[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Hannes Flesner

Ut Wikipedy
Hannes Flesner
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hannes Flesner
nasjonaliteit Dútsk
berne 8 desimber 1928
berteplak Rahester Moor
stoarn 12 july 1984
stjerplak Leezdorf
etnisiteit Eastfrysk
wurkpaad
sjongtaal Eastfrysk Plat
grutste hit(s) Bottermelk-Tango
Tinkstien foar Hannes Flesner by de Kukelorumslûs yn syn berteplak Aurich-Rahester Moor

Hannes Flesner (yn it Rahester Moor by Auwerk, 8 desimber 1928Leezdorf, 12 july 1984) wie in ferneamd Eastfrysk sjonger en lietsjeskriuwer.

Flesner groeide op yn Bremen, Karlsbad en Lodz. Hy helle syn eksamen oan it Ulrichsgymnasium yn Norden. Yn 1949 krige er wurk by de Ostfriesischer Kurier. Yn 1955 begûn er by de Oldenburger Nordwest-Zeitung en in jier letter foar de ferneamde Bild-Zeitung, dêr't er de jazz en schlagerkollumn foar skreau. Yn 1964 koe er as p.r.-manager by de plateprodusint Philips-Phonogramm oan it wurk. Nei syn kariêre by Philips gong er foar himsels oan it wurk as produsint en makke plaatsjes mei Conny Plank, James Last en Lisa Fitz. Al oan it begjin fan de sechtiger jierren begûn Flesner sels mei it skriuwen fan lieten. Ien fan syn bekendste hits wie de "Bottermelk-Tango" yn it Eastfrysk Plat.

  • Werner Jürgens: Gröön-Bohnen Rock'n'Roll - Leben und Werk des Hannes Flesner (Ostfriese). Leer: JeJo Musikverlag, 2003. ISBN 3-9809-1041-5

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]