[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Adrie van der Poel

Ut Wikipedy
Adrie van der Poel
sporter
Adrie van der Poel (2020)
Adrie van der Poel (2020)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Adrianus Aloysius Jacobus van der Poel
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 17 juny 1959
berteplak Bergen op Soom
lingte 1.81 m
gewicht 70 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Fjildriden,
Dykhurdfytsen
O.S. Moskou 1980
debút 198?
karriêre-ein 2000
wichtige prestaasjes
Fjildriden
1x goud Wrâldkampioenskippen 1996
5x sulver Wrâldkampioenskippen
1985, 1988-1991
2x brûns Wrâldkampioenskippen 1992, 1999
Dykhurdfytsen
1x sulver Wrâldkampioenskippen 1983

Adrianus Aloysius Jacobus (Adrie) van der Poel (Bergen op Soom, 17 juny 1959) is in earder Nederlânsk fjildrider, en dykhurdfytser. Adrie van der Poel is de heit fan hurdfytsers Mathieu en David van der Poel

Adrie van der Poel yn 1989

Van der Poel hie in ymposante karriêre mei seis klassiker oerwinningen, twa etappe oerwiningen yn de Omgong fan Frankryk en it wrâldkampioenskip fjildriden yn 1996. Hy behelle boppedat yn protte eareplakken yn wichtige wedstriden, sa waard er twadde op it wrâldkampioenskip op de dyk yn 1983 en helle er fiif twadde plakken op wrâldkampioenskippen fjildriden.

Hy begûn syn karriêre op de dyk, en foel al yn syn earste seizoen by de profesjonele fytsers op mei twadde plakken yn Parys-Nice en de Waalske Pylk. Geandewei syn karriêre gie er ek fjildriden om it hiele jier yn kompetysje bliuwe te kinnen. Al gau die bliken dat er yn dy dissipline by de wrâldtop hearde en de lêste jierren fan syn karriêre hold er him suver allinne noch mei it fjildriden dwaande.

Adrie van der Poel waard yn syn karriêre twa kear op doping trappearre. Yn 1983 rûn er tsjin de lampe fanwegen strychninegebrûk. It ekskús dat er opfierde wie: "Ik heb duivenvlees gegeten, en die duivenmelkers drogeren hun beesten, dus vandaar". Yn 1984 waard er by de Omgong fan Sisylje betrape op it ferbeane middel efedrine. Dit middel wie ôfkomstich fan in hoastdrank dy't er nommen hie tsjin ferkâldheid, hy waard foar trije moannen skorst.

Yn 1986, it jier dat er de Omgong van Flaanderen wûn, waard er ûnderskieden mei de Gerrit Schulte Trofee foar de bêste Nederlânske profhurdfytser. Adrie is boaske mei in dochter fan de Frânske hurdfytser Raymond Poulidor.

Dielname oan grutte omgongen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielname oan de Omgong fan Spanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1991 - 71ste;

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1993 - 100ste;
  • 1981-1982 - DAF Trucks
  • 1983 - Jacky Aernoudt Meubelen-Rossin
  • 1984-1986 - Kwantum Hallen
  • 1987-1988 - PDM
  • 1989 - Domex-Weinmann
  • 1990 - Weinmann-SMM Uster
  • 1991-1992 - Tulip Computers
  • 1993 - Mercatone Uno-Medeghini
  • 1994-1995 - Collstrop
  • 1996-2000 - Rabobank

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL