[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sorrell Booke

Ut Wikipedy
Sorrell Booke
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sorrell Booke
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 jannewaris 1930
berteplak Buffalo (New York)
stoarn 11 febrewaris 1994
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Joadsk
jierren aktyf ±19501994
offisjele webside
gjint

Sorrell Booke (Buffalo (New York), 4 jannewaris 1930Los Angeles (Kalifornje), 11 febrewaris 1994), wie in Amerikaansk akteur fan etnysk Joadsk komôf, dy't yn syn karriêre sawol yn films, op 'e tillefyzje as op it toaniel te sjen wie. Hy waard lykwols it bekendst mei syn rol as de korpulinte en korrupte pleatlike politikus Boss Hogg, yn 'e tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sorrell Booke waard yn 1930 berne yn Buffalo, yn 'e steat New York. Hy studearre oan 'e Kolumbia Universiteit fan New York en de Universiteit fan Yale te New Haven, en behelle titels oan beide. Hy wie goed ûnderlein en spriek fiif ferskillende talen. Under de Koreä-oarloch tsjinne er yn it Amerikaanske Leger as in ofsier by de kontraspionaazjetsjinst. Booke wie fan 1958 oant 1973 troud mei Miranda Knickerbocker, de dochter fan 'e korrespondint en Pulitzerpriiswinner Hubert Renfro Knickerbocker, mei wa't er twa bern hie, Alexandra en Nicholas.

Oan Yale hie Booke toanielwittenskippen studearre, en nei syn tsjinsttiid sette er útein mei in karriêre as toanielakteur yn New York. Ien promininte rol dy't er dêr ferfolle wie dy fan senator Billboard T. Rawkins, yn in revival út 1960 fan it toanielstik Finian's Rainbow. Net lang dêrnei bejoech Booke him nei Hollywood, dêr't er yn films spile as Black Like Me (1964), Fail-Safe (1964) en A Fine Madness (1966).

Syn earste tillefyzjerol spile Booke yn 1952 al, en letter waard er nominearre foar in Emmy Award foar syn rol yn 'e ôflevering What's God to Julius? fan 'e rige Dr. Kildare. Fanôf likernôch 1965 begûn er him benammen op tillefyzjewurk ta te lizzen, wêrby't er gastrollen fertolkte yn searjes as The Wild Wild West, All in the Family, M*A*S*H, Gunsmoke, Alias Smith and Jones, Kung Fu, The Streets of San Francisco, The Little House on the Prairie en The Love Boat.

By it grutte publyk krige Booke lykwols pas yn 1979 bekendheid, doe't er de rol fan Jefferson Davis Hogg, better bekend as Boss Hogg, krige, de tûntsjerûne, ynklauwerige en troch- en trochkorrupte county-kommissaris yn 'e hitsearje The Dukes of Hazzard. Tegearre mei syn sweager en trewant, de ûnnoazele sheriff Rosoe P. Coltrane (James Best) tocht Hogg almar wer snoade plannen op om 'e neven Bo en Luke Duke (John Schneider en Tom Wopat) efter de traaljes te krijen en dêr sels better fan te wurden, mar dy oprjochte boeven wiene him úteinlik altyd te fluch ôf. The Dukes of Hazzard rûn sân tillefyzjeseizoenen, oant 1985.

Neitiid helle Booke dyselde populariteit nea wer. Hy gie troch mei it spyljen fan gastroltsjes en oare lytse rollen yn in pear tillefyzjesearjes, mar begûn him dêrnjonken hieltyd mear ta te lizzen op stimaktearwurk, soms as ferteller of voice-over en soms ek as tekenfilmpersonaazjes, lykas yn Scooby-Doo Meets the Boo Brothers, út 1987. Booke gie troch mei wurkjen oant er op 11 febrewaris 1994 yn 'e Los Anzjelynske wyk Sherman Oaks kaam te ferstjerren oan termkanker. Hy waard 64 jier en leit begroeven te Culver City yn Kalifornje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.