[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wrotmûseftigen

Ut Wikipedy
Wrotmûseftigen
De gerslânwrotmûs, út Noard-Amearika.
De gerslânwrotmûs, út Noard-Amearika.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
Fischer von Waldheim, 1817
De woastyndwerchhamster (Phodopus roborovskii), út eastlik Sintraal-Aazje.

De wrotmûseftigen (wittenskiplike namme: Cricetidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), dêr't û.m. de fjildmûs, de hamster, de wetterrôt en de muskusrôt ta hearre. Mei hast 600 ûnderskate soarten is it nei de mûseftigen (Muridae) de op ien nei grutste sûchdierefamylje. Wrotmûseftigen binne lânseigen yn Jeraazje en de Amearika's.

Wrotmûseftigen binne oer it generaal lytseftige bisten, al rinne se útinoar fan 'e Amerikaanske dwerchmûs (Baiomys taylori), dy't mar 7 g weaget, oant de muskusrôt (Ondatra zibethicus), mei in gewicht dat oprinne kin oant 1,8 kg. De lingte fan 'e sturten yn ferhâlding ta de grutte fan it liif rint wiid útinoar. De sturt kin by wrotmûseftigen sawol tichtbehierre as hast keal wêze. De pels is by de measte soarten brunich fan kleur, faak mei in ljochte ûnderbúkbehierring.

Wat biotopen oanbelanget, komme wrotmûseftigen foar fan gebieten mei in poalklimaat oant tropysk reinwâld en tesinzgjende woastinen. Guon soarten libje yn 'e beammen en hawwe sturten dy't spesjaal oanpast binne om op smelle tûken te balansearjen of om tûken mei fêst te gripen. Oare soarten binne semy-akwatysk en hawwe poaten mei swimfluezzen tusken de teannen. Wer oaren libje op 'e grûn en binne duchtige gravers. Wrotmûseftigen binne herbivoaren, omnivoaren of ynsektivoaren. Se hawwe allegear grutte kjiftosken om mei te gnaujen en kinne har ûnder geunstige libbensomstannichheden fluch fuortplantsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.