[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Maximilian Schell

Ut Wikipedy
Maximilian Schell
akteur
Maximilian Schell (1961)
Maximilian Schell (1961)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maximilian Schell
nasjonaliteit Eastenryksk,
Switsersk
berne 8 desimber 1930
berteplak Wenen
stoarn 1 febrewaris 2014
stjerplak Innsbruck
jierren aktyf 19552014
Maximilian en syn suster Maria Schell yn 1959
Maximilian Schell yn 2011

Maximilian Schell (Wenen, 8 desimber 1930 - Innsbruck, 1 febrewaris 2014) wie in Eastenryksk-Switsersk akteur, filmregisseur en skriuwer.

Maximilian Schell waard berne yn Wenen en opbrocht yn Zürich, dêr't de húshâlding hinne gien wie yn 1938 nei de Anschluss fan Eastenryk by Nazy-Dútslân. Hy wie in soan fan skriuwer, dichter en apteker Ferdinand Hermann Schell en aktrise Margarete Schell Noé. Syn broer Carl en susters Maria en Immy wiene ek akteurs. Schell studearre filosofy, keunstskiednis en myzyk- en teaterwittenskippen oan de universiteit fan Zürich en ek yn Basel en München. Schell fuotballe by Grasshopper Club Zürich, dêr't er oant syn dea ta fan fan bliuwe soe. Yn 1952 hat er noch oan it konservatoarium yn Bern studearre.

Sûnt 1955 wie er yn films te sjen. Syn earste filmrol dy't bekend waard wie yn The Young Lions út 1958. Foar syn rol yn de film Judgment at Nuremberg (1961) krige er in Academy Award foar Bêste Akteur. Fierders spile er karakterrollen op toaniel, wie er telefyzje akteur en keunstskilder.

Schell wie befreone mei skriuwer en lettere presidint fan Tsjechje Václav Havel.

Filmografy (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Maximilian Schell fan Wikimedia Commons.