlumerwei. De buorskip Koehoal (diel) heart ek by Easterbierrum.

Op 1 jannewaris 2023 hie Easterbierrum 555 ynwenners.

Fan de rige doarpen dy't ûntstiene op in kwelderwâl en letter de Bjirmen neamd waard, is Easterbierrum it meast eastlike doarp. Nei alle gedachten waard it plak al sûnt de iere midsiuwen al bewenne.

Haerdawei

Easterbierrum waard yn 1275 foar it earst neamd as 'Asterberen'. Oare nammen lykas 'Aesterbirom' (1335) en 'Eesterberum' (1354). De lêste Aldfryske fariant yn teksten is 'Aesterbierum' (1535), wylst it doarp op in 16e-iuwske kaart as 'Aesterbirom' oantsjut wurdt. It earste diel is de ferbôge foarm fan it Aldfryske 'ast' (east), it twadde diel is in datyf fan de meartalsfoarm fan it Aldfryske 'bêre', dat hûs betsjut.[2]

Yn 1182 waard op in hege terp oan de seedyk, op it plak dêr't no de pleats Koehoal stiet, it oan Us-Leaffrouwe wijde kleaster Lidlum stifte. Ynearsten wie dat kleaster in dûbelkleaster, mar mei't it kleaster yn 1186 oergie nei de Premonstratinzers, dy't gjin dûbelkleaster tastienen, ferhûzen de nonnen nei it yn Muontsebaaium stifte nonnekleaster Sint-Michylsberch. De muontsen soargen foar de diken, mar moasten mei't it lân der jimmeroan wer ûnder strûpte in pear kear nei in heger diel ferhûzje. It moat in foars kleaster west ha, dêr't op in stuit mar leafst 600 muontsen wennen. Wettergeuzen plonderen it kleaster yn 1572. Mei de reformaasje giene de besittings fan it kleaster (allinne al 1.000 hektare lân en mei dy fan it kleaster yn Muontsebaaium sels 1600 hektare) oer oan de Steaten, dy't de gebouwen ôfbrekke lieten.[3]

Sint-Joaristsjerke

De âldste dielen fan de Sint-Joaristsjerke datearje út likernôch 1200. Yn de 14e iuw waard it skip yn eastlike rjochting útwreide. De tsjerke krige om 1500 syn hjoeddeiske goatyske foarm. Nei de ynfiering fan de reformaasje yn 1580 waard it in protestantske tsjerke. Op 22 july 1888 waard yn Easterbierrum in twadde tsjerke foar de grifformearden iepen.[4] Dy tsjerke waard yn 2004 ôfstjitten by de foarming fan in PKN-gemeente. Yn itselde jier krige de eardere herfoarme tsjerke de namme fan de âlde patroanhillige Sint-Joaris werom.

Oant yn de Lette Midsiuwen wiene de diken oer it lân meastentiids ûnbegeanber en wie men foar it grutste part op ferbining oer it wetter oanwiisd. Dy wiene ek wichtich foar de ûntwikkeling fan de doarpen. Troch de eardere slinke hie Easterbierrum altyd in goede natuerlike ferbining mei Tsjummearum.

It plak fan de eardere Haerda state

Yn it súdwesten fan it doarp stie eartiids de stins fan it skaai Haerda. Op it plak fan de Haerdastate stiet hjoeddedei in pleats. Haerdastate wie oant 1640 noch yn besit fan it skaai, mar waard doe al lang oan in boer ferpachte. De state soe neffens it Ierdrykskundich Wurdboek fan de Nederlannen fan Van der Aa noch yn 1662 bestien ha, mar waard om 1702 hinne ôfbrutsen en twa jier letter ferfongen troch in foar dy tiid moai boerehûs.[5]

Fan 1 oktober 1903 oant 15 maaie 1935 hie it doarp in stopplak oan it spoar fan Harns-Stiens.

Sûnt 2018 leit Easterbierrum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Barradiel.

Doarpshûs It Mienskar
Ald pleatske oan de Haerdawei 14

It doarpshûs fan Easterbierrum en Kleaster Lidlum is It Mienskar. De doarpskrante is ferneamd nei de eardere patroanhillige Sint-Joaris. Yn juny wurdt it doarpsfeest holden, dat organisearre wurdt troch de Oranjeferiening.

Der wurdt yn Easterbierrum in noardlike foarm fan it Klaaifrysk sprutsen, dy't Bjirmsk hjit.

Ferienings/Stiftings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Easterbierrum fan 'e bjuzze ôf

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013
Ynwenners 592 895 891 795 758 739 470 532
Jier 2015 2020
Ynwenners 563 545

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Monumintale pleats út 1774 oan de Hoarnestreek 19

't Nebke, Alef van Idsingawei, Bauke Poelstrastrjitte, Brits, Buorren, Dr Jelle Zijlstraleane, Eilân, Eilânswei, Fiskerspaed, Haerdawei, Hoarnestreek, Keatsebuorren, Konkelswei, Lidlumerwei, Sedyk, Sint Jorisstrjitte, Skoalstrjitte, Slachte, Stasjonsreed, Terp.

  • De Slachtedyk rint fan Easterbierrum oant Raard by Snits en is mear as 40 km lang. De dyk is opboud út seepolderdiken dy't sûnt de 10e iuw oanlein binne om de Middelsee.
  • Troch dit plak rint de Jeropeeske kuierrûte E9 ek wol North Sea Trail of Deltapaad neamd. De E9 rint lâns de kust fan Portugal nei de Baltyske steaten. Ek is hjir de start fan de Slachtemaraton oer de Slachtedyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: