[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

K-19: The Widowmaker

Ut Wikipedy
K-19: The Widowmaker
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Kathryn Bigelow
produsint Kathryn Bigelow
Edward S. Feldman
Sigurjón Sighvatsson
Christine Whitaker
Martthias Deyle
senario Christopher Kyle
kamerarezjy Jeff Cronenweth
muzyk Klaus Badelt
filmstudio Intermedia Films
National Geographic Society
Palomar Pictures
First Light Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Harrison Ford
Liam Neeson
byrollen Peter Sarsgaard
Steve Nicolson
Christian Camargo
Ravil Isyanov
Donald Sumpter
Ingvar Eggert Sigurðsson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
Feriene Keninkryk
Kanada
premiêre 19 july 2002
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 138 minuten
budget en resultaten
budget $90 miljoen
opbringst $65,7 miljoen

K-19: The Widowmaker is in Amerikaansk-Dútsk-Britsk-Kanadeeske histoaryske drama- en rampefilm út 2002 ûnder rezjy fan Kathryn Bigelow, mei yn 'e haadrollen Harrison Ford en Liam Neeson. De titel betsjut "K-19: De Widdomakker". It ferhaal giet oer in histoarysk ynsidint mei de K-19, in dûkboat fan 'e marine fan 'e Sovjet-Uny. Yn 1961, op it hichtepunt fan 'e Kâlde Oarloch, komt dy op 'e Atlantyske Oseaan yn freeslike swierrichheden as der him in reäktorbrek foardocht yn 'e nukleêre oandriuwing. Fan 'e filmkritisy krige K-19: The Widowmaker mingde resinsjes. De film flopte yn 'e bioskopen.

Yn 1961, as de Kâlde Oarloch op syn hichtepunt is, nimt de Sovjet-Uny syn earste nukleêre ûnderseeër yn gebrûk. mei it fermogen om ballistyske raketten ôf te sjitten. It is de K-19, dy't ûnder befel pleatst wurdt fan kaptein-op-see 2e klasse Aleksej Vostrikov. De oarspronklike gesachfierder, kaptein-op-see 3e klasse Michaïl Poljenin, wurdt oanholden as earste stjoerman. Poljenin syn weromsetting yn funksje (hoewol net yn rang) is it gefolch fan syn belied om it moreel en de feilichheid fan syn bemanning foàr it prestiizje fan 'e Sovjet-Uny te pleatsen. Mank de bemanning wurdt grute dat Vostrikov syn oanstelling inkeld te tankjen hat oan 'e politike konneksjes fan syn skoanfamylje.

De K-19 is spesjaal boud sadat de Sovjet-Uny yn 'e Noardlike Iissee in ynterkontinintale ballistyske raket sûnder nukleêre lading ôfsjitte kin. Dat moat in warskôging oan 'e Amerikanen wêze dat sy net de iennichsten binne dy't mei dûkboaten fan relatyf deunby nukleêre wapens ôffjurje kinne op doelen yn it lân fan 'e fijân. Fan it begjin ôf oan spylje tekoarten, ûnkunde, korrupsje en klearebare pech de K-19 lykwols parten. Al by de bou komme njoggen lju om. By de doop slagget it net om 'e sjampanjeflesse te brekken, wat troch byleauwige seelju as in faai teken beskôge wurdt. As koarte tiid letter de skipsdokter troch in militêre frachtwein op 'e kade deariden wurdt, begjint de bemanning it skip "de Widdomakker" te neamen.

By syn earste ynspeksje treft Vostrikov de ofsier mei it tafersjoch oer de nukleêre reäktor dy't foar de oandriuwing soarget, dronken oan. Tsjin 'e rie fan Poljenin yn ûntslacht er de man fan syn post. Ta ferfanging stjoert de Sovjet-Marine luitenant-op-see Vadin Radtsjenko, dy't streekrjocht fan 'e militêre akademy komt en hielendal gjin ûnderfining hat. Om 'e skipsdokter te ferfangen, wurdt kaptein-op-see 3e klasse Gennadi Savran tydlik oerpleatst fan 'e marinebasis nei de K-19, nettsjinsteande it feit dat dy noch nea as skipsdokter fungearre hat om't er oan seesykte lijt.

Nei't de dûkboat ôfset is út 'e haven fan Moermansk, op it Kola-skiereilân, oan 'e Barentssee, fart it skip noardoan de Noardlike Iissee yn. Underweis hâldt Vostrikov oan 'e rinnende bân oefenings om't er de training fan 'e bemanning ûnder peil fynt. By ien fan dy oefenings lit er de K-19 dûke oant foarby de feilige djipte, om dêrnei wer fluch omheech te kommen en troch it see-iis hinne te brekken. Dat liedt ta iepentlike rûzje mei Poljenin, dy't poerrazen fuortrint fan syn post en de brêge ferlit. Hy is fan miening dat Vostrikov mei syn domdryst dwaan de feilichheid fan skip en bemanning ûnnedich yn gefaar brocht hat. No't se oan it oerflak binne, lit Vostrikov de rakettest útfiere, dy't in súkses wurdt. Dêrnei hat de bemanning in skoftke lins om te fuotbaljen op it iis.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It is algemien de ferwachting dat de K-19 nei de test weromkeare sil nei Moermansk, mei't der sa'n haast efter de test set is dat ferskate back-upsystemen noch net ynstallearre binne, wylst ek de befoarrieding te winskjen oer lit. Lykwols, der komt neitiid berjocht út Moskou dat it skip him nei de westlike Atlantyske Oseaan bejaan moat om te patrûljearjen op besjittingsôfstân fan 'e Amerikaanske stêden New York en Washington, D.C. Underweis dêrhinne springt der in buis fan 'e reäktorkuolling. Om't de back-up-systemen foar de kuolling net ynstallearre binne, is it ûnmooglik om 'e nukleêre reäksje tsjin te kearen. De temperatuer yn 'e reäktor stiget sadwaande stadichoan fierder nei 1.000 °C, en wat dêrnei barre sil, dat wit net ien krekt, mar it is dúdlik dat it net folle goeds ynhâlde sil.

Vostrikov lit de K-19 boppe wetter bringe sadat er kontakt opnimme kin mei de generale stêf fan 'e Sovjet-Marine, mar dat blykt ûnmooglik te wêzen. It docht nammentlik bliken dat der wetter yn it systeem fan 'e lange-ôfstânsstjoerder kommen is, dat foar koartsluting soarge hat, mooglik as gefolch fan Vostrikov syn beslút om yn 'e Noardlike Iissee troch it iis hinne te batsen. De koarte-ôfstânsstjoerder rikt net fierder as 100 km. Binnen dat berik leit it Noarske eilân Jan Mayen, dêr't in lytse NATO-legerbasis fêstige is. Poljenin riedt oan en freegje dêr om help, mar Vostrikov leit dêr gau-gau it near op, om't er wegeret de man te wêzen dy't it aldernijste Sovjet-wapenreau yn 'e hannen fan 'e fijân spilet.

Sersjant Loktev, ien fan 'e reäktortechnisy, komt mei it idee om 'e reäktor te kuoljen mei it drinkwetter, dêr't de K-19ton fan oan board hat. Dêrfoar moat der lykwols in wetterlieding oanlein wurde nei en, wat minder is, ýn 'e reäktorkeamer. Ta razernij fan Poljenin docht bliken dat der gjin anty-strielingspakken oan board binne; dy wiene op, dat ynstee binne der pakken stjoerd dy't beskermje tsjin gemyske oarlochfiering. Der wurdt besletten om mar te bearen dat dy ek helpe tsjin radio-aktiviteit, hoewol't dat net sa is. Vostrikov befellet dat nimmen mear as tsien minuten yn 'e reäktorkeamer bliuwe mei. Foar dat wurk is ferlet fan trije groepkes fan twa. Loktev en fjouwer oaren biede harsels oan as frijwilliger. De jonge, ûnbelearde luitenant Radtsjenko kriget befel om him as sechsde man by it trêde twatal te jaan, sadat er it wurk fan syn foargongers kontrolearje kin.

Nei tsien minuten yn 'e reäktorkeamer komme Loktev en syn maat koarjend en mei blierren oer it hiele lichem wer foar it ljocht, lijend oan akút strielingssyndroom. Lykwols geane de mannen fan it twadde twatal sûnder wifeljen nei binnen ta, om tsien minuten letter yn deselde steat as Loktev-en-dy wer foar it ljocht te kommen. As er sjocht hoe't syn mannen weromkomme, stoart Radtsjenko yn: hy begjint te triljen en te gûlen en wegeret de reäktorkeamer yn te gean. Dêrop nimt kaptein-op-see 3e klasse Viktor Gorelov, de haadmasinist, syn plak yn. Hy en syn maat witte it laskwurk ôf te meitsjen en de wetterkraan iepen te draaien foar't se ek deasiik weromkomme en lykas harren fjouwer foargongers ôffierd wurde nei de sikeboech. Dêr kin dokter Savran neat foar harren dwaan: hy wit neat fan strielingssykte en hat der boppedat ek gjin medisinen foar, dat hy jout harren aspirine en liicht harren út begrutsjen foar dat se aldergeloks mar in mylde doazis strieling krigen hawwe.

Lokkigernôch hat de hege priis dy't de bemanning betellet, net omdôch west, want de reäktortemperatuer begjint omleech te gean. Vostrikov lit syn skip omkeare en op 'e elektryske maneuvrearmotors weromfarre. Dy binne dêr lykwols net foar bedoeld, dat se beskikke net oer folle fermogen. Sa sil it wiken duorje foar't de K-19 Moermansk wer berikke sil. Tsjin dy tiid sil de hiele bemanning perfoarst oan strielingssykte stoarn wêze, sa stelt Poljenin fêst. Sels no al hearsket yn 'e hiele dûkboat sa'n heech nivo fan radio-aktiviteit, dat Vostrikov it meastepart fan 'e bemanning opdracht jout om yn tekkens bewuolle bûtendoar sitten te gean, op it dek fan 'e oan it wetteroerflak farrende ûnderseeër.

De K-19 wurdt opmurken troch in torpedoboatjager fan 'e Amerikaanske Marine, dy't help oanbiedt. Vostrikov stegeret dat ôf, mei't er hopet op rêding troch de diselûnderseeërs fan 'e Sovjet-Marine. De torpedoboatjager stjoert in Sikorsky H-34 Choctaw-helikopter dy't om 'e K-19 hinne rûntsjedraait om 'e boel yn 'e gaten te hâlden. Underwilens sit men yn Moskou yn noed om in mooglik oerrinnen fan Vostrikov as it net slagget om mei him yn kontakt te kommen. Dy soargen boazje sterk oan as satellytfoto's de K-19 oan it wetteroerflak toane yn 'e neite fan in Amerikaanske torpedoboatjager.

Ta oermjitte fan ramp rekket de lasknaad fan 'e provisoarysk oanbrochte wetterlieding nei de reäktor lek, mei as gefolch dat de reäktortemperatuer wer begint op te rinnen. De sitewaasje is no tige problematysk, want as de reäktor sa hjit wurdt dat er ûntploft, nimt er de nukleêre raketladings oan board mei de loft yn, wat liede sil ta in kearnûntploffing dy't folle swierder is as it atoombombardemint fan Hiroshima. Dat wol sizze dat ek de Amerikaanske torpedoboatjager folslein ferneatige wurde sil. As de Amerikanen dat as in rjochte oanfal troch de Sovjet-Uny opfetsje, kin it de Trêde Wrâldoarloch ynliede. Ear't Vostrikov oarders oangeande de reäktor jaan kin, brekt der brân út yn 'e torpedokeamer, feroarsake troch in omtommeljende amer brânstof út in torpedo, dy't ûntmantele is om oan buizen foar de wetterlieding te kommen. Vostrikov wol it brânûnderdrukkingssysteem yn wurking stelle, dat de soerstof út 'e keamer sûcht. Mei't dêrtroch ek alle oanwêzige bemanningsleden stikke soene, kantet Poljenin him tsjin dat beslút oan. Hy wit Vostrikov te bepraten om 'e hânmjittige brânbestriding in kâns te jaan, en ferlit de brêge om dêr sels lieding oan te jaan.

Wylst Poljenin fuort is, komme twa ofsieren yn opstân tsjin Vostrikov. Kapteins-op-see 3e klasse Joeri Demitsjev, de torpedokommandant, en Igor Sûslov, de polityk kommissaris, lûke har pistoalen en fertelle Vostrikov dat se him út syn funksje as gesachfierder ûntheffe om't er mei syn ûnferantwurdlike opstigings oan ien wei troch de bemanning yn gefaar bringt. Dêrtroch ûntstiet der op 'e brêge in ympasse dy't duorret oant Poljenin de brân ûnder kontrôle hat. Underwilens beslút de fanwegen syn eardere ynstoarting troch skamte en skuldgefoelens teheistere luitenant Radtsjenko om op eigen manneboet aksje te ûndernimmen. Hy giet de reäktorkeamer yn en besiket sels de lasknaad te reparearjen.

As Poljenin wer op 'e brêge komt en Demitsjev en Sûslov him triomfantlik it befel oer it skip oanbiede, nimt er dat oan, om harren dêrnei fuortendaliks arrestearje te litten foar rebûlje en oerhearrigens. Hy befrijt Vostrikov en jout him it befel werom. Him ûnbewust fan 'e dieden fan Radtsjenko beslút Vostrikov dat de dûkboat sa djip mooglik ûnder wetter wêze moat, sadat de ûntploffing, as dy komt, safolle mooglik bedimme wurde sil troch de see. Op oanstean fan Poljenin presintearret er dat plan oan 'e bemanning net as in befel, mar as in suggestje. De bemanning beslút him te folgjen, en de K-19 dûkt ûnder. Vostrikov wol no fan Radtsjenko witte hoe't de sitewaasje by de reäktorkeamer is om út te meitsjen oft der noch in reparaasje prebearre wurde moat. As er gjin kontakt krije kin, bejout er him sels nei de reäktor ta, dêr't er Radtsjenko blyn en heal dea út 'e reäktorkeamer skuort nei't de luitenant dêr 18 minuten lang oan it bodzjen west hat. Syn wurk is súksesfol en de reäktortemperatuer begjint wer omleech te gean, mar mei strieling besmette steam lekt troch de hiele dûkboat.

Vostrikov nimt dan it drege beslút om dochs de Amerikanen mar om help te freegjen, en lit de K-19 dêrfoar wer nei it wetteroerflak gean. Krekt op it lêste momint dûkt lykwols deunby de Sovjet-ûnderseeër S-270 op. Fia dat skip wurdt kommunikaasje mei Moskou mooglik. Vostrikov leit syn sitewaasje út. Moskou lit him witte dat de K-19 troch de S-270 op sleeptou werom nei Moermansk nommen wurde moat, mar dat de bemanning oan board bliuwe moat. Om't er wit dat dat in deafûnis wêze soe, beslút er dat diel fan it befel njonken him del te lizzen. Poljenin warskôget him dat er net inkeld syn kommando ferlieze, mar nei alle gedachten ek nei in gûlag stjoerd wurde sil, mar Vostrikov, waans heit ek yn in gûlag stoarn is, antwurdet dat dat dan moai in famyljetradysje wurde kin. Hy oarderet de hiele bemanning om oer te stappen nei de S-270.

Werom yn 'e Sovjet-Uny wurdt de bemanning fan 'e K-19 yn ôfsûndering holden en lange tiid ûnderfrege. De sân manlju dy't de reäktorkeamer yngien binne, komme allegearre inkele dagen nei de weromkear yn Moermansk te ferstjerren. Tweintich oaren ferkomme letter oan 'e gefolgen fan 'e opdiene radio-aktive strieling. Vostrikov wurdt foar de kriichsried dage foar it yn gefaar bringen fan 'e misje en oerhearrigens oan in direkt befel. Poljenin tsjûget foar him. Uteinlik wurdt er frijsprutsen, mar hy fiert nea wer it kommando oer in skip. Ek de rest fan 'e bemanning komt frij, mar it ynsidint mei de K-19 wurdt yn 'e dôfpot stoppe en der mei nea wer oer praat wurde. Pas nei de fal it Izeren Gerdyn kinne de oerlibbenen har ferhaal kwyt.

Yn in epilooch dy't yn 1989 spilet, nei de Fal fan 'e Berlynske Muorre, ûntfangt in Vostrikov op jierren in útnûging foar in moeting fan Poljenin, dy't him nei al dy jierren opspoard hat. Se moetsje inoar op in begraafplak, dêr't ta Vostrikov syn alteraasje alle oerlibbenen fan 'e bemanning fan 'e K-19 gearkommen binne om 'e datum fan harren rêding te betinken. By it grêf fan 'e sân mannen dy't de reäktorkeamer yngiene, fertelt Vostrikov de oaren dat er nei harren weromkear de omkommen bemanningsleden foardroegen hat foar de ûnderskieding Held fan 'e Sovjet-Uny. Him waard lykwols meidield dat se dêr net foar yn oanmerking kamen, om't dit in ienfâldich ûngemak wie en gjin heldedie op it slachfjild. Vostrikov merkt op: "Wat ha je ek oan ûnderskiedings dy't útdield wurde troch sokke lju?" Hy, Poljenin en de oare oerlibbenen partsje wodka rûn en bringe in toast út op 'e sân mannen yn it grêf dy't har libbens opoffere hawwe foar de rest fan 'e bemanning.

Harrison Ford.
Liam Neeson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                     
kaptein-op-see 2e klasse Aleksej Vostrikov (basearre op Nikolaj Vladimorovitsj Zatejev) Harrison Ford
kaptein-op-see 3e klasse Michaïl Poljenin (basearre op Vasily Archipov) Liam Neeson


byrollen
personaazje                                                                                            akteur/aktrise
luitenant-op-see Vadim Radtsjenko, reäktorofsier Peter Sarsgaard
kaptein-op-see 3e klasse Joeri Demitsjev, torpedo-ofsier Steve Nicolson
sersjant Pavel Loktev, reäktortechnikus Christian Camargo
kaptein-op-see 3e klasse Igor Sûslov, polityk kommissaris Ravil Isyanov
kaptein-op-see 3e klasse Gennadi Savran, skipsdokter Donald Sumpter
kaptein-op-see 3e klasse Viktor Gorelov, haadmasinist Ingvar Eggert Sigurðsson
kaptein-luitenant-op-see Konstantin Poliansky, raketofsier George Anton
matroas Anatoly Sûbatsjev, reäktortechnikus James Francis Ginty
kaptein-luitenant-op-see Michaïl Kornilov, kommunikaasje-ofsier Lex Shrapnel
matroas Dmitri Nevsky Sam Spruell
sersjant Vasily Misjin Sam Redford
maarskalk Zolentsov, minister fan Definsje fan 'e Sovjet-Uny Joss Ackland
admiraal Bratjejev John Shrapnel
fise-admiraal Konstantin Partonov Tim Woodward
Koerysjev Peter Stebbings
sersjant 1e klasse Leonid Pasjinski Shaun Benson
kaptein-luitenant-op-see Anton Malahov Kristen Holden-Ried
Sergej Maksimov Dmitry Chepovetsky
sersjant 1e klasse Maksim Portenko, sonarbetsjinner Tygh Runyan
Grigori Jacob Pitts
matroas Jevgeny Borzenkov Michael Gladis
Andrej Pritoola JJ Field
Vanja Bjelov Peter Oldring
Viktor Joshua Close
kaptein-op-see 2e klasse Fjodor Tsetkov, gesachfierder fan 'e S-270 Jeremy Akerman

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

K-19: The Widowmaker waard regissearre troch Kathryn Bigelow nei in senario fan Christopher Kyle op basis fan in ferhaal dat staljûn wie troch Louis Nowra. As produsinten wiene Bigelow sels, Edward S. Feldman, Sigurjón Sighvatsson, Christine Whitaker en Martthias Deyle by it projekt belutsen foar de filmstudio's Intermedia Films, de National Geographic Society, Palomar Pictures en First Light Pictures. K-19: The Widowmaker wie dêrmei sawol in ynternasjonale (want Amerikaansk-Dútsk-Britsk-Kanadeeske) ko-produksje, as in ûnôfhinklike film. Foar de film wie in budget beskikber fan $90 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jeff Cronenweth, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Klaus Badelt.

De opnamen foar K-19: The Widowmaker fûnen plak yn Kanada, spesifyk yn Toronto (Ontario), Gimli (Manitoba) en Halifax (Nij-Skotlân). Foar de K-19, in Sovjet-ûnderseeboat fan 'e Hotel-klasse, waard yn 'e film de K-77, in Sovjet-ûnderseeboat fan 'e Juliet-klasse brûkt. Dy ûndergie yn 't foar yngeande oanpassings om op 'e K-19 te lykjen. De ûnderseeboat HMCS Ojibwa, in dûkboat fan 'e Kanadeeske Keninklike Marine, spile de rol fan 'e Sovjet-ûnderseeboat fan 'e Whiskey-klasse S-270.

Foar de torpedoboatjager fan 'e Amerikaanske Marine (dêr't de namme yn 'e film nea fan neamd waard, mar dat histoarysk de USS Decatur wie) waard yn 'e film de HMCS Terra Nova brûkt, ek in skip fan 'e Keninklike Kanadeeske Marine. De sênes op 'e skipswerf fan Sevmasj, yn it Kola-skiereilân fan noardlik Jeropeesk Ruslân, waarden opnommen op 'e Skipswerf fan Halifax yn Halifax.

De distribúsje fan K-19: The Widowmaker waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 19 july 2002 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Hy iepene dêrnei op 5 septimber fan dat jier yn 'e Dútske bioskopen en op 25 oktober yn 'e Britske bioskopen.

Belutsenens fan 'e echte bemanning en histoarisiteit

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

K-19: The Widowmaker is basearre op in histoarysk nukleêr ynsidint mei de ûnderseeboat K-19 fan 'e Sovjet-Marine op 3 july 1961. De produsinten fan 'e film diene war om gear te wurkjen mei de oerlibbenen fan 'e echte bemanning fan 'e histoaryske dûkboat, fral nei't dyselden har oankanten tsjin in iere ferzje fan it senario dat harren foarlein wie. De kaptein, Nikolaj Vladimirovitsj Zatejev, stjoerde in iepen brief oan 'e filmcrew en cast, en in groep ofsieren en matroazen stjoerde in oar iepen brief. Op fersyk fan 'e oerlibjende bemanningsleden en de djipdrôven fan 'e ferstoarne bemanningsleden waarden yn 'e úteinlike ferzje fan it senario de nammen fan 'e bemanningsleden feroare. Ek waarden ferskate sênes út it senario helle.

De bynamme "De Widdomakker" is in betinksel fan 'e filmmakkers. Yn it echt hie de K-19 gjin bynamme oant it nukleêr ûngemak plakfûn; neitiid waard it skip wol de Hiroshima neamd, ferwizend nei it atoombombardemint fan Hiroshima. Fierders is it meast yngripende ferskil tusken de wurklikheid en de film in ynsidint wêrby't de kaptein alle pistoalen op 'e K-19 sammele en oerboard smiet út eangst dat dy tsjin him brûkt wurde soene by in rebûlje ûnder de bemanning. Yn 'e film fynt sa'n rebûlje plak, wylst dat yn it echt net barde.

Fan 'e filmkritisy krige K-19: The Widowmaker mingde resinsjes. De foaroansteande Amerikaanske resinsint Roger Ebert, dy't skreau foar de krante de Chicago Sun-Times, ferliek de film mei oare dûkboatfilms, lykas Das Boot en The Hunt for Red October. Yn The New Republic frege Stanley Kauffmann him ôf wêrom't filmprodusinten fûnen dat "dit it juste momint wie foar in ferhaal oer ûnwrigbere trou oan 'e Sovjet-Uny?"

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat K-19: The Widowmaker in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 170 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de film as: "In oangripend drama, ek al hawwe de filmmakkers op plakken in loopke mei de feiten nommen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet K-19: The Widowmaker in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 35 resinsjes.

K-19: The Widowmaker brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $35,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $30,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $65,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $90 miljoen betsjut dat in ferlies fan $24,3 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by komme.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.