Manche
Manche | |
---|---|
De lizzing fan it departemint Manche yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Normandje |
haadplak | Saint-Lô |
grutste plak | Saint-Lô |
departemintsnûmer | 50 |
sifers | |
ynwennertal | 495 983 (2018) |
oerflak | 5 938 km² |
befolkingstichtens | 84 / km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49° 3′ N 1° 15′ E |
webside | www.manche.fr |
It departemint Manche is yn fan de fiif departeminten fan de regio Normandje. De haadstêd fan it departemint is Saint-Lô. It departemint is ferneamd nei It Kanaal, dat yn it Frânsk la Manche hjit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It departemint ûnstie as ien fan de 83 departeminten yn de Frânske Revolúsje. Oant 1796 wie Coutances de haadstêd fan it departemint. Om't Saint-Lô yn 1944 hast folslein platbombardearre wie, waard Coutances nei de Twadde Wrâldkriich op 'e nij foar in skoftke de prefektuer fan it departemint en dat bleau sa oant Saint-Lô wer opboud wie.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oanbuorjende departeminten binne Calvados, Orne, Mayenne en Ille-et-Vilaine. Manche wurdt yn it westen, it noarden en it noardeasten omklamme troch It Kanaal. It noardlike part fan it departemint is in skiereilân dat Cotentin hjit. It departemint hat in kust fan 350 kilometer lang.
It UNESCO-wrâlderfgoed Mont Saint-Michel is foar toeristen oer de hiele wrâld bekend.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Manche is te ferdielen yn fjouwer arrondisseminten:
- Avranches
- Cherbourg
- Coutances
- Saint-Lô
De arrondisseminten binne ûnderferdield yn meiïnoar 27 kantons en 446 gemeenten.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Untwikkeling ynwennertal departemint Manche:
De fiif grutste plakken binne: Cherbourg-en-Cotentin, Saint-Lô, Granville, La Hague en Coutances.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kûlissenlânskip -
Mont Saint Michel -
Nez de Jobourg -
Ponte du Roc -
Marais du Cotenting -
Katedraal fan Coutances
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Manche fan Wikimedia Commons. |