[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Mathieu van der Poel

Ut Wikipedy
Mathieu van der Poel
sporter
Mathieu van der Poel (2022)
Mathieu van der Poel (2022)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mathieu van der Poel
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 19 jannewaris 1995
berteplak Kapellen flagge fan Belgje
lingte 1.84 m
gewicht 75 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Fjildriden,
Berchfytsen,
Dykhurdfytsen
O.S. Tokio 2020
debút 2009
wichtige prestaasjes
Fjildriden
5x goud Wrâldkampioenskippen
2015, 2019-2021, 2023
1x sulver Wrâldkampioenskippen 2017
1x brûns Wrâldkampioenskippen 2018
Berchfytsen
1x brûns Wrâldkampioenskippen 2018
Dykhurdfytsen
1x goud Wrâldkampioenskippen
2023

Mathieu van der Poel (Kapellen, Belgje 19 jannewaris 1995) is in Nederlânsk fjildrider, berchfytser en dykhurdfytser. Mathieu is in soan fan hurdfytser Adrie van der Poel en in pakesizzer fan de Frânske hurdfytser Raymond Poulidor. Mathieu syn broer David is ek fjildrider.

Van der Poel by it WK fjildriden yn 2020

Van der Poel wie yn 2015 yn Tábor de jongste wrâldkampioen fjildriden ea, en ferovere ek yn 2019, 2020, 2021 en 2023 de reinbôgetrui. Dêrneist waard er trije kear Europeesk kampioen fjildriden, seis kear Nederlânsk kampioen fjildriden, twa kear Nederlânsk kampioen op de dyk, ien kear Europeesk kampioen berchfytsen en ien kear Nederlânsk kampioen berchfytsen.

Op de dyk wûn er klassikers as Milaan-San Remo, twa kear de Omgong fan Flaanderen, Parijs-Roubaix, de Amstel Gold Race, de Strade Bianche, twa kear Dwers troch Flaanderen en de Brabânske Pylk. Yn de Omgong fan Frankryk helle er in etappewinst en hie er seis dagen it giele liedershimd oan. Ek yn de Omgong fan Itaalje skreau er in etappe op syn namme en droech er trije dagen it rôze liedershimd.

Yn 2021 die er yn Tokio mei oan it Berchfytsen op de Olympyske Simmerspullen hy gie hjirby yn de earste omgong ûnderút op in sprong hie gie earst noch al fjirder mar moast twa omgongen letter dochs út de wedstriid stappe, ta gefolch fan dizze fal koe er in moanne letter ek net meidwaan oan it Wrâldkampioenskip berchfytsen yn Itaalje.

Yn 2023 begûn er it jier mei it Wrâldkampioenskip fjildriden dat er foar de fyfde kear wûn, yn de maitiid wûn hy Milaan-San Remo en Parys-Roubaix, mar yn de simmer behelle er it wrâldkampioenskip dykhurdfytsen as earste Nederlanner yn 38 jier tiid, hy folge hjirmei Joop Zoetemelk op, dy't it wrâldkampioenskip yn 1985 wûn.

Dielname oan grutte omgongen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2021 - net finisht; winner 2e etappe.
  • 2022 - net finisht;
  • 2023 - 57e;

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 2022 - 57ste; winner 1ste etappe.
  • 2014-2016 - BKCP
  • 2016-2017 - Beobank-Corendon
  • 2018-2019 - Corendon-Circus
  • 2020-no - Alpecin

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL