[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

James Oliver Curwood

Ut Wikipedy
James Oliver Curwood
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Oliver Curwood
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 juny 1878
berteplak Owosso (Michigan)
stoarn 13 augustus 1927
stjerplak Owosso (Michigan)
etnisiteit Iersk
wurk
taal Ingelsk
sjenre aventoereromans
bekendste
  wurk(en)
Kazan
The Grizzly King
Baree, Son of Kazan
Wapi, the Walrus
jierren aktyf 19071927
offisjele webside
n.f.t.

James Oliver Curwood (Owosso (Michigan), 12 juny 1878 – dêre, 13 augustus 1927) wie in Amerikaansk skriuwer fan benammen aventoereromans, wêrfoar't er gauris bisten as haadpersoan brûkte. Der binne teminsten 18 spylfilms makke op basis fan syn romans en koarte ferhalen, en doe't er stoar, wied er de heechst betelle auteur (per wurd) fan 'e wrâld. Njonken syn skriuwkarriêre sette Curwood him ek o sa yn foar it behâld fan 'e ûnoantaaste natoer fan Noard-Amearika. Syn skriuwstudio, yn Curwood Castle yn Owosso, is no in museum.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Curwood waard 1878 berne yn Owosso, yn 'e steat Michigan, as de jongste fan fjouwer bern yn it gesin fan James Moran Curwood en Abigail Griffen, dy't allebeide fan Iersk komôf wiene. Curwood makke de middelbere skoalle net ôf, mar slagge dochs foar it talittingseksamen fan 'e Universiteit fan Michigan, dêr't er Ingelske taal- en letterkunde en sjoernalistyk studearre. Nei twa jier briek er lykwols syn stúdzje ôf om sjoernalist te wurden. Underwilens wied er doe yn syn frije tiid al koarte ferhalen oan it skriuwen. Yn 1900 wist er dêr foar it earst ien fan te ferkeapjen foar publikaasje yn 'e krante de Detroit News-Tribune.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 1909 hie Curwood genôch jild sparre om der it frij ta te hawwen en gean op reis troch de wyldernis yn it noardwesten fan Kanada. Dat besoarge him de ynspiraasje foar syn earste aventoereromans, dy't bestsellers waarden en him wer de finansjele middels joegen om elts jier in pear moannen werom te kearen nei Alaska en de Yukon, sadat er wer nije ynspiraasje opdwaan koe. Uteinlik soe dy wikselwurking liede ta in oeuvre fan mear as tritich fan soksoarte boeken.

De foarside fan The Grizzly King, ien fan Curwood syn meast ferneamde boeken, yn it Nederlânsk bekend as Thor de Beer.

Dêrby makke Curwood tankber gebrûk fan it dekôr dat de ûnoantaaste wyldernis fan noardlik Noard-Amearika him bea, wylst er foar de haadrol gauris bisten brûkte, lykas yn 'e romans Kazan; Baree, Son of Kazan; The Grizzly King; en Nomads of the North, wêrfan't de earste trije ta syn bekendste wurken hearre. Yn in protte fan syn boeken komt fierders in sekundêre ferhaalline (oer minsken) mei in romantysk motyf foar. Syn grutste kommersjele súkses behelle Curwood yn 1920, mei de roman The River's End, dêr't mear as 100.000 eksimplaren fan ferkocht waarden (in ûnbidige protte foar in tiid wêryn't nimmen noch heard hie fan paperbacks). Fierders droech Curwood ûnder syn karriêre by oan ferskate literêre en populêre tydskriften, mei mear as 200 artikels, koarte ferhalen en fúljetons. Syn wurk waard behalven yn syn heitelân ek útjûn yn Kanada en Grut-Brittanje, wylst der by syn libben noch oersettings ferskynden yn it Frânsk, Italjaansk, Nederlânsk, Poalsk, Russysk, Spaansk en Sweedsk.

Syn súkses as skriuwer makke in ryk man fan Curwood, en yn 1922 liet er yn syn berteplak Owosso it lustslot yn 'e Frânske styl bouwe dêr't er as bern al fan dreamd hie. It bouwurk kaam Curwood Castle te hjitten, en seach út oer de rivier de Shiawassee. Yn 'e beide grutte tuorren rjochte er syn skriuwstudio yn. Njonken it slot hied er ek in kampearplak yn it ôfhandige Baraga County (Michigan) yn eigendom, en dêropta in blokhutte yn Roscommon.

Curwood wie twaris troud, fan 1900 oant 1908 mei Cora Leon Johnson, en fan 1909 oant syn dea yn 1927 mei Ethel Greenwood. Hoewol't er yn syn jonkheid in dreaun jager west hie, ûntjoech Curwood him meitiid ta in foaroansteand natoerbeskermer. Yn 1926 waard er dêrom beneamd yn 'e Michigan Conservation Commission.

Yn 1927, doe't er yn Floarida oant it angeljen wie, waard Curwood op it bil biten troch wat men tinkt dat in spin west hawwe moat. Hy krige fuortendaliks in allergyske reäksje, en de folgjende pear moannen rekke er troch komplikaasjes almar fierder yn 'e minnichte, oant er op 13 augustus 1927 yn 'e âlderdom fan 49 jier thús yn Owosso kaam te ferstjerren. Hy leit begroeven op it Oak Hill Cemetery yn Owosso.

Curwood Castle, in lustslot yn 'e Frânske styl dat Curwood yn 1922 yn syn berteplak Owosso sette liet.

Seis romans fan Curwood waarden neitiid noch postúm publisearre, wêrfan't er fiif al ôf hân hie. De lêste, Green Timber, waard nei syn ûntidich ferstjerren foltôge troch Dorothea A. Bryant en útjûn yn 1930. Curwood syn wurk is teminsten achttjin kear ferfilme; syn koarte ferhaal Wapi, the Walrus allinnich al wie goed foar trije ferfilmings (yn 1919, 1927 en 1953, alle kearen ûnder de namme Back to God's Country). De film The Trail Beyond, út 1934, dy't basearre is op Curwood syn roman The Wolf Hunters, hie John Wayne yn 'e haadrol. Yn 1988 ûntstie der troch de film The Bear (basearre op The Grizzly King), fan 'e Frânske regisseur Jean-Jacques Arnaud, nije belangstelling foar Curwood syn wurk.

  • 1907 – Captain Kidd of the Underground (koart ferhaal; yn Cosmopolitan Magazine)
  • 1908 – The Courage of Captain Plum
  • 1908 – The Wolf Hunters
  • 1909 – The Great Lakes
  • 1909 – The Gold Hunters
  • 1910 – The Danger Trail
  • 1911 – The Honor of the Big Snows
    • Nederlânske oersetting: De Eer van het Sneeuwland (fert. frou Beelaerts van Blokland, 1920)
  • 1911 – Steele of the Royal Mounted
  • 1912 – The Flower of the North
  • 1913 – Isobel: A Romance of the Northern Trail (alternative titel: Icebound Hearts)
  • 1914 – Kazan (alternative titel: Kazan, the Wolf-dog)
    • Nederlânske oersetting: Kazan de Wolfshond (fert. Duodecimo, 1915)
    • Nederlânske oersetting: Kazan de Wolfshond (fert. C.L.M. van der Tuin, 1957)
    • Nederlânske oersetting: Kazan de Wolfshond (fert. B. van der Tuin, 1983)
    • Nederlânske oersetting: Kazan de Wolfshond (fert. Robert Schouten, 1986, útjûn as omnibus mei Thor de Beer en De Zoon van Kazan)
  • 1915 – God's Country and the Woman
    • Nederlânske oersetting: De Vrouw en het Paradijs (fert. Wilhelmina Schalkwijk, 1918)
  • 1916 – The Hunted Woman (alternative titel: The Valley of Gold)
    • Nederlânske oersetting: De Goudvallei (fert. H. Willemina Schalkwijk, 1917)
  • 1916 – The Grizzly King
    • Nederlânske oersetting: Thor de Beer (fert. E.T. Laan, 1917)
    • Nederlânske oersetting: Thor de Beer (fert. Robert Schouten, 1986, útjûn as omnibus mei Kazan de Wolfshond en De Zoon van Kazan)
  • 1917 – Baree, Son of Kazan
    • Nederlânske oersetting: De Zoon van Kazan (fert. T.M.E. Easton, 1918)
    • Nederlânske oersetting: De Zoon van Kazan (fert. Robert Schouten, 1986, útjûn as omnibus mei Kazan de Wolfshond en Thor de Beer)
  • 1918 – The Courage of Marge O'Doone
    • Nederlânske oersetting: Marge O'Doone (fert. frou Beelaerts van Blokland, 1918)
  • 1919 – Nomads of the North
    • Nederlânske oersetting: Nomaden van het Noorden (fert. B. van der Tuin, 1970)
  • 1919 – The River's End
  • 1920 – Back to God's Country and Other Stories (ferhalebondel)
    • wêrûnder:
      • Wapi, the Walrus (koart ferhaal, werprintinge; hjir omneamd ta Back to God's Country, nei de ferfilming út 1919 mei dyselde titel)
        • Nederlânske oersetting: Wapi de Walrus (fert. net fermeld, 1922)
  • 1920 – The Valley of Silent Men
  • 1921 – God's Country: The Trail to Happiness
    • Nederlânske oersetting: God's Eigen Land: De Weg naar het Geluk (fert. Henrietta Susanna Valeton-Ortt, 1922)
  • 1921 – The Golden Snare
  • 1921 – The Flaming Forest
  • 1922 – The Country Beyond
  • 1923 – The Alaskan
  • 1924 – A Gentleman of Courage
  • 1925 – The Ancient Highway
    • Nederlânske oersetting: De Oude Heirbaan (fert. net fermeld, 1927)
  • 1926 – Swift Lightning (ferfilme as Call of the Yukon)
  • 1926 – The Black Hunter
    • Nederlânske oersetting: De Zwarte Jager (fert. net fermeld, 1928)
  • 1928 – The Plains of Abraham
  • 1928 – The Glory of Living
  • 1929 – The Crippled Lady of Peribonka
  • 1930 – Green Timber (ûnfoltôge; ôfmakke troch Dorothea A. Bryant)
  • 1930 – Son of the Forests
  • 1931 – Falkner of the Inland Seas

Fierders kaam yn 1922 noch in Nederlânske oersetting fan in roman fan Curwood út mei as titel De Eer van Haar Volk. Noch de oersetter, noch de oarspronklike titel waard dêrby fermelden, dat it is ûndúdlik fan hokker boek oft dat in oersetting is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.