[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Kanon fan de Fryske skiednis

Ut Wikipedy
Edzard de Grutte, nûmer 9 op de Kanonlist.
Menno Simons, nûmer 12 op de Kanonlist.
Mata Hari, nûmer 26 op de Kanonlist.
De Ofslútdyk, nûmer 30 op de Kanonlist.
It toerisme op it Waad is nûmer 37 op de Kanonlist.

De Kanon fan de Fryske skiednis, of Kanon fan Fryslân, is in list fan 41 ûnderwerpen yn it ramt fan de skiednis fan Fryslân. Meiïnoar moatte de ûnderwerpen in folsleine gearfetting fan de Fryske skiednis foarmje. De kanon waard op 11 novimber 2008 presintearre en oan deputearre fan de provinsje Fryslân, Jannewietske de Vries oanbean.

It plan ta it opsetten fan in Fryske kanon komt fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. De ûnderwerpen binne gearstald troch in ûnôfhinklike kommisje dy't ûnder lieding stie fan professer dokter Goffe Jensma. De provinsje wol mei dizze kanon de learlingen en dosinten fan it basis- en it fuortset ûnderwiis yn Fryslân middels oanbiede om by it skiednisûnderwiis te brûken.

Underwerpen fan de Kanon fan de Fryske skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 41 ferskate ûnderwerpen útkeazen dy’t yn de Fryske Kanon foarkomme. De ûnderwerp kinne minsken wêze, mar ek guod, barren of oare saken dy't mei de skiednis fan Fryslân te krijen hawwe. Stik foar stik foarmje de ûnderwerpen in haadstik yn de Fryske skiednis. De haadstikken binne:

Underwerp Omskriuwing Tiidrek
1 De ko De komst fan boeren en kij Om-ende-by 3400 foar Kristus
2 De Hludana-stien Yn kontakt mei de Romeinen 12 foar Kristus oant 400
3 Hegebeintum Fryslân yn terpetiid Om-ende-by 600 foar Kristus oant 1000 nei Kristus
4 Skippers en keaplju De bloeitiid fan de hannel 450-1200
5 Redbad en Bonifatius In heidenske kening en in kristlike martler 689-754
6 Fryslân as kleasterlân De gloarje fan de kleasters 1100-1580
7 De Fryske frijheid Leaver dea as slaaf 1250-1498
8 It Aldfryske rjocht Fan Lex Frisionum oant Alde Druk 800-1504
9 Edzard Sirksena Bouwer fan in Fryske steat 1462-1528
10 Grutte Pier Frijheidsheld of barbaar Om-ende-by 1480-1520
11 De Aytta’s Friezen yn foarstetsjinst 1499-1577
12 Menno Simons De doperske reformaasje yn Fryslân 1496-1561
13 Wetter Swiet en sâlt, freon en fijân 600 foar Kristus – no
14 De kalkulearjende boer It rekkenboek fan Rienck Hemmema 1569-1573
15 De Universiteit fan Frjentsjer Transformatorhúske fan leardens 1595-1843
16 Gysbert Japix Sljocht en rjocht 1603-1666
17 Anna Maria van Schurman Leard en leauwend 1607-1678
18 Sikko fan Goslinga Ealman, regint, diplomaat 1661-1731
19 Maria Louise fan Hessen-Kassel De Nassaus yn Fryslân 1688-1765
20 Eise Eisinga Wenje yn in planetarium 1744-1828
21 Fan republyk nei ienheidssteat Eardere frije Friezen 1780-1813
22 Joast Hiddes Halbertsma 'Mister Fryslân' 1789-1869
23 It Oera Linda Boek It mystifisearre Fryslân 1867
24 Domela en Piter Jelles Earmoede en garisma 1880-1900
25 Nei it ‘lân fan dream en winsken’ Emigraasje nei de Feriene Steaten 1845-1914
26 Margaretha Geertruida Zelle Mata Hari 1876-1917
27 It gouden earizer Materiële kultuer en Fryske identiteit 1840-1900
28 Bûter De Fryske AEX-yndeks 0-no
29 Douwe Kalma Fryslân en de wrâld 1896-1953
30 De Ofslútdyk Fryslân ferbûn mei Hollân 1932
31 Titus Brandsma In roomske Fries 1881-1942
32 Molkstaking Staken wie noch nea sa gefaarlik 1943
33 Abe Lenstra In Fryske sportheld 1920-1985
34 Kneppelfreed Taalstriid mei wapenstôk en wetterkanon 1951
35 De Alvestêdetocht Karnaval op it iis 1909-1997
36 Hendrik Algra De emansipaasje fan 'de kleine luyden' 1920-1950
37 Toerisme op it Waad Utwaaie op in eilân 1800-no
38 De ruilferkaveling De ynfloed fan in Frysk foarbylddoarp Twadde helte 20ste iuw
39 Yndustrialisaasje Swiertepunt ferskoot nei de Wâlden 1949
40 Gerrit Benner In Ljouwerter skilder en syn Fryske lânskip 1897-1981
41 It Frysk It ferhaal fan in taal Sirka 600 nei Kristus - no

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]