Langsturtwrotmûs
langsturtwrotmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Microtus longicaudus | ||||||||||||
Merriam, 1888 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De langsturtwrotmûs (wittenskiplike namme: Microtus longicaudus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan 'e Nije Wrâld (Pitymys), dat foarkomt yn it westen fan 'e Feriene Steaten, oan 'e Pasifyske kust, yn 'e Grutte Dobbe en yn 'e Rocky Mountains, en fierders yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia en it súdlike diel fan it territoarium fan 'e Yukon, en ek yn eastlik en súdeastlik Alaska. De Coronationeilânske wrotmûs, dy't foarhinne wol as in selsstannige soarte beskôge waard, wurdt no as in ûndersoarte fan 'e langsturtwrotmûs sjoen.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langsturtwrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 18 sm, mei in sturtlingte fan 8 sm en in gewicht fan 50 g. Hy hat koarte earen en foar in wrotmûs in frij lange sturt. De pels is grizich brún op 'e rêch en ljochtgriis op 'e bealch.
Biotoop en hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Langsturtwrotmûzen jouwe de foarkar oan berchgreiden en gebieten dy't begroeid binne mei strewelleguod en leechhout, gauris deunby streamend wetter. Se frette by 't simmer griene planten en winterdeis woartels en beamskors. Se hâlde gjin wintersliep, mar binne it hiele jier rûn aktyf, almeast oerdeis. By 't winter grave hoalen ûnder it sniedek. De wyfkes smite jiers 1-3 nêsten fan elts 4-8 jongen. De gefaarlikste rôfdieren binne foar de langsturtmûs ferskate soarten ûlen en martereftigen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|