[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Dieren

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bist)
Dieren
Biodiversiteit fan it bisteryk.
Biodiversiteit fan it bisteryk.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: dieren (Animalia)
Linnaeus, 1758

De dieren of bisten (Latynske namme: Animalia) foarmje yn 'e taksonomyske yndieling fan libbene organismen in ryk, dat yn 'e mande mei de riken fan 'e planten (Plantae), skimmels (Fungi), protisten (Protista) en guon lytsere groepen organismen it domein of bopperyk fan 'e eukaryoaten (Eukaryota) opmakket. (De eukaryoaten steane dan wer op ien hichte mei de baktearjes (Bacteria) en de oerbaktearjes (Archaea).)

Dieren binne rjusellige organismen dy't foar it meastepart mobyl binne, wat sizze wol dat se har spontaan en ûnôfhinklik bewege kinne. Harren lichemsfoarm berikt op in beskaat stuit yn harren libben it punt dat it in fêste foarm kriget (ophâldt mei groeien), al binne der guon soarten dy't letter yn it libben in proses fan metamorfoaze trochmeitsje. Alle dieren binne heterotroof en moatte dus oare libbene (of deade) organismen opite om harsels fan enerzjy te foarsjen, dy't se frijmeitsje troch in reäksje mei soerstof. Biologysk sjoen is de minske gewoan ien fan 'e withoefolle bistesoarten.

Fan 'e measte groepen dy't tsjintwurdich ta de dieren rekkene wurde, geane de fossile (foar-)foarmen tebek oant de saneamde Kambryske Eksploazje, sa'n 542 miljoen jier lyn. De bekenste groepen bisten (dy't it bekendst binne om't de soarten dy't derta hearre it grutst fan stal binne) hearre ta de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata) en dêrbinnen ta de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata). Dy groepen binne û.m. de sûchdieren, reptilen, fûgels, fisken en amfibyen. Oare grutte groepen binne de lidpoatigen (mei û.m. de ynsekten, spineftigen, kreefteftigen en tûzenpoatigen), de ferskate groepen wjirms, de weakdieren, de spûnsdieren en de kwabben.

It diereryk kin yn trije haadgroepen yndield wurde op grûn fan kompleksiteit en it al of net besitten fan beskate lichaamlike skaaimerken:

In yngeandere, taksonomyske ûnderferdieling wurdt hjirûnder jûn.

Klassifikaasje fan dieren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In skiifdiagram dêr't de ferdieling fan it bisteryk yn soarten op werjûn is. (De Arthropoda (ljochtblau) binne de lidpoatigen; de Mollusca (pears) binne de weakdieren; de Chordata (ljochtgrien) binne de rêchstringdieren.)
Klassifikaasje fan it Bisteryk

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.