[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hyboarysk Tiidrek

Ut Wikipedy
In lânkaart fan it Hyboarysk Tiidrek basearre op in hântekene kaart fan Robert E. Howard út maart 1932.

It Hyboarysk Tiidrek, soms it Hyperboarysk Tiidrek neamd, is in fiktive perioade yn 'e skiednis fan 'e wrâld, dy't optocht waard troch de Amerikaanske skriuwer fan fantasyfiksje Robert E. Howard. Dy pseudo-histoaryske snuorje tsjinne as de dekôr en setting foar de koarte ferhalen oer de ferneamde held Conan de Barbaar. De namme foar syn optochte tiidrek ûntliende Howard oan Hyperboarje, it legindaryske lân dat neffens de Alde Griken yn it uterste noarden fan 'e wrâld lei.

Howard betocht it Hyboarysk Tiidrek yn 'e rin fan 1932, doe't er de earste pear fan syn ferhalen oer Conan de Barbaar skreau. Hy wurke syn ideeën begjin 1933 fierder út op oantrúnjen fan Farnsworth Wright, de haadredakteur fan it tydskrift Weird Tales. Sa ûntstie in 8.000 wurden tellend essay, mei as titel The Hyborian Age, dat Howard neitiid brûkte as rjochtline by it skriuwen fan fierdere ferhalen, te begjinnen mei The Tower of the Elephant. The Hyborian Age waard yn 1938 postúm publisearre.

Howard hie in ynmoedige foarleafde foar skiednis en histoaryske romans en toanielstikken. Tagelyk wied er him bewust fan 'e swierrichheden en it tiidrôvjende ûndersyk dat nedich wie om histoaryske akkuratesse te berikken. Troch in eigen histoarysk tiidrek te betinken, in "ferdwûn" tiidrek, en troch sekuer foar persoanen, etnyske groepen en lannen nammen te kiezen dy't de nammen út 'e "lettere" histoaryske perioaden belieken, ûntwiek er gâns problemen en makke er it himsels in stik makliker. Dêrnjonken stie it him dêrtroch frij om boppenatuerlike eleminten yn syn ferhalen te beheljen, lykas it bestean fan tsjoenderij en meunsters.

Sitewearriing yn 'e tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hyboarysk Tiidrek soe neffens Howard bestien hawwe nei't Atlantis derûnder strûpte en foar't de bekende beskavings út 'e Aldheid ûntstiene, of, sa't Howard it sels ûnder wurden brocht yn in gauris oanhelle passaazje út The Phoenix on the Sword, it alderearste Conan-ferhaal: "tusken de jierren dat de oseänen Atlantis en de glinsterjende stêden opdronken, en de jierren fan 'e opkomst fan 'e Soannen fan Aarjas." Howard wie ek de skriuwer fan ferhalen oer in oar personaazje, Kull fan Atlantis, dy't er earder yn 'e tiid sitewearre, yn it Tuerysk Tiidrek fan Atlantis.

De measte lettere redakteurs en oanpassers fan it wurk fan Howard, ûnder wa L. Sprague de Camp en Roy Thomas, woene it Hyboarysk Tiidrek om 10.000 f.Kr. hinne hawwe. Resinter sloech Dale Rippke foar dat it fierder tebek yn 'e tiid pleatst wurde moast, om 32.500 f.Kr., midden yn 'e lêste iistiid en foarôfgeande oan it berikken fan it lêste glasiaal maksimum. Dat idee is lykwols troch in protte oare Howard-kenners bekritisearre.

Beskriuwing fan it Hyboarysk Tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Howard begûn syn skiednis fan it Hyboarysk Tiidrek oan 'e ein fan it Tuerysk Tiidrek, doe't Atlantis ûnder de weagen sonk. De maatskiplike ynstoarting dy't dêr it gefolch fan wie, late ta in tsjuster tiidrek dat 1.500 jier duorre. Yn dy tiid neamden de neikommelingen fan 'e oerlibbenen fan Atlantis harsels Hyboarjers, nei Bori, in fergoade haadman út it fiere ferline. Nei iuwen fan oarloch, sawol ûnderling as mei oare etnyske groepen, ûntjoegen se har wer ta in beskaving. De Hyboarjers bewennen ien grut superkontinint, dat faak oantsjut wurdt as 'Hyboarje', hoewol't dat in ynkorrekt gebrûk fan dy term is.

Yn it uterste noardwesten fan it kontinint leit Nordheim, dat bestiet út Vanaheim yn it westen en Asgard yn it easten; eastlik dêr wer fan leit Hyperborea (of Hyperboarje). Fuort besuden Vanaheim en Asgard leit Cimmeria (of Simmearje), it thúslân fan Conan de Barbaar, dat yn it westen begrinzge wurdt troch de Piktyske Wyldernis, yn it suden troch Aquilonia (it machtichste keninkryk fan it Hyboarysk Tiidrek) en yn it easten en súdeasten troch it Grinskeninkryk. Eastlik fan Aquilonia lizze Nemedia, Ophir, Brythunia en Corinthia, noch eastliker Zamora en dêr foarby Turan oan 'e Vilayetsee, in reuseftige binnensee. Mear nei it suden lizze fan west nei east Zingara, Argos, Koth en Shem, en súdlik dêrfan Stygia. Noch wer súdliker lizze Kush, Darfar, Keshan en Punt, en oan 'e súdein fan it kontinint Zembabwei en de Swarte Keninkriken. By de kust lâns yn eastlike rjochting lizze Iranistan, Kosala, Ghulistan en Vendhya. Noardlik fan Vendhya, oan 'e eastkant fan 'e Vilayetsee, leit it útstrutsen Hyrkania, mei noch fierder eastlik Khitai en Kambuja.

Howard basearre de bewenners fan 'e Piktyske Wyldernis op 'e histoaryske Pikten, en de Cimmerianen of Simmearjers op 'e Kelten (en miskien in bytsje op 'e histoaryske Simmearjers). Aquilonia basearre er op it Byzantynske Ryk, Vanaheim en Asgard op Skandinaavje, Brythunia op 'e fêstelânske gebieten fan oarsprong fan 'e Angelen en de Saksen, en Corinthia op it Alde Grikelân. Koth wie foar him it thúslân fan 'e Italyske folken, Ophir dat fan 'e Etrusken, Zamora fan 'e Roma, Kush fan 'e Núbjers en Shem fan 'e Semiten. Stygia, wêrfan't er de namme ôflate fan 'e Styks, de rivier fan 'e ûnderwrâld Hades út 'e Grykske mytology, stiet foar Egypte. Syn Hyrkania is de Jeraziatyske Steppe, Iranistan Perzje, Vendhya Yndia en Khitai Sina. Hy brûkte foar ferskate lannen nammen dy't yn syn tiid yn ûnbrûk rekke wiene, mar dy't letter wer bekend wurden binne, lykas Kambuja (Kambodja) en Zembabwei (Simbabwe).

Yn syn ferhalen oer Conan neamt Howard ferskate goaden dy't yn syn Hyboarysk Tiidrek fereare wurde, mei yn it foarste plak Crom, de wichtichste god fan 'e Simmearjers. Crom is in sombere en net bot fyn ynleine god fan 'e ierde, dy't inkeld ferachting hat foar de swakken. Hy jout de minsken moed, frije wil en de krêft om har fijannen te deadzjen, en fierder moatte se it sels mar útsykje. It is Crom allikefolle as immen libbet of stjert. Dêrom hat bidden of oanroppen fan him gjin sin, en brûke de Simmearjers syn namme inkeld as flok.

Set is de god dêr't de steatsreligy fan Stygia oan wijd is. Syn tsjinst omfiemet de aktive ferearing fan slangen en it bringen fan minske-offers. De oanhingers fan Ishtar rjochtsje harren folslein op it sykjen fan lichaamlik geniet, wylst de folgelingen fan Asura yn Vendhya krekt sykje nei in hegere wierheid, foarby de yllúzjes fan 'e fysike wrâld. Mitra, ta einbeslút, is in god dy't troch in protte minsken yn in soad ferskillende lannen folge wurdt om't er de personifikaasje fan it goede is. Hy leart syn folgelingen begrutsjen en rjochtfeardichheid, wylst guon fan harren ek in foarm fan askeze oannimme (net wanlyk oan 'e mûntsen en nonnen fan it kristendom).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.