[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Obsidiaan

Ut Wikipedy
Obsidiaan.

Obsidiaan is natuerlik foarkommend fulkanysk glês, dat lykwols net folle wei hat fan gewoan finsterglês. It is ferglêze stiente dat ûntstiet by in flugge ôfkuolling fan lava mei in wettergehalte fan maksimaal 3-4%. As it gehalte oan flechtige bestânsdielen lykas wetter en koalstofdiokside grutter is, ûntstiet gjin obsidiaan, mar púmstien, om't de frijkommende gassen dan as blaasmiddel wurkje. Obsidiaan bestiet ornaris fral út silisiumdiokside (SiO2, sa'n 70-75%) en dêropta flinke hoemannichten magnesium- en izersâlten, lykas MgO en Fe3O4. De term 'obsidiaan' is ôflaat fan 'e namme fan 'e Romeinske ûntdekkingsreizger Obsius, dy't yn Etioopje in op obsidiaan lykjende stiensoarte oantroffen hawwe soe.

De foarming fan obsidiaan is yn hege mjitte ôfhinklik fan 'e sjerperigens fan 'e floeibere lava en dat wurdt op syn beurt wer bepaald troch it gehalte oan kiezelsoer. Wat heger dat gehalte, wat trager oft de floeistof beweecht. De measte soarten obsidiaan hawwe in kiezelsoergehalte fan 70% of mear, en wurde dêrom ta de ryoliten rekkene. Minder faak wurde ek trachityske, andesityske en fonolityske obsidianen oantroffen dy't in leger kiezelsoergehalte hawwe. De kleur fan obsidiaan wikselet frij sterk, ôfhinklik fan 'e fersmoargings dy't it befettet. Meast is it dûnkergrien oant djipswart fan kleur, ek al is granyt, dat in ferlykbere gearstalling hat, in ljochtkleurich materiaal. De reden foar dat kleurferskil is tige fyn ferspraat hematyt en magnetyt yn it granytstiente.

Snieflokobsidiaan befettet ynslútsels fan bolfoarmich groeide struktueren, meast fan fjildspaat of kristobalyt, stienten dy't sferuliten neamd wurde. Sokke ynslútselts ûntsteane troch in bolfoarmige kristalgroei fan in inkele sintrale groeikearn út. Obsidiaan is in metastabyl materiaal dat op 'en langen doer weromfalt yn syn kristalline, mear stabile foarm. Fulkanysk glês is dan ek net bekend út ierdere geologyske tiidrekken, lykas it Paleosoïkum en it Prekambrium, want sa lang bliuwt it net bestean. Yn 'e stientiid wie obsidiaan in begearde grûnstof, om't it flymskerpe (sij it fluch ôfbroazeljende) snijkanten foarmet. It waard foar messen en oare wapens brûkt; de Azteken stiene der bgl. om bekend dat se striidgnodzen makken dy't ynlein wiene mei stikken obsidiaan. Tsjintwurdich is obsidiaan in materiaal dat guon keunstners graach brûke foar it meitsjen fan keunstwurken. Ek wurdt it wol as healealstien yn sieraden ynlein, wêrby't it slipe wurdt as wie it in kristal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.