[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Adolf Hitler

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hitler)
Adolf Hitler yn 1937
Adolf Hitler rjochts mei Benito Mussolini

Adolf Hitler (Braunau am Inn, 20 april 1889Berlyn, 30 april 1945) wie de lieder fan de Nasjonaalsosjalistyske Dútske Arbeiderspartij (NSDAP, nazipartij). Hy waard keazen ta kânselier fan Dútslân yn 1933, en waard Führer ('lieder') yn 1934, hy bleau Führer oant syn dea yn 1945.

Bernetiid

Adolf Hitler waard berne yn Eastenryk, as fjirde bern fan de seis. Syn heit, Alois Hitler (1837-1903), wurke by de dûane. Syn mem, Klara Pölzl (1860-1907), wie de tredde frou fan Alois. Hja wie ek syn nicht, dat der moast tastimming komme foar it houlik. Fan Alois en Klara harren seis bern, waarden inkeld Adolf en syn suster Paula folwoeksen. De heit fan Hitler hie ek in soan, dy hiet ek Alois, en in dochter, Angela, by syn twadde frou. Syn heit Alois waard ûnwettich berne. Dy hie de earste 39 jier fan syn libben de efternamme fan syn mem, Schicklgruber. Yn 1876 krige er de efternamme fan syn styfheit, Johann Georg Hiedler. De namme waard stavere as Hiedler, Huetler, Huettler en Hitler en in beämte hat de namme wierskynlik feroare yn "Hitler".

Hitler sei dat er as lyts jonkje gisele waard troch syn heit. Jierren letter fertelde er syn siktaresse: 'Ik soe nea wer gûle as ús heit my slaan soe. In stikmannich dagen letter krige ik de kâns om dat te testen. Us mem wie tige benaud doe’t se by de doar stie en ik súntsjes de klappen mei de stôk tsjin de efterholle telde.'[1]

Hitler syn pake wie foar it neiste ien fan de bruorren, Johann Georg Hiedler of Johann Nepomuk Hiedler. Der waard ek rabbe dat Hitler foar in fearns part Joadsk wie mei't syn beppe, Maria Schicklgruber, swier wurden wie doe’t se tsjinstfaam wie yn in Joadske húshâlding.

De famylje fan Hitler ferhuze faak, fan am Inn nei Passau, Lambach, Leonding en Linz. De jonge Hitler die it bêst op ‘e basisskoalle. Mar de sechste klasse, it earste jier fan de 'Realschule' yn Linz, moast er op 'en nij dwaan. Syn leararen seinen dat er net leare woe. Ien fan Hitler syn maten wie Ludwig Wittgenstein, in ferneamd filosoof út de tweintichste iuw. Yn in boek fan Kimberly Cornish wurdt skreaun oer in rûzje fan Hitler (en Wittgenstein) mei Joadske bern, dêr’t er faaks wol syn antysemityske hâlding troch skipe hat. [2]

Hitler sei dat er net studearje woe fanwegen syn heit, dy't woe dat er letter ek by de dûane klaam te wurkjen, mar Hitler woe keunstner wurde. Mar doe’t syn heit yn 1903 ferstoar, waard it mei Hitler net better op skoalle. Doe’t er 16 jier wie, gie Hitler sûnder diploma fan skoalle ôf.

Wenen en München

Fan 1905 ôf libbe Hitler yn Wenen fan in weesbernpensjoen en kaam er troch de tiid mei help fan syn mem. Hy hat it twaris besocht, mar hy waard net talitten op de keunstakademy fan Wenen (1907-1908), dêr ’t er de tynge fan krige dat er net geskikt wêze soe as keunstner. Se joegen him de goerie en besykje it ris mei arsjitektuer. [3] Syn tinkskrift jout in oare belangstelling oan:

It doel fan de reis wie it bestudearjen fan de fotosamling yn it Rjochtenmuseum, mar yn myn tinzen lei it museum my sljocht. Fan moarnsier oant jûns let rûn ik fan it iene nijsgjirrige objekt nei it oare, mar it wiene de bouwurken dêr’t ik ynteresse foar hie. [4]

Nei de oanbefelling fan de skoallerektor, wied er oertsjûge fan wêr’t syn paad hinne liede soe, mar hy hie net de goede foaroplieding foar de arsjitekte-akademy:

Nei in stikmannich dagen wist ik dat ik ea arsjitekt wurde soe. Ik wist dat it dreech wurde soe; it koe net sûnder stúdzje en it fersleaukje litten fan de middelskoalle. It wie net mooglik om op de akademy foar arsjitektuer talitten te wurden sûnder in technyske foaroplieding op hbû-nivo. Ik hie net ien fan dy opliedings dien. It útfieren fan myn artistike dream like suver ûnmooglik.[5]

Op 21 desimber, 1907, stoar Hitler syn mem yn de âldens fan 47 jier oan boarstkanker. Yn oerienstimming mei it oardiel fan de rjochtbank wie, joech Hitler in part fan syn weesjild oan syn suster Paula. Doe’t er 21 wie, krige er de neilittenskip fan syn muoike. It libben as keunstner yn Wenen foel him ôf, hy tekene printkaarten en ferkocht de skilderings oan hannelers en toeristen.

Nei de twadde ôfwizing fan de keunstakademy hie Hitler gjin jild mear. Yn 1909 moast er nei in swalkersûnderkommen. Hy sette him yn 1910 nei wenjen yn in tehûs foar earme arbeiders.

Hitler sei dat er earst antysemitysk wurden wie yn Wenen, dêr’t in grutte Joadske mienskip wenne mei út Ruslân wei flechte ortodokse Joaden. Wylst syn âlde skoalkammeraat August Kubizek ornearre dat Hitler dat al wie doe’t er út Linz weigie. Wenen wie al lang in stêd mei foaroardielen oer it leauwen en mei 19de-iuwsk rasisme. Hitler skreau yn Mein Kampf dat er nei it sjen fan in ortodokse Joad de Joaden fanwegen harren etnisiteit begûn te haatsjen, dêrfoar die er dat inkeld om de religy. Mar Hitler hold him doe neffens de berjochten net sa bot dwaande mei antysemityske saken. Faak kaam er te jûnsiten by Joaden thús en Joadske hannelers besochten om syn keunstwurken te ferkeapjen. [6]

Hitler kin ek beynfloede wêze troch Maarten Luther syn Oer Joaden en har leagens. De Kristallnacht wie op 10 novimber, Luther syn jierdei.

Der wiene in stikmannich Joaden yn Linz. Yn de rin fan de iuwen binne de Joaden dêr Europeesk wurden, se seagen der lyksa út en libben krektlyk as gewoane minsken, dat ik beskôge har as Dútsers. Wêrom’t ik sokke nuvere tinzen normaal fûn, is omdat ik tocht dat it iennichste dat har wat oars makke, it leauwen wie. Meidat se troch harren leauwe ferfolge waarden, krige ik it mier oan dat folk. Ik hie nea tocht dat der soks wêze kinne soe as antisemitisme.

Doe’t ik ris troch de binnenstêd rûn, seach ik in man mei in grutte kaftan oan dy't swart krolle hierlokjes hie. Myn earste tinzen wienen: is dat in Joad? Hy seach der yn alle gefallen net sa út as yn Linz. Doe’t ik stadichoan nei de man dikere en syn skaaimerken opnaam, kaam my yn 'e holle de fraach op: is dat in Dútser?[7]

Hitler sei dat de Joaden de fijân wiene fan it Aryske ras. Hy hold harren ferantwurdlik foar de krisis yn Eastenryk. Ek sosjalisten, bolsjewiken, kommunisten en marksisten wiene, neffens Hitler, de fijân fan it Dútske ryk.

Hitler hie yn de maitiid fan 1913 it lêste guod fan syn heit urven en ferfear nei München. Hy skreau yn Mein Kampf dat er altyd al de langst hie om him yn in echte Dútske stêd nei wenjen te setten. Yn München hied er niget oan boukeunst krigen. Ferhúzje nei München holp him ek om net yn Eastenryk yn militêre tsjinst te gean, mar letter waard er arrestearre troch de plysje. Nei in lichaamlike test (feit is dat er doe 173 sm lang wie) en in twadde test, kaam it Eastenrykske regear ta it beslút dat Hitler net geskikt wie foar de militêre tsjinst en gie er werom nei München. Mar doe’t Dútslân yn de Earste Wrâldoarloch behelle waard, skreau er yn in brief nei Kening Ludwig III fan Beieren, dat er graach yn it Beierske rezjimint woe. Dy oanfraach waard goedkard en Hitler kaam yn it Beierske hear.[8]

Earste Wrâldkriich

Dútslân wie wakker bliid mei it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich en Hitler wie likegoed optein. Yn de Earste Wrâldkriich waard Hitler net as in held sjoen, mar mear as in frjemden-ien. Hy waard ordonnâns, dêr’t er yn nuodlike tastannen post bringe moast nei it westlike rinfuorgefront. De earste kear dat er echt mei de oarloch te krijen hie, wie by de Earst Slach om Ieper. It die bliken dat er gjin bangeskiter wie, dat hy krige dêr ûnderskiedings foar. Foar syn dapperens krige er al yn desimber 1914 it Izeren Krús twadde klasse. Yn de maitiid fan 1918 krige er in Rezjimintsdiploma fanwegen syn dapperens yn de striid tsjin de fijân en yn desimber 1918 krige er it Izeren Krús earste klasse, dat mar in lyts tal soldaten krige hat. Yn 1918 waard Hitler slachtoffer fan in gasoanfal. Hy wie trije moanne lang ferbline troch it gifgas. Ek waard er by Mesen ferwûne oan ‘e foarholle troch in skampskot. Om dy groede te ferbergjen, die er it hier der skean oerhinne. It ynstoarten fan it westlike front troch Amerikaanske yntervinsje en it ôfmêdzjen fan Dútske reserves hat Hitler, dy’t yn it sikehûs fan Pasewalk lei, net meimakke; hy tocht dat it front de fijân wol keare koe. Hitler miende dat it ferlies fan de oarloch de skuld wie fan de sosjalisten, Joaden, kommunisten en republikeinen (ek wol Novemberverbrecher neamd). Alhoewol’t er it poerbêst dien hat as soldaat fan de earste klasse (Dútsk: Gefreiter), waard Hitler nea befoardere. Syn bazen wiene fan betinken dat er net in groep liede koe.

1918 – 1933

Hitler sprekt de Reichstag ta.

Hitler sleat him yn 1919 oan by in lytse politike partij, de Dútske Arbeiders Partij. Al rillegau krige er stipe fan de oare partijleden. Twa jierren letter waard er de lieder fan de partij. Hy feroare de namme fan de partij nei Nasjonaal Sosjalistyske Dútske Arbeiders Partij. Letter bekend as de Nazipartij.

Meidat Hitler sa gau safolle stipe krige, woed er yn 1923 de macht yn Beieren oernimme en letter dy fan de Republyk fan Weimar. Winliken wist Hitler wol dat it net safolle opsmite soe, mar hy wie benaud dat de partijleden faaks nei oare radikalere partijen oergean soene dy’t wol ree wiene om geweld te brûken. De Bierkellerputsch (ek wol: Hitler Putsch of Müncher Putsch) begûn yn in bierhal. Hitler stelde it nije regear foar oan ‘e harkers yn ‘e seal, wylst keppels manlju mei wapens strategyske gebouwen en ynstellings besochten te feroverjen. Ernst Röhm die ek mei oan dy Putsch, mar it plan mislearre en fjirtjin leden fan de partij en fjouwer plysjemannen rekken dea. Hitler waard feroardiele en moast foar fiif jier de finzenis yn, dy fan Landsberch. Nei ien jier, op 20 desimber 1924, mocht er der wer út. Yn ‘e finzenis hied er Mein Kampf (Myn striid) skreaun. Yn dat autobiografyske boek skreau er oer syn bernetiid en syn tiid yn Linz, Wenen en München. Hy joech syn ideëen en tinzen stal en skreau oer syn plannen foar de takomst.

Tredde Ryk

Op 30 jannewaris 1933 waard Hitler as rykskânselier fan de Republyk fan Weimar beneamd troch rykspresidint Paul von Hindenburg. Paul von Hindenburg woe leaver net mei Hitler gearwurkje, mar nei drege petearen mei machtige lju moast er wol. Yn dy tiid kocht Hitler 'Haus Wachenfeld', dat letter de Berghof neamd wurde soe. Paul von Hindeburg stoar op 2 augustus 1934. Hitler oppenearre him as lieder fan it Dútske Ryk en nei it oannimmen fan in nije wet waard Hitler diktator fan Dútslân mei as titel Führer und Reichskanzler.

Twadde Wrâldkriich

Hitler makke yn 1939 in begjin mei de Twadde Wrâldkriich troch Poalen binnen te fallen. It Dútske leger ferovere dêrnei sawat hiel Europa. Yn dy oarloch waarden sa'n 6 miljoen Joaden fermoarde, benammen yn Dútske konsintraasjekampen (ferneatigingskampen).

Yn 1944 wie in groep offisieren it net iens mei it bewâld fan Hitler en syn dwylsinnich belied. Dy groep mei as lieder Claus von Stauffenberg besocht op 20 july 1944 om Hitler te fermoardzjen, mar dy oanslach mislearre.

Oan de ein fan de oarloch wiene hieltyd mear offisieren tsjin Hitler, de measte Führerbefehlen waarden sadwaande net mear útfierd. Op 20 april 1945 hie Hitler syn 56ste jierdei, dat soe ek syn lêste wurde. Doe siet er al yn in bunker yn Berlyn, dêr’t er oant syn dea ta bliuwe soe. Tsien dagen letter die Hitler himsels tekoart. Foar it neiste die er dat mei fergif en hy skeat hast tagelyk himsels en syn frou Eva Braun troch de holle. Acht dagen letter, op 8 maaie 1945, joech Dútslân belies.

Hitler yn fiksje

Film:

Roman:

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. John Toland, Adolph Hitler, siden 12-13.
  2. The Jew of Linz: Hitler, Wittgenstein and their secret battle for the mind (1999)
  3. Bullock, A. Hitler: A Study in Tyranny, 30-31.
  4. Mein Kampf, haadstik II, paragraaf 3)
  5. Mein Kampf, haadstik II, paragraaf 5 & 6.
  6. Hitler's Vienna. A dictator's apprenticeship fan Brigitte Hamann en Thomas Thornton, Oxford University Press, FSA (1 july 1999)
  7. (Mein Kampf, diel 1, haadstik 2: "Years of study and suffering in Vienna")
  8. Shirer, William L., The Rise And Fall of Adolf Hitler c 1961, Random House