[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sapporo

Ut Wikipedy
Sapporo
Bestjoer
Lân Japan
Prefektuer Hokkaido
Subprefektuer Ishikari
Boargemaster Fumio Ueda
Sifers
Ynwennertal 1.946.313 (maart 2017)
Oerflak 1121,12 km²
Befolkingsticht. 1736 ynw./km2
Oar
Stifting 1869
Postkoade 〒060-8611
Offisjele webside
Sapporo
It Odori Park yn 2007

Sapporo (札幌市,Sapporo-shi) is de haadstêd fan de Japanske prefektuer Hokkaido en fan de subprefektuer Ishikari . Op 1 april 2008 hie de stêd 1.893.547 ynwenners. De befolkingstichtens wie 1680 ynw./km². It oerflak fan de stêd is 1121,12 km². De stêd waard stifte yn 1869. De namme komt út de taal fan de Ainû, de oarspronklike bewenners fan Hokkaido, en betsjut 'grut drûch lân', of 'wichtige rivier dy't troch de flakte streamt'. Op 1 april 1972 waard Sapporo in dekretaal designearre stêd.

Yn 1972 waarden in Sapporo de Olympyske Winterspullen hâlden. Sapporo wie ek kandidaat foar de Olympyske Winterspullen fan 2014, mar luts him yn 2006 werom, 'troch in gebrek oan finansjele middels', neffens boargemaster Fumio Ueda.

Alle jierren fynt hjirre yn febrewaris, it troch miljoenen besochte sniefestival plak, bekend troch de tige grutte gebouwen dy't fan iis en snie oplutsen wurden.

Der komme houtprodukten en it bekende Sapporo-bier wei.

De wiken fan Sapporo

Sapporo hat 10 wiken (ku) :

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lizzing fan Sapporo yn Japan
  • Mei it fleantúch - lofthaven New Chitose fersoarget binnenlânske- en bûtenlânske linetsjinsten foar de regio.
  • Mei de trein - it station Sapporo is it wichtichste ferfiersknooppunt yn de stêd en ek in spoarweiknooppunten fan Hokkaido. Het stasjon is ferbûn mei de metro fan Sapporo en lei oan de folgjende spoarlinen:
    • Hakodate-haadline
    • Chitose-line
    • Sassho-line
    • Hokkaido Shinkansen (takomst)

Dy spoarlinen binne fan de Hokkaido Railway Company.

  • Mei de metro en tram - Sapporo krige yn 1971 as fjirde stêd fan it lân in metro. Op de trije linen fan de metro ride bannemetro's. Yn it sintrum wurdt ek in tramline eksploitearre troch it stêdsferfiersbedriuw.
  • Mei de auto - Sapporo leit oan de Dōō-autodyk, de Sasson-autodyk en oan de autodiken 5, 12, 36, 230 231, 274, 275, 337 en 453.
It stedhûs fan Sapporo

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]