[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Karma

Ut Wikipedy

Karma (Sanskryt) (Pāli: Kamma) is in begryp út it hindoeïsme en it boedisme, en hâldt yn it idee dat alles dat wy dogge, tinke en sizze wer by ús werom komt. It is gearrin fan omstannichheden mei oarsaak en gefolch en wurdt wol sjoen as in natuerwet. Der wurdt lykwols fanút gien dat der net in God is dy't fuortendaliks straft, mar dat yn de natuer sels in soartemint meganisme oanwêzich is dy't soarget foar evenwicht. Dat evenwicht siket de natuer út himsels. In goede died jout fan natoere in goed gefolch, en minne (kweade) hannelingen hawwe net plezierige gefolgen as resultaat.

As begryp is karma yn it westen yntrodusearre troch de teosofy en spilet fral yn de út de teosofy fuortkommende antroposofy in wichtige rol.

Fryske siswizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Frysk komt "karma' ta útdrukking yn siswizen as:

  • Dy't nachts fisket, moat deis netten drûgje
  • Dêr't men mei omgiet, wurdt men mei neamd
  • Moarns let, de hiele dei let