[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fún

Ut Wikipedy
Plak fan Fún yn Denemark
Egeskov Slot op Fún

Fún (Deensk: Fyn) is Denemarks tredgrutste eilân, mei in gebiet fan 2.984 km², en mei 482.410 ynwenners (sifer fan 2008), Fún leit tusken de Súdfúnske Eilânsee, de Lytse Belt, it Kattegat, de Grutte Belt en de Lundeboarchbelt. Neist Fún lizze Langelân, Tureach, Tâsinge, Ebbeleach, Erreach en noch sa'n 90 oare lytse eilannen. Fún heart by de regio Súddenemark.

Stêden op Fún, op folge fan ynwennertal:

Fúns heechste punt is Frøbjerg Bavnehøj mei 131 meter.

Fúnske dialekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De spraak fan Fún is opdield yn Westfúnsk en Eastfúnsk. Mar der is - of wie - ferskil op koarte ôfstân, bygelyks tusken de ferskate doarpen, en sels ferskillen tusken de strjitten fan Odense.

Oars as by it standert-Deensk hawwe Fún en de eilannen deromhinne noch trije grammatikale slachten. It manlike slacht wurdt oanjûn mei ei en -i: ei mar, mar'i, ei post, posti, ensafuorthinne (man, post). Froulike is dat en en -en: En sol, solen, en kone, konen ensafuorthinne (sinne, wiif). Unsidich is dat: et en -et: et sav, savet, et tallerken, tallerknet, ensafuorthinne (seage, board).

De taalgrins fan de Deenske stop rint ek oer it eilân, dat op in part fan it eilân wurdt al in stop brûkt, en op in oar part net.

Ferneamde Fúnsters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]