[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ferpyldering

Ut Wikipedy

Ferpyldering is in sosjologysk begryp, wêrmei't doeld wurdt op de fertikale struktuer yn de mienskip, basearre op ien of mear libbensskôgjende karakteristiken. De term hat meastentids in negative byklank en wurdt dan brûkt troch dyjingen dy't de organisaasje fan maatskiplike struktueren op grûn fan libbensskôging net sa winslik achtsje. In tsjinsteld begryp, Untpyldering wurdt brûkt foar it ôfbrekken fan 'e âlde pylders, dat fan 'e 1980-er jierren ôf plakfûn.

Pylders yn de maatskippij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

'Ferpyldering' is in begryp dat ûnder oaren yn Nederlân en Belgje brûkt wurdt, mar it model kin ek op in soad oare lannen tapast wurde. It doel fan de ferpyldering is om in tige ferdielde mienskip, sa as yn it Nederlân fan yn de earste helte fan de 20e iuw, by inoar te hâlden. Dat barde dêr oan de iene kant troch in beskate foarm fan skieding tusken de befolkingsgroepen, oan de oare kant troch gearwurking fan de eliten oan de top. De skieding krige stal trochdat eltse pylder syn eigen tsjerke, omrop, krante, stânsorganisaasje, fakbûn, politike partij, wenningbouferiening, scoutinggroep, skoallen, sikehûs, sportferienings en sels winkels en bedriuwen hie. Foar mids 20e iuw wie dy situaasje sa frappant, dat bygelyks guon Nederlânske winkelbedriuwen in foarkar foar personiel fan in beskate tsjerke hienen. Dat late ta grutte kulturele ferskillen, net alline yn de stêden, mar ek op parten fan it plattelân, risseltearjend dat hiele befolkingskloften dy't neist inoar libben sûnder in protte kontakt te hawwen. Tagelyk waard troch it ferpylderingssysteem oan de iene kant, mar it wol gearwurkjen oan de top oan de oare kant, ek in soad maatskiplike spanning foarkaam.

Yn de 19e iuw wie der al in oanset ta ferpyldering makke mei de emansipaasje fan de katoliken en grifformearden. In hichtepunt waard berikt by de diskusje om it algemien kiesrjocht en de saneamde skoallestriid, dy't harren beslach krige yn de jierren om 1917 hinne. Begjin 20e iuw ferrûn ek de ûntjouwing fan de moderne sûnenssoarch en de sosjale wenningbou meast fia linen fan ferpyldering.

Nederlânske situaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It slagget net altyd en beskriuw de pylders sekuer. Yn alle gefallen kin der in protestantsk-kristlike, in roomsk-katolike en in sosjalistyske pylder ûnderskaat wurde. Ek wie der dúdlik in 'liberale' of 'algemiene pylder', alhoewol't guon liberalen fan betinken binne dat der nea in liberale pylder west hat; de liberalen wienen nammentlik tsjin de ferpyldering.[1] De earste tekens fan it ôfbrokkeljen (ûntpyldering) wiene efternei besjoen al te sjen west yn de jierren 1950, mar benammen yn de twadde helte fan de jierren 60 sette it troch. Hjoed-de-dei is de ferpyldering sa goed as oer, hoewol't der noch wol wat 'oerbliuwsels' besteane, sa as it grutte ferskaat oan omroppen en it fuortbestean fan strang reformatoaryske doarpen. Guon miene dat beskate Nederlânske moslims der bewust foar kieze om harren werom te lûken yn in eigen pylder. Guon sjogge dat sels as in emansipatôre stap, oaren fine dat in heilleaze wei.

De neifolgjende tabel lit de wichtichste organen fan eltse pylder sjen.


  Protestantsk-kristlik Roomsk-Katolyk Sosjalistysk Liberaal/neutraal
Eardere politike partij ARP (1879-1977; grifformeard)

CHU (1908-1977; herfoarmd)

RKSP (1926-1945)

KVP (1945-1977

SDAP (oant 1945)
VDB (oant 1946; lofts-liberaal)

LU (oant 1921; klassyk liberaal)

Frije Liberalen (oant 1921; konservatyf liberaal)

LSP/Frijheidsbûn (1921-1945)

PvdV (1946-1948)

Hjoeddeiske politike partij SGP (fan 1918 ôf) (bevindelijk grifformeard)

Kristen Demokratysk Appel CDA (fan 1977 ôf) (oekumenysk)*

KristenUny (fan 2000 ôf) (ortodoks-protestantsk / evangelysk)

Christen-Democratisch Appèl CDA (fan 1977 ôf) (oekumenysk) PvdA (fan 1945 ôf)

SP

VVD (fan 1948 ôf)

D66 (progressyf liberaal)

Omrop NCRV (otterdoks-grifformeard)

EO

KRO VARA AVRO

VPRO (frijsinnich-protestantsk)

Fakbûn CNV

NWV Patrimonium (grifformeard)

NKV (oant 1976; FNV) NVV (oant 1976; FNV) ANWV
Krante De Standaard (grifformeard)

Trouw (grifformeard)

Friesch Dagblad (grifformeard)

Kwartetblêden (yn 1971 fusearre mei Trouw; grifformeard): De Rotterdammer, de Nieuwe Haagsche Courant, de Nieuwe Leidsche Courant en it Dordtsch Dagblad

De Maasbode (opgien yn De Tijd)

De Tijd (mei de HP)
Katholiek Nieuwsblad

regionale RK kranten

Het Vrije Volk Nieuwe Rotterdamsche Courant en Algemeen Handelsblad (tegearre mei NRC Handelsblad)

De Telegraaf

Krúsferiening Oranje-Griene Krús Wyt-Giele Krús Griene Krús
Underwiis School met den Bijbel /

protestantsk-kristlik ûnderwiis

Roomsk-Katolyk ûnderwiis Iepenbier ûnderwiis
Oars Frije Universiteit (grifformeard) KUN (no Radboud Universiteit Nijmegen)

Katholieke Hogeschool Tilburg (no Universiteit fan Tilburch)

Ryksuniversiteiten

* Oekumenysk betsjut hjir: stribje nei mear ienheid tusken roomsk-katoliken en protestanten.

Fuort nei de Twadde Wrâldkriich ûntstie, sawol yn liberale, as sosjaal-demokratyske, kommunistyske, katolike en protestantsk-kristlike rûnten, grutte twivels oer de ferpylderings. Dat wifeljen hie te krijen mei de gearwurking oer de grinzen fan de pylders yn it ferset tsjin de Dútsers yn de Twadde Wrâldkriich. Der waard in ienheidspartij oprjochte, de Nederlandse Volksbeweging, dêr't eltse progressive, konfesjoneel as net, him by jaan koe. De Nederlandse Volksbeweging wie grûnfêste op it persoanalistysk-sosjalisme, dat sterk tsjin autoritêre ideeën wie. Dat wurdt de Doorbraak-gedachte neamd. Dat trochbrekken waard lykwols neat troch tsjinwar fan de Nederlânske biskoppen, en de Folksbeweging bliek in deaberne berntsje te wêzen. Guon katoliken giene op persoanlike titel, mei de lytse, progressive en pasifistyske Kristen Demokratyske Uny en de liberale partij VDB, de fúzje oan mei de SDAP, en foarmen doe sa de PvdA. Dat, de PvdA is yn syn wêzen in wiere trochbraak-partij. De biskoppen fan Nederlân fersetten harren lykwols no ek, dellein yn it Mandemint fan 1954. Trochdat de lju fan de âlde SDAP de oerhân yn de PvdA hienen, en troch it ûntbrekken fan in sterk kontingint konfesjonelen, hong men dêr ek oer nei de idealen fan de âlde SDAP.

  • Verzuiling, pacificatie en kentering in de Nederlandse politiek. Arend Lijphart (standertwurk oer ferpyldering yn Nederlân)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. K.J. Dijkstra, Verborgen verhoudingen. Relaties tussen de liberale politiek en journalistiek ten tijde van de verzuiling, Jaarboek Documentatiecentrum Nederlandse Politieke Partijen (DNNP) 1998, s. 258-276. Online: Artikel Dijkstra. Yn dat artikel wurdt ferwiisd nei: A. Lijphart, Verzuiling, pacificatie en kentering in de Nederlandse politiek, Haarlim, 1980 (8ste printinge), s. 74. Lijphart hat it dêr oer pylderfoarming troch de liberalen "niet zozeer omdat ze het zelf wensten, maar omdat ze er door de andere zuilen toe werden gedwongen". Neffens Dijkstra wolle oare ’verzuilingsspecialisten’ sels hielendal neat witte fan in aparte liberale pylder.