[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Eise Eisinga

Ut Wikipedy
Eise Eisinga
Eise Eisinga troch Willem Bartel van der Kooi, 1827
Eise Eisinga troch Willem Bartel van der Kooi, 1827
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 febrewaris 1744
berteplak Dronryp
stoarn 27 augustus 1828 (84 jier)
stjerplak Frjentsjer
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt wolkjimmer
aktyf as amateur-astronoom
bekendste
  wurk(en)
Eise Eisingaplanetarium

Eise Eisinga (Dronryp, 21 febrewaris 1744 - Frjentsjer, 27 augustus 1828) wie in wolkjimmer, amateur astronoom en skepper fan it planetarium yn Frjentsjer. Njonken dat hat er noch ferskate funksjes yn Frjentsjer hân.

Eisinga waard berne as de soan fan in wolkjimmer. Hoewol't er heechbejeftige wie, mocht er net nei it gymnasium. Hy krige ûnderwiis fan syn heit, dy't in soad niget hie oan wiskunde en stjerrekunde. Doe't Wytze Foppes Dongjuma in wichtige astronomyske waarnimming die, wie hy dêrby oanwêzich. Op syn fyftsjinde joech er sels in wiskundeboek út fan goed 650 siden. Op syn sechtjinde joech er in boek út oer de grûnslaggen fan de astronomy. Ek syn broer Stephanus Jeltes wie ynteresseare yn wis- en stjerrekunde.

It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer.

Eisinga waard wolkjimmer. Lang waard tocht dat er mar in frij earme ambachtsman wie, mar yn 2018 kaam troch ûndersyk fan 'e histoarisy Arjen Dijkstra en Samuel Gessner oan it ljocht dat er tsientallen froulju oan it wurk hie en syn produkt net inkeld ferkocht foar de Fryske merk, mar ek eksportearre nei de Feriene Steaten.[1] Hy bekwaamde him yn de tiid dy't er oer hie troch selsstúdzje oan de Frjentsjerter Akadeemje yn de wiskunde en de astronomy. Troch heechlearaar en fysikus J. H. van Swinden, in patriot waard hy stipe. Eizinga ferdjippe him yn sinnewizers, en publisearre in boek mei tekeningen fan sa'n 150 sinnewizers. Op 24-jierrige leeftyd boaske hy mei Pietje Jacobs, dêr't hy twa soannen mei krige.

Eisinga wie patriot en krige in konflikt mei de fan de prins oertsjûge skutterij, dat hy moast yn 1787 flechtsje. Hy gie nei Dútslân, mar doe't er hearde dat syn wiif stoarn wie en der beslach op syn hûs lein wie, fêstige er him as wolkjimmer yn Fisfliet. Yn 1791 waard er dochs noch oppakt en foar fiif jier út Fryslân ferballe. Hy wertroude mei Trijntje Eelkes Sickema út Fisfliet en kaam earst nei de omkearing fan 1795 werom yn Frjentsjer.

Het planetarium
It Eise Eisinga-monumint yn Frjentsjer.
It boarstbyld fan Eise Eisinga yn Dronryp.

Hy waard lid fan it Frysk Provinsjaal Bestjoer yn de Bataafske Republyk en advisearre in oantal kommisjes, û.o. om twa rjochters te ôf te setten nei it Kollumer Oproer. Eisinga waard bûtengewoan heechlearaar oan it Frjentsjer Akadeemje, oant dy yn 1811 op last fan Napoleon sletten waard. Hy waard beneame as broeder fan de Oarde fan de Nederlânske Liuw, jn ûnderskieding dêr't ek in lyts ynkomen oan ferbûn wie. Eisinga ferstoar op 84 jierrige leeftyd en hat in testamint neilitten dêr't er de wurking fan syn planetarium yn beskreau.

Doe't op 8 maaie 1774 Merkurius, Fenus, Mars, Jupiter en de Moanne gearkamen, skreau de Ljouwerter Krante oer in boekje dat foarsei dat dy gearstân de ein fan de wrâld wêze soe. Dêr kaam panyk fan, dat Eisinga woe de lju fan Frjentsjer sjen litte krekt wat in gearstân fan planeten wie. Hy begûn de bou fan in planetarium yn syn hûs.

It planetarium waard sa grut dat Eisinga it yn syn hûs ynboude. Yn 1781 wie er ree mei de bou. Sûnt dy tiid jout it planetarium de stân fan de planeten oan. It hûs waard yn 1826, foar syn dea, kocht troch it ryk, en is no it Eise Eisinga Planetarium. It planetarium rint hieltiid noch.

Eise Eisinga is as ien fan de 50 tema's opnomd yn de Kanon fan de Nederlânske skiednis fan de kommisje-Van Oostrom. Teffens is er opnaam yn de Kanon fan de Fryske skiednis en yn Frjentsjer stiet in monumint ta syn neitins. De skriuwer Piter Terpstra hat in roman oer it libben fan Eise Eisinga skreaun mei de titel Wolken en stjerren en Willem Bartel van der Kooi hat syn portret skildere.

Eise Eisinga waard yn 1744 berne en yn 1828 is hy in pear hûndert meter fierderop begroeven op it begraafplak fan d'Alde Wite yn it doarp. En sûnt doe lûkt syn grêf in soad besikers nei it doarp. Mar dy kamen bytiden mei klachten. En sadwaande gie it doarp op syk nei jild foar in opknapbeurt. En mei tank oan inkelde fûnsen koe al gau restaurateur Hindrik Heerschop út Ysbrechtum oan de slach. Hy hat de stien, en benammen de tekst op de stien, flink ûnder hannen naam.Op syn grêfstien stiet in harsenkreaker oer wannear't syn heit stoar en hoe âld oft hy doe wie: syn stjerjier plus syn leeftiid doe't hy stoar is 1854. En in kwart fan dy leeftiid fermannichfâldige mei syn stjerjier is 31120.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vogelzang, Elizabeth, "Arme" wolkammer Eise Eisinga blijkt internationaal zakenman, yn: de Ljouwerter Krante, 5 novimber 2018, s. 2.