[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Krusiging

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer religy‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Krusige slaven.
Skildere fan Fjodor Andrejewitsj Bronnikow
Krusiging fan 26 kristenen yn Nagasaky op 5 febrewaris 1597

Krusiging is in metoade om ien dea te dwaan; it slachtoffer wurdt fêstbûn of fêstspikere oan in krús en bliuwt hingjen oant de dea troch fersmoaring en of útdrûgjen folget.[1]

Yn it Romeinske ryk waarden benammentlik net-Romeinen en opstannige slaven krusige, bygelyks de tûzenen oanhingers fan Spartakus en Jezus fan Nazaret dy't sels ek krusige waard.

Krusigingen binne hjoeddeisk seldsum. Nearne yn de wrâld is it noch in offisjele straf. Somtiids wurdt krusiging yn in oarloch tapast. Yn Kambodja binne finzenen krusige ûnder it bewâld fan de Reade Khmer tusken 1975 en 1979.

Op de Filipinen krusigje guon katoliken harren frijwillich (symboalysk) op Goed Freed, om it lijen fan Jezus Kristus te ûnderfinen.

Yn Syrië en Irak wurde tsjinstanners fan de IS wol krusige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel fan prof Bob Smalhout