[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Katedraal fan Naga

Ut Wikipedy
Metropolitane katedraal en Parochy fan Sint-Jehannes de Evangelist
Catedral Parroquia Metropolitana de San Juan Evangelista
Lokaasje
lân Filipinen
plak Naga
koördinaten 13° 37'N 123° 11'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Evangelist Jehannes
Arsjitektuer
boujier 1808-1843
Kaart
Katedraal fan Naga (Filipinen)
Katedraal fan Naga

De Metropolitane Katedraal fan Naga (offisjeel: Catedral Parroquia Metropolitana de San Juan Evangelista; Metropolitane katedraal en Parochy fan Sint-Jehannes de Evangelist) is in roomsk-katolike katedraal yn 'e stêd Naga yn 'e provinsje Camarines Sur op 'e Filipinen. It is de sit fan it aartsbisdom Caceres.

De earste tsjerke waard fuort boud nei de stifting fan it doedestiidske bisdom Caceres in 1595. Om't de âlde katedraal yn 1768 ôfbaarnde, waard yn 1808 útein set mei de bou fan in nije katedraal. De yn 1843 ynwijde katedraal rekke yn oktober 1856 skeind troch in tyfoan, mar waard neitiid yn 'e jierren 1862-1879 restaurearre.

De skea fan 'e ierdskodding fan 1887 waard yn 1890 wer ferholpen. De lêste restauraasje fan de katedraal datearret fan 1987-1988.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: