[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

George Orwell

Ut Wikipedy
George Orwell
skriuwer
George Orwell (parsefoto)
George Orwell (parsefoto)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eric Arthur Blair
nasjonaliteit Britsk
berne 25 juny 1903
berteplak Motihary, Yndia
stoarn 21 jannewaris 1950 (46 jier)
stjerplak Londen
wurk
taal Ingelsk
sjenre Roman, satire. essay
tema's Dystopy, kaairoman
bekendste
  wurk(en)
Animal Farm, Nineteen Eighty-Four
jierren aktyf 1928–1950

George Orwell (Motihary, 25 juny 1903 - Londen, 21 jannewaris 1950), wiere namme Eric Arthur Blair, wie in Britsk skriuwer em sjoernalist.

Blair waard berne yn Yndia, as soan fan de Skotske Richard en Ida Blair. Doe't er ien jier âld wie naam syn mem him mei nei Ingelân dêr't er op in typysk Ingelske wize grutbrocht waard.

Hy tsjinne fan 1922 ôf fiif jier by de plysje in Birma, oant er it ymperialisme net mear oansjen koe. Yn 1933 keas er it pseudonym George Orwell, in ferwizing nei it Ingelske lânskip: "George" is Sint Joaris, de beskermhillige fan Ingelân; "Orwell" is de rivier de Orwell yn Suffolk, dy't er ien fan de moaiste plakken fan Ingelân fûn. Yn de Spaanske boargeroarloch focht Orwell mei yn de Ynternasjonale Brigade, dêr't er slim ferwûne by rekke.

Yn 1936 troude er mei Eileen O'Shaughnessy. It pear adoptearre in soan, Richard Horatio Blair. Yn dy tiid krige Orwell ek mear súkses as skriuwer, en yn 1944 skreau er syn bêste wurk, Animal Farm ('Bistepleats'), dat yn 1945 útkaam. It boek is in satire, skreaun as in oanklacht tsjin it Stalinisme. Yn datselde jier ferstoar syn frou by in operaasje.

Yn 1948 skreau er it boek dêr't er it meast ferneamd mei wurden is, Nineteen eighty-four ('Njoggentsjin-fjouwerentachtich'). It beskriuwt in takomstige, totalitêre wrâld, dêr't de minske folslein troch de steat oerhearske wurdt. It jiertal "1984" woe net sizze dat Orwell foar dat jier sa'n takomst foarseach; it wie gewoan "1948" mei twa sifers oarsom. It boek kaam út yn 1949. Yn de hjerst fan dat jier troude er op 'e nij, mei Sonia Brownell. Op 21 jannewaris 1950 ferstoar George Orwell oan tuberkuloaze.

Orwell syn wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]