[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Falun

Ut Wikipedy
Falun
Bestjoer
Lân Sweden
Provinsje Dalarnas län
Gemeente Falun
Sifers
Ynwennertal 38.749 (2020)
Oerflak 27,17 km²
Befolkingsticht. 1534 / km²
Hichte 110 m
Offisjele webside
www.falun.se (dú) (in)

Falun is in plak yn de gemeente Falun yn it lânskip Dalarna yn Sweden, yn de provinsje Dalarnas län, dêr't it ek de haadstêd fan is.

De rivier de Faluån rint troch de stêd. Noardwestlik leit de mar Varpan en súdeast fan de stêd de gruttere mar Runn.

Falun is ferneamd fanwege it Myngebiet fan de Grutte Koperberch, dat op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO stiet. Hoewol't de myn sels net mear yn bedriuw is, is Falun nog altyd in yndustrystêd fan belang.

De kopermyn yn Falun

Al yn de 11e iuw wienen boeren dwaande mei it winnen fan koper dêr't it gebiet sa ryk oan is. Troch it koper hawwe de Sweedske keningen yn de 17e en 18e iuw tal fan fjildtochten finansierje kind. Ein 17e iuw sette de delgong fan de koperdollerij al yn en yn 1992 waard dermei opholden. Doe wie der sa'n heal miljoen kilo fan wûn. Troch de mynbou is der in gongestelsel fan wol 80 km lingte.

De houtyndustry is foar de mynbou yn it plak kaam. Fral doe't Falun oan it spoar kaam te lizzen, koe dy yndustry him goed ûntjaan. Fierders is Falun in sintrum foar nasjonale en ynternasjonale wintersportwedstriden.