[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Frysk Deiblêd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Friesch Dagblad)
Frysk Deiblêd
Friesch Dagblad
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
sjenre krante
frekwinsje 1x deis
bestean 1903 – no
plak haadred. Ljouwert (Fryslân)
útjouwer NDC Mediagroep
oplaach 10.658 (2016)
offisjele webside
www.frieschdagblad.nl

It Frysk Deiblêd (Nederlânsk en offisjeel: Friesch Dagblad) is in kristlike krante dy't yn Fryslân, it Grinslânske Westerkertier en yn de Noardeastpolder ferskynt. It FD of Deiblêd, sa't it ek wol neamd wurdt, wie oant 2013 it lytste selsstannige regionale deiblêd yn Nederlân.

De earste krante kaam yn 1903 fan de parse. De krante wie rjochte op it grifformearde anti-revolúsjonêre fermidden, krektas yn dy tiid "De Standaard" en nei de oarloch Trouw. It Frysk Deiblêd hat dat karakter sterker hâlden as Trouw, al is it lêzerspublyk no breder wurden.

In foarbyld dêrfan is de sport op snein. De krante stie der lange tiid bekend om dêr gjin omtinken oan te jaan, mar dat is al jierren net mear sa. It Friesch Dagblad past him by de ûntjouwingen yn de maatskippij oan, en ek sneins wurdt troch redakteuren wurke. Sa bliuwt de krante krektas de oare kranten aktueel.

Op it stuit dat yn de Twadde Wrâldoarloch kranten yn Nederlân sensuerearre waarden, ferskynde it Frysk Deiblêd net mear. Nei de oarloch is de tried wer op pakt.

It Frysk Deiblêd wurdt bestjoerd troch in feriening fan lêzers, mar hat ek in stik of wat kommersjele BV's dy't soargje foar de nedige ynkomsten. De krante hat in eigen printparse en is redaksjoneel folslein ûnôfhinklik. Haadredakteur wie fan 2006 oant yn april 2017 Lútzen Kooistra. Dêrnei wie Hildebrand Bijleveld de haadredakteur. Ria Kraa is, nei in ynterim-perioade begin 2018 tegearre mei Jitske Leidelmeijer, sûnt 1 desimber 2018 de haadredakteur.[1]

Njonken de krante fan alledei hat it Friesch Dagblad noch in tal oare produkten, benammen wykblêden, ûnder oaren it Het Goede Leven, dat yn it hiele lân ferskynt. Dan hat it Deiblêd in stikmannich tsjerkeblêden, sa as it Christelijk Weekblad (lanlik), Kerk in Stad (foar Grins), Kerkblad van het Noorden en 'Geandewei' (Fryslân). In nij ynisjatyf is de Startkrant, ek in kristlik blêd, dat fjouris it jier ferskynt en fergees ferspraat wurdt.

Ein 2008 kaam it Friesch Dagblad teffens mei it bieden fan in mobile tillefoantsjinst, nammentlik Skilje en hat de krante in webwinkel, fd-extra neamd.

Yn 2013 stie it Friesch Dagblad op de râne fan in fallissemint. Op 1 july 2013 waard de krante foar it symboalyske bedrach fan 1 euro oernaam troch de NDC mediagroep, de útjouwerij dy't de krante drukt, om sadwaande foar te kommen dat it fallissemint ek gefolgen krije kinne soe foar de útjouwerij.[2]

Friezen kinne oars as lêzers yn oare provinsjes kieze út twa regionale deiblêden. It oare regionale deiblêd is de Ljouwerter Krante (Leeuwarder Courant) .

Meiwurkers en âld-meiwurkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Totaal betelle oplage neffens HOI, Ynstitút foar Media Auditing:

  • 1998: 21.140
  • 2002: 21.628
  • 2003: 20.861
  • 2010: 13.409
  • 2016: 10.658
  • 2017: 10.424[3]
Trochsneed fersprate oplage fan it Friesch Dagblad tusken 2001 en 2017

Cijfers volgens HOI, Instituut voor Media Auditing[4]

  • Klaas de Jong Ozn.: Zij zullen het niet hebben. De Geschiedenis van het Friesch Dagblad. Deel I 1903-1935, Kok, Kampen 2003
  • Jan van de Plasse: Kroniek van de Nederlandse dagblad- en opiniepers. Red. Wim Verbei, Otto Cramwinckel Utjouwer, Amsterdam 2005, ISBN 90-75727-77-1.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://frieschdagblad.nl/2018/11/16/ria-kraa-wordt-hoofdredacteur-friesch-dagblad
  2. NDC Media Groep neemt Friesch Dagblad over, RTV Noord 1 july 2013
  3. [1] Oplagesifers NOM 2017. Sjoen op 19 maaie 2018.
  4. Dagbladen Mediamonitor