[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sineesk

Ut Wikipedy
Ferspriedingsgebiet Sineeske talen

Sineesk of Sineeske talen is in sammelnamme foar in groep talen dy't mei elkoar de Sinityske tûke fan de Sino-Tibetaanse taalfamylje foarmje. Meastal wurdt mei Sineesk it standertmandaryn bedoeld, de offisjele taal fan de Folksrepublyk Sina, fan Taiwan en fan Singapore. Dy standerttaal is basearre op it Beijinghua, it Pekingdialekt fan it Mandaryn, de grutste fan de Sineeske talen. Feitlik kin it Sineesk beskôge wurde as in makrotaal, dy't sprutsen wurdt troch ûngefear 1,22 miljard minsken, benammen yn Sina, Taiwan, mar ek yn oare lannen fan it Fiere Easten, wêrûnder Maleizje, Tailân, Yndoneezje en Singapore. Ek wurdt de taal sprutsen troch in soad oerseeske Sinezen. De Sineeske talen besteane al heul lang, der binne al geskriften weromfûn fan mear as 2500 jier lyn en Sineeske karakters op orakelbonken dy't noch âlder binne.

Der binne tsien Sineeske talen dy't ûnderdiel binne fan de Sineeske makrotaal:

Fierders binne der noch fiif Sineeske talen dy't noch net troch linguïsten yndield binne:

Dizze talen kinne omskreaun wurde mei Sineeske karakters, Hanzy. Dêrneist binne der talen as it Yi dy't ek yn Sina sprutsen wurde.

Der binne ûngefear 12.000 moderne Sineeske karakters (Hanzi). Yn it ferline hawwe der folle mkear west. It Kangxi-wurdboek, skreaun yn de Qing-dynasty beslaat 47.035 karakters. It resinte Hanyu Cidian beslaat sa'n 56.000 karakters, mar hjir binne ek karakters by dy't no yn ûnbrûk rekke binne.

In soad karakters kinne op harsels meardere betsjuttings hawwe, mar meastal bestiet in wurd út twa of mear karakters, of kin út de kontekst opmakke wurde hokker betsjutting bedoeld wurdt.

De gemiddelde Sinees ken ûngefear 4.000 karakters, 6.000 karakters wurdt sjoen as it minimum om je oan melde te kinnen foar in univerrsitêre oplieding, heech opliede Sinezen kenne ûngefear 7.000 oant 10.000. De komplekse wurking fan dit skrift soarget derfoar dat in soad minsken yn Sina en dêr wêr't de Sineeske talen sprutsen wurde net of net goed genôch lêze of skriuwe kinne. Neffens de CIA-The World Factbook kin 14% fan de Sinezen net lêze of skriuwe.

Om de swierrigensgraad fan it Sineeske skrift hat it kommunistyske bewâld yn de begjinjierren it ôfskaffe wold om it hielendal te ferfangen troch Hanyu pinyin. Dat brocht lykwols it probleem mei him dat eltsenien goed Mandaryn lêze en ferstean kenne moast. Ek soe skreaun Sineesk, troch de protte homofoanen yn de taal, tige slim lêsber wurde. Uteinlik is dêrom fan it plan ôfsjoen. Wol binne yn de jierren 50 fan de 20e iuw de ferienfâldige karakters ynfierd, dy't it skrift makliker meitsje maosten. Oer de fraach oft it Sineesk troch dizze simplifikaasje yndie makliker wurdn is binne de mienings slim ferdield.

In yn it Sineeske skrift stelde tekst is foar elke lettere Sineesk te begripen, al kinne twa sprutsen ferzjes fan deselde tekst ûnderling folslein ûnfersteanber wêze. As it Latynske alfabet echt ynfierd wie hie elke taal syn eigen skriuwwize krigen en soenen ek skreaune teksten ûnderling net begrypelik wêze.

Of it Latynske alfabet sowieso al in opsje west hawwe kind hie is no noch faak in punt fan diskusje. Krektas yn it Fietnameesk soe men dan needsake wêze om tige yntisyf mei kombinearre diakrityske tekens wurkje te maottten. TRoch de protte homonimen yn it Mandaryn Sineesk soe in tekst noch folle yngewikkelder wurde om te begripen. Ta yllustraasje in ferneamde Sineeske tongbrekker wêrút dúdlik wurdt dan in soad karakters der ferkillend útsjogge, wat ferskillends betsjutte mar wol itselde of hast itselde útsprutsen wurdde. It betreft in koart ferhaaltsje yn it klassike Mandaryn skreaun mei karakters dy't allegear transliterearre wurde kinne as 'shi'. Allinnich de toan is ferskillend.

Hànzy Hànyǔ pīnyīn Fryske oersetting
施氏食獅史 shīshìshíshīshǐ It ferhaal fan menear Shi dy't liuwen yt
石室詩士施氏,嗜獅,誓食十獅。 shíshìshīshìshīshìshìshīshìshíshíshī Der is n dichter waans famyljenamme Shi wie, hy wennet yn in stiennen keamer en hâld der fan om liuw te iten, hy swarde tsien liuwen te iten.
施氏時時適市視獅。 shīshìshíshíshìshìshìshī At er koe gie menear Shi nei de merk om foar liuwen te sjen.
十時,適十獅適市。 shíshíshìshíshīshìshì Om tsien oere, kamen tsien liuwen nei de merk.
是時,適施氏適市。 shìshíshìshīshìshìshì En menear Shi kaam ek nei de merk.
氏視是十獅,恃矢勢,使是十獅逝世。 shìshìshìshíshīshìshǐshìshǐshìshíshīshìshì Menear Shi seach de tsien liuwen en brûkte pylk-en-bôge om de tsien liuwen te deadzjen.
氏拾是十獅尸,適石室。 shìshíshìshíshīshīshìshíshì Menear Shi naam de lichems fan de tsien liuwen mei en brocht se nei syn stienen keamer.
石室濕,氏使侍拭石室。 shíshìshīshìshǐshìshìshíshì De stienen keamer wie wiet, menear Shi frege de betsjiner om de keamer skjin te meitsjen.
石室拭,氏始試食是十獅。 shíshìshìshìshǐshìshíshìshíshī De stienen keamer wie klear, menear Shi besocht om de tsien liuwen op te iten.
食時,始識是十獅,實十石獅尸。 shíshíshǐshíshìshíshīshíshíshíshīshī Doe't hy ite woe, fernom hy dat de liuwen fan stien wienen.
試釋是事。 shìshìshìshì Besykje de situaasje te ferklearjen.

shī: De earste toan is read kleure.
shí: De twadde toan is grien kleure.
shì: De tredde toan is blau kleure.
shǐ: De fjirde toan is pears kleaure.

De Sineeske talen binne saneamde tonale talen, wêrby't de feroaring fan de toan fan in wurd de betsjutting fan dat wurd hielendal feroarje kin.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]